Valzer

film út 2007 fan Salvatore Maira

Valzer (Italjaansk foar "wals") is in Italjaanske dramafilm út 2007 ûnder rezjy fan Salvatore Maira, dy't foar it earst fertoand waard op it 64e Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.[2]

Valzer
film
makkers
regisseur Salvatore Maira[1]
produsint Stefano Sciarra
senario Salvatore Maira
muzyk Nicola Campogrande
spilers
haadrollen Maurizio Micheli
Valeria Solarino
Marina Rocco
Graziano Piazza
Eugenio Allegri
byrollen Zaira Berrazouga
Cristina Serafini
Giuseppe Moretti
Francesco Feletti
Francesco Cordio
Benedicta Boccoli
Rosaria Russo
Giancarlo Judica Cordiglia
skaaimerken
lân/lannen Itaalje
premiêre 18 novimber 1965
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Italjaansk
spyltiid 90 minuten

Plot bewurkje seksje

Assunta is in jonge frou dy't yn in lúkse hotel wurket, dêr't in ûnlijige gearkomste holden fan 'e lieding fan it Fuotbalbûn. Underwilens dûkt der in man op dy't krekt frijlitten is út it tichthûs en de heit blykt te wêzen fan Lucia, in freondinne fan Assunta. Lucia, dy't earder yn itselde hotel wurke, is jierren lyn ôfset om in karriêre yn 'e entertainmentyndustry op te bouwen. Dêr hat se har heit neat oer ferteld. Yn har plak hat Assunta al dy tiid kontakt holden mei har heit, wêrby't se har foardie as Lucia. De brieven fan Assunta hawwe Lucia har heit dertroch skuord doe't er fêstsiet, mar no't er frij is, ferwachtet er yn it hotel syn dochter oan te treffen en fynt ynstee Assunta, dy't him langer net mear foarlige kin. Se ûntdekke dat se in protte gemien hawwe en slute in freonskip wêryn't beiden treast fine en hoop foar de takomst.[3]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Note di regia del film "Valzer"
  2. Gaetano Maiorino, Valzer, Close Up, 25 de maio 2009
  3. Plot on Sentieri Selvaggi