Veronica Rodriguez

Veronica Rodriguez, echte namme: Verónica Rodríguez Fiño (Maracay, 1 augustus 1991) is in Fenezolaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Se hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Barbie, Barbie Bree en Barbie Booty. Rodriguez sette yn 2011 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se waard tsien kear nominearre foar in prestizjeuze AVN Award.

Veronica Rodriguez
persoan yn de seksyndustry
Veronica Rodriguez (Las Vegas)
Veronica Rodriguez (Las Vegas)
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Barbie, Barbie Bree,
Barbie Booty
echte namme Verónica Rodríguez Fiño
nasjonaliteit Fenezolaansk
berne 1 augustus 1991
berteplak Maracay (Aragua)
etnisiteit Fenezolaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011–no
offisjele webside
veronicarodriguez.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Rodriguez waard yn 1991 berne yn Maracay, yn 'e Fenezolaanske steat Aragua. Nei't se yn 2009 mearderjierrich wurden wie, ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Yn 2011, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2020 yn mear as 350 films spile.

 
Veronica Rodriguez op it AVN Expo fan 2013.

Dêrby wurke Rodriguez û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Digital Sin, Red Light District, Evil Angel, Hustler Video, New Sensations, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel en Digital Playground. Fierders wie se ek wol te sjen yn produksjes fan minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Rodriguez gearwurke mei kollega-aktrises as Vicki Chase, Adriana Chechik, Ariella Ferrera, Dillion Harper, Marika Hase, Remy LaCroix, Alina Li, Kendra Lust, Kiara Mia, Gabriella Paltrova, Riley Reid, Megan Salinas, India Summer, Shae Summers en Jamie Valentine, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, J. Mac, Ramon Nomar, Johnny Sins, Criss Strokes, Voodoo, Vince Vouyer en Mark Wood. Ek waard Rodriguez al tsien kear nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscars fan 'e pornowrâld).

 
Veronica Rodriguez yn 2013 op it Exxxotica Expo yn Nij-Jersey.

Njonken har aktearwurk posearret Rodriguez ek geregeldwei foar neakenblêden. Fierders hat se pealdûnsjen leard en fersoarget se út en troch in optreden as stripper.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Veronica Rodriguez is blank, mei in Mediterrane hûdskleur, brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.54 m lang, mei in gewicht fan 43 kg, en in natuerlike cupmaat 32B. Se hat gjin tatoeaazjes. Njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing en in piercing troch har lofternoaswjuk.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2014 XRCO Award nominearre wiete dream (cream dream) n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Stevie Shae) Apocalypse X
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Luna Star en Ramon Nomar) Latinas on Fire
2017 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Gina Valentina) Lesbian Border Crossings
nominearre bêste orale sekssêne (mei Riley Reid) Slobber River BJs
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Xander Corvus) Love Her Madly
nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Veronica Rodriguez: Latina Squirt Goddess
nominearre favorite froulike pornostjer (publykspriis) n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2018 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Melissa Moore) Kristen Scott's Skip Day
2019 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Rina Ellis) Girls Gone Pink

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: