VKC
Oprjochte: 28 maart 1929
Plak: Sigerswâld
Kompleks: De Ynrin
Tal leden: ± 100
Tal fjilden: 3 Gersfjilden
Kompetysje: Snein, tredde klasse
Tenu
webstee VKC

VKC stiet foar Voorwerker Korfbal Club en is de kuorbalferiening fan Sigerswâld. Yn 2011 spilet VKC yn de seal as op it fjild yn de tredde klasse en hat hast 100 leden.

Skiednis bewurkje seksje

By de oprjochting op 28 maart 1929 waard de namme G en O keazen, dat foar Genoegen en Ontspanning stie. Nei 1933 giet de kuorbalferiening fierder as VKC en feroarje ek de klubkleuren fan wyt-swart nei wyt-read. De heechtijdagen fan VKC lizze om 1950, wannear't VKC oant 4 kear om it kampioenskip fan Nederlân spilet. Dielname hjirfoar waard fertsjinne troch earst it kampioenskip fan it noarden te winnen. De bêste prestaasje fan VKC by it kampioenskip fan Nederlân is it tredde plak. Yn dy tiid spilen geregeldwei VKC'ers yn it Frysk tolvetal.

De akkommodaasje fan VKC foldie yn de begjinjierren net oan de winskjen, omdat it net folle mear wie as in stik lân, wêr't de kowestront foar de wedstryd fanôf helle wurde moast. Mar neidat VKC earst yllegaal in kantine bout, krijt it fan de gemeente in stik grûn oan it hjoeddeiske Uthof, wêr't boud wurde mei. Hjir komt troch in soad ynset fan de leden yn 1988 de Ynrin te stean.