Vickers Wellesley

Vickers Wellesley


Rol Bommesmiter
Makker Vickers-Armstrongs
Untwerper Barnes Wallis
Earste flecht 19 juny 1935
Yn tsjinst 1937
Ut tsjinst 1944
Tal makke 177 (1936–1938)
Brûkers Royal Air Force, Egypte, Súd-Afrika
Farianten 8

De Vickers Wellesley wie in lichte Britske bommesmiter út 1935.

De Wellesley Mk.I, Type 292 brûkt by de rekordflecht nei Austraalje.

Bou bewurkje seksje

De romp en fleugels wiene makke as in geodetyske konstruksje fan aluminium spanten, bespand mei linnen. As motor waard in 925 PS Bristol Pegasus-XX tapast.

RAF bewurkje seksje

De RAF bestelde 176 tastellen, dy't oant 1938 levere waarden.

By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie it tastel al tige ferâldere, dat it waard mear brûkt oan it Jeropeeske front. Wol hat de Wellesley fan 1940 oant 1942 yn Afrika, Egypte en it Heine Easten operasjoneel west.

Lange-ôfstân bewurkje seksje

Twa, mei ekstra brânstoftanks útriste en streamline, Wellesleys waarden ferneamd doe't der yn 1938 in lange-ôfstâns-flecht mei dien waard. Op 5 novimber 1938 fleagen twa Wellesleys sûnder stoppen yn twa dagen fan Egypte nei Darwin yn Austraalje. Dit wie in rekord; de ôfleine ôfstân wie 11.525 km.

Technyske feiten bewurkje seksje

Der binne 8 farianten fan de Wellesley produsearre.

Vickers Wellesley Mk I:
Ofmjittings Feiten
Lingte 11.96 m
Fleugelspanwiidte 22.73 m
Draachoerflak 58.5 m²
Hichte 3,75 m
Motor ien Bristol Pegasus-XX-stjermotor mei 925 HK (690 kW)
Heechste faasje 369 km/o
Fleanberik 1.786 km
Bemanning twa
Tsjinsthichte 10.060 m
Leechgewicht 2.889 kg
Fleangewicht 5.035 kg
Maks. Fleangewicht 5.670 kg
Bewapening twa 7,7 mm Vickers-MGs, maks. 907 kg bommen

Keppeling om utens bewurkje seksje