Veronica van Hoogdalem

Veronica van Hoogdalem (folút: Veronica Serwaa van Hoogdalem; Kleef, 5 augustus 1989) is in Nederlânsk presintatrise fan mingd Nederlânsk-Ganeesk etnysk komôf. Hja krige bekendheid as fideojockey by de muzykstjoerder TMF, mar letter wurke se ek foar RTL, Veronica en de AVRO. By it grutte publyk is Van Hoogdalem fral bekend fan realitytillefyzjeprogramma's as The Pain Game en Wie Is de Sjaak.

Veronica van Hoogdalem
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Veronica Serwaa van Hoogdalem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 augustus 1989
berteplak Kleef (Dútslân)
etnisiteit Ganeesk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje
wurksum by TMF, Veronica, AVRO, RTL
bekend fan The Pain Game
Wie Is de Sjaak
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
digitzz-veronica.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Van Hoogdalem waard yn 1989 berne yn it Dútske Kleef, as de dochter fan in Nederlânske mem en in Ganeeske heit. Yn 2007 wûn hja de talintejacht F.A.B.S., op Veronica, dêr't men by socht nei in nije fideojockey. Yn 2008 die se mei oan VJ for a Day, by de muzykstjoerder TMF, wêrnei't de sjoggers spontaan in hantekeninge-aksje begûnen om har foar fêst op 'e tillefyzje te krijen. Fanôf 2009 wie Van Hoogdalem sadwaande by TMF yn fêste tsjinst, wêrby't se behalven muzykprogramma's ek de simmerkwis Beachbattle presintearre, dy't opnommen waard yn Grikelân. Fierders presintearre hja twa kear, yn 2010 en 2011, de útrikking fan 'e TMF Awards.

Njonken har wurk foar TMF wie Van Hoogdalem fanôf maart 2011 ek belutsen by it programma The Ultimate Dance Battle, op RTL5, wêrfoar't se as backstageferslachjouster optrede. In selde funksje ferfolle se yn it neijier fan 2011 by de talintejacht So You Think You Can Dance, ek op RTL5. Fanôf maart 2012 presintearre hja op Veronica it realitytillefyzjeprogramma The Pain Game. Fierders die se yn 2013 mei oan it survivalprogramma Expeditie Robinson. Yn 2014 en 2015 presintearre se mei Tim Douwsma it programma AVRO Junior Dance, by de AVRO. Fanôf septimber 2015 is Van Hoogdalem eltse wurkdei te sjen as ien fan 'e fjouwer presintators fan it realityprogramma Wie Is de Sjaak, op RTL5.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.