Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch

Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch
(ûnderdiel fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen)

De Skotske oanfal yn 'e Slach by Halidon Hill.
datum: 13321357
plak: Skotlân
útkomst: teoretyske Ingelske oerwinning; yn 'e praktyk in Skotske oerwinning, mei't Skotlân syn ûnôfhinklikheid behold
konfliktpartijen
Keninkryk Skotlân
Keninkryk Frankryk
Keninkryk Ingelân

befelhawwers
David II fan Skotlân
Filips VI fan Frankryk
Donald II fan Mar †
Andréas fan Murray
Archibald Douglas †
Robert de Steedhâlder
Edwert III fan Ingelân
Edwert fan Balliol
David III fan Strathbogie



sterkte
9.000 13.000
ferliezen
ûnbekend ûnbekend

De Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie in militêr konflikt tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân, dat diel útmakke fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. It begûn yn 1332, doe't in stikmannich ferballe Skotske eallju dy't it yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328) mei de Ingelsen holden hiene, mei stipe fan kening Edwert III fan Ingelân in ynfal yn Skotlân diene. Dêrút kaam sawol in Skotske boargeroarloch fuort as in oarloch tusken Skotlân en Ingelân. De jonge kening David II fan Skotlân moast al rillegau beskûl sykje yn Frankryk, en syn lân waard lange tiid foar him regearre troch saneamde beskermhearen. Nei't er úteinlik weromkeard wie, joech er sels lieding oan in ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't er yn 1345 in nederlaach litte en kriichsfinzen nommen waard. De oarloch einige yn 1357 mei de frijlitting fan David II troch de Ingelsen yn ruil foar de betelling fan in ûnbidich hege lospriis troch de Skotten. Op ynternasjonaal mêd wie de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in wichtige katalysator foar it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk yn 1337.

Foarskiednis bewurkje seksje

De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn yn 1296, doe't kening Edwert I fan Ingelân it Skotske leger fersloech yn 'e Slach by Dunbar en de doetiidske kening fan Skotlân, Jan fan Balliol, twong en doch ôfstân fan 'e troan. Neitiid fûnen der yn Skotlân ferskate opstannen plak tsjin 'e Ingelske oerhearsking, wêrûnder dy fan William Wallace, dy't yn 1305 yn Londen terjochtsteld waard, en dy fan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't himsels yn 1306 kroane liet ta kening Robert I fan Skotlân en sa it Hûs Bruce op 'e Skotske troan brocht. De oarloch einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton, dy't Robert I de jonge Edwert III fan Ingelân opkrong koart nei't dy syn heit, kening Edwert II, yn 1327 ôfset en fermoarde wie. Doe't Robert I fan Skotlân yn 1329 kaam te ferstjerren, wie syn keninkryk sadwaande wer in ynternasjonaal erkend ûnôfhinklik lân, mei syn fiifjierrige soan David II as kening en syn fertrouling Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, as regint (mei de formele titel fan beskermhear fan Skotlân).

 
It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan Bannockburn.

De frede wie lykwols net in lang libben beskern, mei't Edwert III by it sluten derfan net op eigen manneboet hannele hie, mar ûnder druk fan syn eigen regint, Roger fan Mortimer, 1e greve fan March, en syn mem, Isabella fan Frankryk. Yn Ingelân kaam it Ferdrach fan Edinburch-Northampton bekend te stean as "de skandlike frede", en wie de publike opiny der faaljekant op tsjin. Fierders wie der gjin rekken holden mei de saneamde 'Unterfden', in oansjenlike groep Skotske eallju dy't it mei de Ingelsen holden hie, en dy't sadwaande lân en besit kwytrekke wiene. Nei't er yn 1331 Mortimer terjochtstelle litten hie en it regear oer Ingelân yn eigen hân nommen hie, harke Edwert III nei Edwert fan Balliol doe't dy syn saak by him bepleite.

Balliol wie de âldste soan en erfgenamt fan Jan fan Balliol, de Skotske kening dy't yn 1296 troch Edwert III syn pake ôfset wie. As lieder fan 'e Unterfden frege er Ingelske stipe foar it weromwinnen fan 'e ôfnommen besittings fan dyselden. Edwert III brocht de easken fan Balliol oer oan 'e Skotske regint Moray, dy't besocht tiid te winnen om't er der raar foar siet. Oan 'e iene kant woe nimmen yn Skotlân op 'e nij oarloch mei Ingelân, mar oan 'e oare kant koe fan it weromjaan fan 'e konfiskearre lânerijen fan 'e Unterfden gjin sprake wêze, mei't dy ûnderwilens al tsientallen jierren yn it besit wiene fan oan oanhingers fan it Hûs Bruce. Op 22 april 1332 liet Edwert III by Moray op 'e nij neifraach nei de saak dwaan, en hoewol't de Ingelske kening dêr gjin iepentlike stipe foar bea, sette Balliol om dyselde snuorje útein mei it tarieden fan in ynfal yn Skotlân.

De ynfal fan 'e Unterfden bewurkje seksje

Yn 'e simmer fan 1332 lânen Balliol en de Unterfden mei in legerke hierlingen op 'e eastkust fan Skotlân. It Skotske bestjoer wie doe krekt slim yn dusoarder om't de regint, Moray, op 20 july 1332 hommels ferstoarn wie. Doedestiden miende men dat er fergiftige wie troch de Ingelsen, mar moderne histoarisy hâlde it derop dat er ferkaam oan in nierstien. De mei tûzen hasten ynswarde nije regint, Donald II, greve fan Mar, kaam tsien dagen letter mei in grut tal oare loyalistyske Skotske eallju om yn 'e Slach by Dupplin Moor, it earste gruttere militêre treffen fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't de Unterfden ferrassend it regearingsleger fersloegen.

Neitiid wûnen de rangen fan 'e Unterfden oan mei lju dy't neat mei it Hûs Bruce op hiene. Op 24 septimber liet Edwert fan Balliol himsels ta kening fan Skotlân kroane, wêrnei't er optriek nei Roxburgh. Dêr kaam de ridder Andréas fan Murray him tenei, dy't troch syn houlik mei Kristina fan Bruce in omke fan David II wie, en nei de dea fan 'e greve fan Mar oansteld wie ta beskermhear fan Skotlân. Balliol wist de oanfal lykwols ôf te slaan, en Murray waard kriichsfinzen nommen.

Fanút Roxburgh erkende Balliol op 23 novimber Edwert III fan Ingelân as syn lienhear en bea er dyselde in grut diel fan súdlik Skotlân oan as tank foar syn stipe. Ek liet er witte ree te wêzen om mei Edwert syn suster Eleönoara fan Woodstock te trouwen, en ûnthiet er de Ingelske kening tenei yn al syn oarloggen bystean te sillen. As er datoangeande syn wurd briek, soe it de Ingelsen frijstean om by wize fan strafmaatregel hiel Skotlân te anneksearjen. Neitiid loek Balliol him werom te Annan, oan 'e súdkust fan Annandale, dêr't lykwols by nacht en ûntij Archibald Douglas him oer it mad kaam, dy't oansteld wie ta regint nei't Murray finzen nommen wie. Balliol wie twongen om halje-trawalje de wyk te nimmen en oer de Ingelske grins hinne te ûntkommen.

 
Kening Edwert III fan Ingelân.

De ynfal fan Edwert III bewurkje seksje

Werom yn Ingelân brocht Balliol fannijs hulde oan Edwert III, dy't no iepentlik syn stipe foar de man útspriek. Yn maart 1333 kearde Balliol mei in wergroepearre legermacht werom nei Skotlân, dêr't er de grinsstêd Berwick-upon-Tweed belegere. Doe't de Skotten in tsjinoanfal útfierden, naam Edwert III dat as in ferlechje oan om him mei Ingelske troepen yn 'e striid te mingen. Op 19 july 1333 troffen de Ingelske en Skotske legers inoar yn 'e Slach by Halidon Hill, in pear kilometer bewesten Berwick, dêr't de Skotten in swiere nederlaach litten. In protte Skotske eallju sneuvelen, wêrûnder de regint Archibald Douglas. Fan gefolgen waard it neitiid te gefaarlik achte foar de minderjierrige kening David II om yn Skotlân te bliuwen, en yn 'e mande mei syn like jonge keninginne Jehanna fan de Toer (dat in suster fan Edwert III wie) en syn hofhâlding waard er oersee yn ballingskip stjoerd yn Frankryk, dêr't de Skotten yn it ramt fan 'e Auld Alliance in bûnsgenoatskip mei ûnderholden.

Yn febrewaris 1334 liet Balliol, dy't him no wier kening fan Skotlân waande, in parlemint gearroppe, wêryn't er syn status as fazal fan Edwert III erkende en de stêd Berwick-upon-Tweed foar ivich as in ûndielber besit fan 'e Ingelske Kroan ôfstie. Yn july fan datselde jier stied er by it Ferdrach fan Newcastle noch in oansjenlik grutter diel fan Súd-Skotlân oan Ingelân ôf, wêrûnder it hiele Súdskotsk Berchlân en in grutte stripe fan it leechlân, de stêden Edinburch, Roxburgh, Peebles, Dumfries, Linlithgow en Haddington ynbegrepen. Edwert III hold de Skotske wetjouwing yn dy gebieten yn stân, mar stelde der wol syn eigen bestjoerders oan.

 
It gebiet yn súdlik Skotlân (brún) dat Edwert fan Balliol ûnder it Ferdrach fan Newcastle ôfstie oan Ingelân.

Boargeroarloch yn Skotlân bewurkje seksje

No't de Unterfden harren mienskiplike doel berikt hiene, rekken se ûnderling deilis fanwegen tsjinstelde belangen. Balliol syn trije wichtichste oanhingers wiene Richard fan Talbot, Hindrik fan Beaumont en David III fan Strathbogie. Doe't Aleksander fan Mowbray Balliol frege om 'e lânerijen fan syn broer, dy't stoarn wie sûnder manlike neikommelingen, die bliken dat Talbot, Beamont en Strathbogie elts ek fia ien fan 'e trije dochters fan Mowbray syn broer rjocht op dy lânerijen mienden te hawwen. Balliol ornearre lykwols dat fererving fia de manlike line gie, en joech it grûnbesit oan Mowbray, mei as gefolch dat Talbot, Beaumont en Strathbogie har út it kamp fan 'e Unterfden weromloeken om it rjocht yn eigen hân te nimmen.

Wylst syn bûnsgenoaten Balliol yn 'e steek lieten, waarden syn fijannen sterker. Skotske oarlochsskippen leine foar de kust om 'e befoarrieding fan syn troepen út Ingelân wei ôf te snijen, en de finzen Andréas fan Murray brocht daliks nei syn frijlitting yn 1334 wer in leger fan loyalisten op 'e foet om 'e striid tsjin 'e Unterfden te ferfetsjen. Dêrop besocht Balliol syn trije foarnaamste bûnsgenoaten te troaikjen troch syn stipe oan Mowbray yn te lûken, mei as iennichste gefolch dat Mowbray oerrûn nei de loyalisten. Faninoar isolearre blieken de Unterfden maklike doelwiten. Talbot waard finzen nommen troch Willem Keith fan Galston en fêstset yn it Kastiel fan Dumbarton. Murray en Mowbray belegeren Beaumont yn it Kastiel fan Dundarg en twongen him om de wyk te nimmen nei Ingelân. En Strathbogie, dy't fan Balliol de lânerijen krigen hie fan Robert Stewart, de omkesizzer fan David II (dy't him úteinlik opfolgje soe as Robert II fan Skotlân), waard troch Stewart en Murray hjitfolge nei Lochaber, dêr't er him oerjoech en ûnthiet om tenei de loyalistyske saak te tsjinjen. Balliol sels loek him werom op Berwick-upon-Tweed, mar koe it meastepart fan syn troepen der net fan wjerhâlde om oer te rinnen nei de loyalisten.

Eskalaasje bewurkje seksje

Begjin 1335 eskalearre de oarloch doe't de Frânsen yn febrewaris de Skotten begûnen te befoarriedzjen en in leger fan 6.000 man gearbrochten om yn Skotlân oan 'e oarloch diel te nimmen. Underwilens brocht Edwert III in leger fan 13.000 man op 'e foet, dêr't er yn july 1335 op trije fronten Skotlân mei oanfoel. Wylst de Ingelske float de Firth fan Clyde opfear, late Edwert sels it grutste part fan syn leger noardoan út Carlisle wei en marsjearre Balliol mei de rest op út Berwick-upon-Tweed. Hja metten net folle wjerstân en kamen by Glasgow byinoar. Kening Filips VI fan Frankryk stjoerde Edwert III dêrop in ultimatum: òf de Ingelske kening soe syn skeel mei Skotlân foar arbitraazje foarlizze oan Frankryk en de paus, òf Frankryk soe him aktyf yn 'e oarloch minge. Edwert wegere oan 'e Frânske easken ta te jaan.

 
Filips VI fan Frankryk ûntfangt de jonge David II fan Skotlân en syn frou Jehanna fan de Toer.

Yn 'e simmer fan 1335 waarden sawol Robert Stewart as David III fan Strathbogie troch de Ingelsen twongen om har oer te jaan. Strathbogie rûn dêrnei fannijs oer en tsjinne de Ingelske saak sa fanatyk dat er yn Skotlân berucht waard om syn tiranny. De rest fan 'e loyalisten, ûnder lieding fan Andréas fan Murray, dy't op 'e nij beneamd wie ta beskermhear fan Skotlân, sleat mids oktober in bestân mei de Ingelsen, mar dêrfan wiene Balliol en de Unterfden útsletten. Strathbogie sloech belis foar it Kastiel fan Kildrummy, wêrfan't it garnizoen oanfierd waard troch Murray syn frou, Kristina fan Bruce. Dêrop setten Murray en de koartby út Ingelske kriichsfinzenskip frijlitten Willem Douglas, hear fan Liddesdale, dy kant út mei in leger dat û.m. Noarske troepen omfette dy't stjoerd wiene troch Kristina har suster Isabella fan Bruce, de keninginne-dûairiêre fan Noarwegen. Yn 'e Slach by Culblean waard Strathbogie syn leger troch Murray-en-dy útinoar slein en hysels deade. Dat wie de earste fan in stikmannich oerwinnings tsjin Balliol en de Unterfden dy't stadichoan harren ynfloed yn Skotlân teneate die.

Underwilens liket Edwert III him benammen dwaande holden te hawwen mei de konsolidaasje fan 'e Ingelske oerhearsking oer de acht greefskippen yn súdlik Skotlân dy't Balliol oan him ôfstien hie. Tagelyk ûndernaam er aksje op it diplomatike flak om Filips VI fan Frankryk derfan te wjerhâlden en ming him yn 'e striid. Hy stelde út dat Edwert fan Balliol, dy't tsjin dy tiid yn syn middeljierren wie, de Skotske troan behâlde soe, mei de minderjierrige David II as syn erfgenamt. Dêr waard de hiele winter fan 1335 op 1336 oer hinne en wer praat, mar hoewol't de Skotten op 't lêst safier wiene dat se wol omlyk woene, liket it Filips VI west te hawwen dy't de jonge David II yn maart 1336 ynskúnde om sa'n oerienkomst te wegerjen.

Yn maaie 1336 rûn it bestân ôf, en stjoerde Edwert III in leger ûnder Hindrik fan Grosmont, hartoch fan Lancaster nei Skotlân ta. Nei't him (wierskynlik oerdreaune) berjochten berikten oer de grutte fan it Frânske leger dat Filips VI nei Skotlân ta stjoere woe, sette Edwert III yn juny sels ôf nei it noarden, dêr't er gaadlike lâningsplakken foar de Frânsen, lykas Aberdeen en Carrick, ferovere en plondere. Yn augustus foelen fjouwer Frânske oarlochsskippen de Ingelske havenstêd Orford, yn Suffolk, oan, en koarte tiid letter foelen ferskate Ingelske oarlochs- en keapfardijskippen by it eilân Wight, foar de Súdingelske kust, oan 'e Frânsen ta proai. Letter soe bliken dwaan dat dat de iepeningsskermutselings wiene fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, dy't benammen feroarsake waard troch de problematyske relaasjes fan 'e Ingelske en Frânske monargen trochdat de kening fan Ingelân ek hartoch fan Akwitaanje en dêrmei in fazal fan 'e kening fan Frankryk wie. De oarloch yn Skotlân foarme lykwols in wichtige katalysator foar it bredere Frânsk-Ingelske konflikt.

Nij elan yn Skotlân bewurkje seksje

De Skotten makken folop gebrûk fan it feit dat Edwert III ôflaat wie troch de nije oarloch mei Frankryk. Murray en Douglas fan Liddesdale diene ynfallen yn 'e Ingelske bolwurken yn súdlik Skotlân, lykas Fife en de omkriten fan Perth, en staten dêr suver op gjin wjerstân. Tsjin ein maart 1337 hiene de Skotten al it lân benoarden de rivier de Forth wer stevich yn 'e hannen. Wylst Edwert III trochgie mei him op Frankryk te konsintrearjen, holden de Frânsen oan mei it op grutte skaal befoarriedzjen fan 'e Skotten. Tsjin it neijier fan 1337 wiene de Skotten dêrtroch by steat om sels in plondertocht troch noardlik Ingelân te hâlden, wêrby't se Kumberlân yn 'e jiske leine.

Dêrfandinne dat Edwert III yn oktober Willem fan Montagu, greve fan Salisbury nei it noarden ta stjoerde. Dy sloech yn jannewaris 1338 belis foar it Kastiel fan Dunbar, dat ferdigene waard troch Swarte Agnes, grevinne fan Dunbar. Mei help fan Aleksander Ramsay fan Dalhousie wjerstie dy in belegering fan in healjier, wêrnei't Salisbury him sûnder wat bedijd te hawwen weromlûke moast. It foarjier fan 1338 foarme in kearpunt yn 'e oarloch, benammen troch it krewearjen fan Murray, dy't foar syn ferstjerren oan in sykte yn 'e maityd noch sà'n skea tabrocht oan 'e posysje fan 'e Ingelsen, dat er dêrmei foargoed de kâns op 'e fêstiging fan in stabyl Ingelsk bestjoer oer súdlik Skotlân weinaam. Underwilens fêstige Willem Douglas him wer yn syn eigen hearlikheid Liddesdale, oan 'e Skotsk-Ingelske grins, dêr't er de Ingelsen allegeduerigen wei bestried.

 
Kening David II fan Skotlân.

De kening komt wer bewurkje seksje

Doe't Robert Stewart, dy't nei Murray syn ferstjerren ta regint beneamd wie, yn 'e maityd fan 1339 Balliol syn lêste bolwurk, it gebiet om Perth en Cupar hinne, ferovere, waard de tiid ryp achte foar de weromkear fan kening David II. Dyselde arrivearre op 2 juny 1341 te Inverbervie yn Kincardineshire wer yn syn heitelân. Dat jiers wied er achttjin en dêrmei mearderjierrich, en sadwaande naam er doe it regear oer Skotlân yn eigen hannen. Syn dieden laten lykwols ta skelen ûnder de loyalisten. Sa joech er de hearlikheid Liddesdale oan Stewart, wylst er Atholl oan Willem Douglas taparte, dy't himsels as de rjochtmjittige hear fan Liddesdale beskôge. Stewart, dy't folle mear belang hie by Atholl, stelde Douglas foar om fan besit te ruiljen, wat net fan in protte respekt foar de kening tsjûge.

Mooglik as reäksje dêrop kende David it sheriffskip fan Roxburgh ta oan Aleksander Ramsay fan Dalhousie, as beleanning om't er it Kastiel fan Roxburgh ynnommen hie. Douglas, dy't sels ferskate kearen besocht hie om dat kastiel te feroverjen, en dy't neffens guon boarnen al sheriff fan Roxburgh wie, naam wraak troch Ramsay finzen te setten yn it Kastiel fan Hermitage en dea te hongerjen. Hoewol't Stewart dêroer ûntsteld wie, died er foarspraak foar Douglas by de kening, dy't de moardner dêrop graasje skonk.

Underwilens gie de oarloch mei de Ingelsen ek troch, en David II wie wisberet om 'e oantins oan syn heit Robert I eare oan te dwaan en syn tankberens oan Filips VI foar de Frânske stipe blike te litten. Dêrta joech er sels lieding oan ferskate ynfallen yn noardlik Ingelân. De lêste dêrfan fierde er op fersyk fan Filips VI út nei de Frânske nederlaach yn 'e Slach by Crécy, yn augustus 1346. By dy ynfal troffen de Ingelske en Skotske legers inoar op 17 oktober fan dat jier yn 'e Slach by Neville's Cross, yn 'e neite fan Durham, yn Noardumberlân. Foar de Skotten rûn dat út op in katastrôfe, mei't de slach net inkeld ferlern waard, mar Willem Douglas fan Liddesdale, Jan Randolph, 3e greve fan Moray, en ta oermjitte fan ramp kening David II sels kriichsfinzen nommen waarden troch de Ingelsen.

 
David II (loftsûnder) finzen nommen yn 'e Slach by Neville's Cross.

Finzenskip fan David II bewurkje seksje

David II waard neitiid alve jier lang finzen holden yn Ingelân, yn 't earstoan yn 'e Toer fan Londen, doe yn it Kastiel fan Windsor, yn Berkshire, en noch letter yn it Kastiel fan Odiham, yn Hampshire. Syn finzenskip wie net botte swier, mei't Edwert III syn sweager wie. Nei de Slach by Nevill's Cross sammele Edwert fan Balliol in leger foar in nije ynfal yn Skotlân, wylst Hindrik fan Percy en Jan fan Neville de Ingelske troepen oanfierden dy't besochten te profitearjen fan 'e dusoarder dy't koarte tiid yn Skotlân bestie nei it ferlies fan 'e kening. Mar hoewol't Balliol ferskate stêden yn súdlik Skotlân ynnaam, skeat er der net folle mei op. En Edwert III hie noch hieltyd folle mear belangstelling foar de sitewaasje yn Frankryk.

Underwilens naam Robert Stewart as regint it regear fan Skotlân wer op, en dêrby wist er gau regaad te meitsjen, stipe troch Patrick V fan Dunbar, greve fan March, en Willem III, greve fan Ross. Douglas fan Liddesdale syn plak waard ynnommen troch syn fâd Willem Douglas, 1e greve fan Douglas, dy't him neitiid ûntjoech ta in wichtich oarlochslieder foar de Skotten.

Mei de Skotske kening yn syn hannen hie Edwert III in goede kâns om ta in foardielige frede mei de Skotten te kommen, as er teminsten ree wie om 'e oanspraken fan Edwert fan Balliol op 'e Skotske troan te negearjen. Tsjin 1348 hied er dêr nei't it skynt gjin muoite mear mei, en stelde er út dat David II tenei kening fan Skotlân wêze soe as in fazal fan 'e Ingelske kening, en dat Edwert III sels of ien fan syn soannen David opfolgje soe as er sûnder manlike neikommelingen ferstjerre soe. Op oanrieden fan David sels skynt er dat justjes oanpast te hawwen, sadat hysels net mear yn oanmerking kaam foar de Skotske troan, mar inkeld ien fan syn soannen. Dêropta waard in lospriis fan £40.000 foar David II frege en de weromjefte fan 'e lânerijen fan 'e Unterfden easke.

 
De sweagers David II fan Skotlân (l.) en Edwert III fan Ingelân (rj.).

Douglas fan Liddesdale, dy't yn 'e Toer fan Londen fêstsiet, waard yn 1350 mei dat foarstel nei Skotlân stjoerd, dêr't it lykwols koeltsjes ûnthelle waard. Robert Stewart wie tsjin dy tiid dwaande mei de konsolidaasje fan syn eigen bewâld, en siet net daliks te wachtsjen op 'e weromkear fan 'e kening. Mar ek los dêrfan bestie der yn Skotlân mear as genôch wjerstân tsjin dit foarstel. Nettsjinsteande it feit dat Edwert III syn sweager David yn 1352 foar beheinde tiid nei Skotlân ta stjoerde om 'e oerienkomst dertrochhinne te drukken, slagge him dat net en rûn it hiele spul op 'e non, wêrnei't David weromkearde yn Ingelske finzenskip. In twadde besykjen fan Edwert III om ta in frede mei de Skotten te kommen, litte yn 1354 krektlyk skipbrek.

Tsjin 1355 wiene de Skotten harren eardere swakte mei Frânske stipe wer te boppe kommen, en fierden se har oanfallen tsjin Ingelân op. Sa waard dat jiers nei mear as tweintich jier einlings Berwick-upon-Tweed befrijd. Edwert III kaam dêrnei fluch fanwegen, en yn it foarjier fan 1356 died er yn 'e mande mei Edwert fan Balliol in nije ynfal yn Skotlân. Hy naam de Skotten Berwick wer ôf en ferovere ek Roxburgh en Haddington, dat er frijwol mei de grûn lyk meitsje liet. Syn legere plondere hiele Lothian, baarnde Edinburch plat en ferrinnewearre de Skryn fan Us Leaffrou fan Whitekirk. Dizze episoade kaam sadwaande bekend te stean as de Ferbaarnde Marije-Ljochtmis (Burnt Candlemas). Lykwols bedijden de Ingelsen der neat mei.

De Frede fan Berwick bewurkje seksje

Nei dy lêste mislearre ynfal yn Skotlân joech Edwert fan Balliol úteinlik yn 1356 syn oanspraken op 'e Skotske troan op. Dat makke de wei frij foar wiere fredesûnderhannelings, dy't yn 1357 ta de Frede fan Berwick laten. Under de betingsten fan dat ferdrach waard David II frijlitten yn ruil foar in ûnbidich grutte lospriis fan 100.000 Skotske marken (ien Skotske mark wie ⅔ fan in Britsk pûn). Fierders bleau Berwick-upon-Tweed yn Ingelske hannen.

Yn 1363 stimde David II der boppedat op 'e nij mei yn dat as hysels sûnder bern ferstoar, Edwert III of ien fan dy syn soannen him opfolgje soe. (De measte histoarisy sjogge dy oerienkomst lykwols as in falsk besykjen om 'e Ingelsen safier te krijen dat se de rest fan 'e lospriis kwytskelden, wat se net diene.) It Skotske parlemint ferwiisde dizze oerienkomst nei de foddekoer, en doe't David II yn 1371 yndie sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch syn omkesizzer Robert Stewart, as Robert II. By de dea fan Edwert III, yn 1377, moasten fan 'e lospriis foar David II noch 24.000 Skotske marken betelle wurde, mar dêr waard net mear oan foldien.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.