Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels (Chicago)

De Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels (Ingelsk: (Church of) St. Mary of the Angels; Poalsk: Kościół Matki Boskiej Anielskiej) is in tsjerkegebou yn 'e wyk Bucktown fan 'e Amerikaanske stêd Chicago. It gebou makket diel út fan it Roomsk-Katolike Aartsbisdom Chicago en waard tusken 1914 en 1920 oplutsen foar in kongregaasje dy't benammen út Poalske ymmigranten bestie.

Tsjerke fan de Hillige Marije
fan de Ingels
St. Mary of the Angels
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1850 N. Hermitage Avenue
koördinaten 41°54′57″ N 87°40′17″ W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Aartsbisdom Chicago
Arsjitektuer
arsjitekt Worthmann and Steinbach
boujier 19141920
boustyl renêssansisme
hichte 38 m (koepel)
Webside
www.sma-church.org
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels (Chicago)
Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels
Lokaasje yn Chicago.

Skiednis bewurkje seksje

De parochy fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels waard yn 1899 stifte troch pastoar Vincent Barzynski fan 'e parochy fan 'e Hillige Stanislaus Kostka, dat de âldste Poalske parochy fan Chicago is. De nije parochy wie bedoeld om it grutte tal Poalske ymmigranten te betsjinjen dat him nei wenjen set hie yn 'e wyk Bucktown ("Bokstêd"; sa neamd om't de iere bewenners hast allegear wol ien of mear geiten hiene). It Roomsk-Katolike Aartsbisdom Chicago kocht foar $60.000 twa stedsblokken oan by de krusing fan Hermitage Avenue en Cortland Street. It iene wie bedoeld om in tsjerke te setten en it oare om in skoalle te bouwen.

De earste pastoar fan 'e nije parochy, Francis Gordon, lei de hoekstien fan it skoallegebou op 2 july 1899 op it adres 1810 North Hermitage Avenue. It waard in gebou fan trije ferdjippings yn 'e renêssansistyske styl, ûntwurpen troch arsjitekt Henry J. Schlacks. De bou koste $65.000. Yn 'e kelder wiene keamers foar it belizzen fan gearkomsten, in gymseal en in harkseal. Op 'e begeane grûn waarden tolve klaslokalen makke, en de earste ferdjipping tsjinne tydlik as tsjerke, wylst de wenfertrekken fan 'e preesters op 'e souder húsfêste wiene. De ynwijing fan it gebou waard ferrjochte troch monsênjeur Patrick Augustine Feehan, de aartsbiskop fan Chicago, yn oanwêzigens fan boargemaster Carter Harrison jr. en 20.000 oaren.

 
Sydoansjoch fan 'e tsjerke.

De skoalle, dy't beävensearre waard troch fjouwer nonnen fan 'e Oarder fan 'e Weropstanning, gie iepen op 15 febrewaris 1900, en hie doe 425 learlingen. Tsjin 1925 wie dat oantal omheechgien oant 1.099 learlingen, dy't ûnderrjochte waarden troch 22 nonnen. Yn in nij gebou, op 1850 North Hermitage Avenue, waarden yn 1905 de novisen fan 'e nonne-oarder ûnderbrocht. Yn 1915 waard it novisiaat ferhuze nei Norwood Park, wêrnei't yn it frijkommen gebou yn 1917 in kres fêstige waard, dêr't de bern fan wurkjende memmen opfongen en fersoarge waarden troch de nonnen.

Yn 1909 sette pastoar Gordon útein mei it meitsjen fan plannen foar de bou fan 'e langferwachte tsjerke. Hoewol't it tariedend bouwurk al op 28 septimber 1911 úteinsette, waard de earste stien offisjeel pas lein op 2 augustus 1914. De bou fan 'e tsjerke waard opholden troch ferskate swierrichheden, wêrûnder stakings fan 'e boufakkers, de Earste Wrâldoarloch en in tekoart oan boumateriaal. Sadwaande waard de bou útsmaard oer in perioade fan acht jier en acht moannen. Yn 'e tuskentiid kaam yn july 1912 de pastorij ree, op it adres 1825 North Wood Street. Uteinlik waard de bou fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels yn it foarjier fan 1920 einlings foltôge, wêrnei't it gebou op 30 maaie fan dat jier ynwijd wurde koe troch aartsbiskop George Mundelein. De bou koste $400.000 (yn jild út 1920), dat foar in grut part opbrocht waard troch de leden fan 'e parochy sels.

Tsjin dy tiid wie de parochy sa hurd yn ledetal oanwoeksen dat it (mei goed 1.200 húshâldings) al yn septimber 1912 de grutste roomske parochy fan Chicago wurden wie. (Ta ferliking: de deunby fêstige, etnysk Ierske Annunciation-parochy omfieme yn 1916 mar 150 húshâldings.) Yn 'e 1920-er jierren groeide de parochy fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels nei in hichtepunt fan 1.600 húshâldings, wylst der doe 1.200 learlingen nei de parochyskoalle giene. Doe't lykwols nei de Twadde Wrâldoarloch de Kennedy Expressway dwers troch Bucktown hinne oanlein waard, wêrfoar't in oansjenlik tal huzen sloopt wurde moast, rûn it ledetal fan 'e parochy werom. Yn 1960 wie ek it tal learlingen oan 'e parochyskoalle mei in trêdepart ôfnommen. Yn 1978 besleat it aartsbisdom om 'e sieltôgjende Annunciation-parochy op te heffen. De leden waarden ferdield ûnder omlizzende parochys en de argiven waarden oerbrocht nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels. Yn jannewaris 1991 waard de lieding oer de parochy fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels troch aartsbiskop Joseph Bernardin oerdroegen fan 'e Kongregaasje fan 'e Weropstanning oan it Preesterlik Genoatskip fan it Hillich Krús, dat ûnderdiel útmakket fan it bekendere Opus Dei.

Arsjitektuer bewurkje seksje

Krekt as in stikmannich oare 'Poalske' tsjerken yn 'e saneamde Poalske katedralestyl (lykas de Basilyk fan de Hillige Josafat yn Milwaukee en de Tsjerke fan it Unbesmodzge Hert fan Marije yn Pittsburgh) waard it ûntwerp fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels troch it arsjitekteburo Worthmann and Steinbach basearre op 'e Sint-Piter yn Rome. It gebou wurdt beskôge as ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e roomske renêssansistyske boustyl yn 'e Feriene Steaten.

De tsjerke is in ymposant bouwurk, oplutsen út reade bakstien, mei twa tsjerketuorren njonkeninoar, dy't de haadyngong flankearje. It gebou is 70 m lang en 38 m breed, en beslacht mei omlizzende plantsoenen en in eigen parkearterrein in hiel stedsblok. De efterein fan 'e tsjerke is oerdutsen troch in grutte koepel, dy't fan 'e flier oant it plafon 38 m heech is. It oargel, makke troch W.W. Kimball, waard yn 1923 tafoege, en koste $23.750. Yn 1962 waard it restaurearre foar $15.000. Yn 1973 waarden der oan 'e bûtenkant fan 'e tsjerke yngeande restauraasjes útfierd. Dêrby waard boppe-op de koepel it blauwe 'gidsljocht' oanbrocht (in geskink fan 'e Holy Name Society), dat by nacht fan grutte ôfstân te sjen is.

 
It skip fan 'e tsjerke.

Ein 1980-er jierren waard de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels sletten om't it gebou fertuteaze rekke wie en net mear feilich achte waard. Der wiene plannen om 'e tsjerke te slopen, mar dêr kamen parochyleden en histoarisy tsjin yn ferset. Under de lieding fan 'e nije pastoar, John Twist, en dy syn opfolger, Hilary Mahaney, begûn de parochy wer te groeien. Sy krewearren ek o sa foar de restauraasje fan it tsjerkegebou, en wisten fan jeften fan partikulieren ferskate grutte reparaasjes en restauraasjes te bekostjen, û.m. oan 'e koepel, it dak en de glês-yn-leadruten. Yn 1997 waard it ynterieur fan 'e tsjerke oanpakt. Tsjin 1999, doe't it hûndertjierrich bestean fan 'e parochy fierd waard, wie de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels folslein restaurearre, wêrby't mei-iens ek nije ferljochting, in lûdsprekkersysteem en nije doarren ynstallearre wiene. De 26 dakingels wiene hielendal op 'e nij makke en glinsteren wer fleurich op it dak fan 'e tsjerke. Yn 2002 waard oan 'e tsjerke in kapeltsje tafoege dat wijd is oan 'e hillige Josemaría Escrivá de Balaguer, de oprjochter fan Opus Dei.

De Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels hjoed-de-dei bewurkje seksje

Tsjintwurdich is de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels sân dagen yn 'e wike iepen fan 'e moarnsdage oant de jûnsskimer. Op snein wurdt de mis opdroegen yn it Ingelsk, Poalsk en Spaansk. Sûnt de 1970-er jierren is de etnyske eftergrûn fan 'e parochyleden nammentlik stadichoan ferskood fan fierhinne Poalsk nei mear multy-etnysk mei in oansjenlike kloft Latino's.

Trivia bewurkje seksje

  • De Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels wurdt troch de Poalske parochyleden almeast koartwei Marianowo neamd.
  • De Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels spilet in wichtige rol yn 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it sjenre fan 'e urban fantasy heart.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.