Verplanck Van Antwerp

Verplanck Van Antwerp (folút: Verplanck S. Van Antwerp; Albany (New York), 8 juny 1807Marlboro Meadows (Marylân), 2 desimber 1875) wie in Amerikaansk amtner en militêr fan etnysk Nederlânsk komôf. Hy wie siktaris fan 'e kommissaris fan Yndiaanske Saken en tsjinne ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch yn it Noardlike Leger mei de rang fan generaal.

Verplanck Van Antwerp
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Verplanck S. Van Antwerp
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 juny 1807
berteplak Albany (New York)
stoarn 2 desimber 1875
stjerplak Marlboro Meadows (Marylân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611865
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang brigadegeneraal
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
oar wurk siktaris fan 'e kommissaris
   fan Yndiaanske Saken

Libben en karriêre bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Van Antwerp waard yn 1807 yn in fan oarsprong Nederlânske famylje berne yn Albany, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat New York.

Wurk foar it Buro fan Yndiaanske Saken bewurkje seksje

Yn 'e 1830-er en 1840-er jierren wurke er as ûntfanger foar it Amerikaanske Lânburo en as siktaris fan 'e kommissaris fan Yndiaanske Saken yn Keokuk, yn 'e steat Iowa. Benammen yn dy lêste hoedanichheid wied er belutsen by it sluten fan ferskate ferdraggen mei de Yndianen, wêrûnder it Ferdrach fan St. Peters, út 1837, mei de Odjibwe-stammen fan 'e Boppemarder Tsjippewa, Mississippy-Tsjippewa, Plonderder-Tsjippewa en Mille Lacs-Yndianen.

Amerikaanske Boargeroarloch bewurkje seksje

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) tsjinne Van Antwerp fan 1861 oant 1862 as majoar en kommandant fan 'e sjenytroepen ûnder generaal-majoar James G. Blunt. Letter waard er oerpleatst nei it Leger fan de Potomac, dat yn Noardlik Firginia tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika focht. Dêr waard er waarnimmend assistint-adjudant-generaal yn 'e stêf fan generaal-majoar Winfield Scott Hancock. Op dy post bleau er oan 'e ein fan 'e oarloch ta aktyf, wêrby't er úteinlik opklom ta de rang fan brigadegeneraal.

Gesinslibben en ferstjerren bewurkje seksje

Van Antwerp wie troud mei Jane Maria Yates (1815-1870), in dochter fan John Van Ness Yates, dy't ek út Albany kaam, en in pakesizzer fan 'e politikus en rjochter Robert Yates. Mei har krige er fjouwer bern: twa dochters, Catharine (1831-1863) en Caroline (1843-1925), en twa soannen, Yates (1847-1???) en Jesse F. (1850-1???). Van Antwerp kaam yn 1875 yn 'e âlderdom fan 68 jier te Marlboro Meadows yn Marylân te ferstjerren.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.