Under Pressure (liet fan Queen en Bowie)

Under Pressure is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen mei David Bowie yn july 1981 en útbrocht op it album Hot Space fan Queen út 1982. Under Pressure wie it alfde nûmer op it album en waard op 26 oktober 1981 útbrocht as earste single fan it album.

Under Pressure
algemiene ynformaasje
B-kant Soul Brother
artyst Queen en David Bowie
album Hot Space
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 26 oktober 1981
opnommen Mountain studio's
july 1981
doer 4:08
label EMI
skriuwer Roger Taylor, Freddie Mercury,
John Deacon, Brian May,
David Bowie
produsint Queen,
David Bowie
fideoclip
Queen - Under Pressure (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 1,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 1
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 5
sertifisearre Austraalje 4× Platina,
  Denemark platina,
Grut-Brittanje 2× platina,
Feriene Steaten 4× platina

Oer it nûmer bewurkje seksje

Under Pressure waard opnommen yn de Mountain Studios yn Montreux, Switserlân yn july 1981. Queen, wurke dêr oan syn album Hot Space. Wylst se dêr wiene, wie David Bowie ek yn dy studio om syn sang op te nimmen foar Cat People (Putting Out Fire), de titelsong foar de horrorfilm út 1982 mei deselde namme. By de sesje kamen de artysten inoar tsjin. Dêrnei wurken se tegearre en skreaunen se it nûmer.

Oer de fideoclip bewurkje seksje

De fideoclip yn inoar set troch David Mallet en bestiet út bylden fan gebouwen, brêgen en dy't opblaast en as sloopt wurde, protesten en stomme films. dit om't sawol Queen as David Bowie, gjin tiid hiene foar opnamen fan in fideoclip.

Muzikanten bewurkje seksje

  • Freddie Mercury – Sang
  • David Bowie – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas
  • Roger Taylor – Drums