Verchotoerje

in stêd yn Ruslân

Verchotoerje (Russysk: Верхотурье; oerset: "Boppe de Toera") is ien fan 'e âldste Russyske plakken eastlik fan 'e Oeral en it âldste plak fan 'e oblast Sverdlovsk. It leit likernôch 300 kilometer noardlik fan Jekaterineburch oan 'e lofter kant fan 'e Toera, in sydrivier fan 'e Tobol.

Verchotoerje
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Sverdlovsk
Sifers
Ynwennertal 6.578 (2023)
Oerflak 9 km²
Befolkingsticht. 730 ynw./km²
Hichte 115 m (sintrum)
Oar
Stifting 1578
Tiidsône UTC+5
Koördinaten 58° 52' N 60° 48' E
Offisjele webside
adm-verhotury.ru
Kaart
Verchotoerje (Ruslân)
Verchotoerje

Skiednis bewurkje seksje

It plak waard yn 1597 as in ostrog op it plak fan 'e Mansyske delsetting Neromkarr stifte by in ekspedysje fan Vasili Golovin en Ivan Vojejkov. Al gau waard it plak in bestoerlik sintrum foar de kolonisaasje fan it gebiet. Oant healwei de 18e iuw wie it sels in wichtich ekonomysk sintrum foar Sibearje. Om dy tiid hinne hellen lykwols Jekaterineburch en Pervo-oeralsk Verchotoerje yn. De stêd waard sûnt dy tiid in belangryk otterdoks sintrum en is dat noch jimmeroan.

Yn 1926 ferlear it plak de status fan stêd, dy't yn 1947 werom jûn waard.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Grutte dielen fan 'e âldste stêd binne bewarre bleaun, it neamen wurdich binne û.o.:

  • It kremlyn fan Verchotoerje: it iennige kremlyn fan de Sintrale-Oeral; tusken 1699 oant 1712 yn stien werboud. It is it jongste en lytste kremlyn fan Ruslân. Yn it kremlyn stiet de barokke Trije-ienheidskatedraal.
  • It Pokrovski-kleaster (Foarbeakleaster; it earste nonnekleaster fan Sibearje).
  • It Nikolaaskleaster, dat ta de grutste kleasters fan it lân heart.
  • De houten arsjitektuer yn 'e stêd.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier 1856 1897 1959 1970 1979 1989 1992 2000 2010 2015 2022
Befolking 3.000 3.200 10.917 9.688 8.966 8.973 9.000 8.400 8.820 8.748 8.525
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Verchotoerje fan Wikimedia Commons.