Victoriustsjerke (Penjum)

De Victoriustsjerke oan de Grutte Buorren is de tsjerke fan de PKN-gemeente "Trijeris-Ien" yn Penjum. Yn de tiid foar de reformaasje wie de tsjerke wijd oan Fiktor fan Xanten, in romeinsk ofsier fan it Tebaanske legioen dy't de marteldea stoar by de kristenferfolgings yn it Romeinske Ryk. Sûnt 31 jannewaris 2017 is de stifting Victoriuskerk Pingjum eigner fan it gebou. De tsjerke is in ryksmonumint.

Victoriustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Penjum
adres Grutte Buorren 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Toer: 12e of 13e iuw; ferheging 15e iuw; tsjerke: ± 1500, fernijing 1759
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39426
offisjele webside
Protestanske gemeente Trijeris-Ien

Skiednis bewurkje seksje

It âldste diel fan de Victoriustsjerke is it ûnderste diel fan de toer. Dat datearret út likernôch 1200, doe't de earste stiennen tsjerke boud waard. De toer waard yn de 15e iuw ferhege en neffens in tekening út 1720 fan Jacobus Stellingwerf hie de tsjerkeyn dy tiid in fjouwersidige spits. Om 1500 hinne, mooglik nei't it gebou troch kriichgeweld skeind waard, waard de tsjerke op 'e nij boud.

De betinkingsstien boppe de yngong ferwiist nei de grutte feroarings oan it gebou yn de jierren 1758-1759. De toer waard doe foar in part ôfbrutsen en wer opmitsele. Ynstee fan in spits krige de toer doe in ôfsluting mei in sealtek. De tsjerke sels waard ynkoarte en ferlear it let-goatyske karakter. Sawol de súdlike as de eastlike muorren waarden op 'e nij opmitsele en krigen grutte rûnbôgefinsters mei brânskildere ramen fan Ype Staak. De laaien op it dak waarden ferfongen troch dakpannen.

 
Oargel

By de befrijing fan Fryslân yn april 1945 namen flecht nimmende Dútsers stelling yn Penjum. De gefjochten tusken de Dútsers en Kanadezen soargen foar in soad lijen yn Penjum. Mei de restauraasje fan 1962-1965 waard ek de oarlochsskea oan de tsjerke wer ferholpen.

Doe't de herfoarme tsjerke op 1 jannewaris 2008 in protestanske tsjerke waard, krige it gebou ek de roomske namme werom.

Ynterieur bewurkje seksje

De romte fan de tsjerke wurdt oerkape mei in tonferwulft. Yn de tsjerke steane in preekstoel en twa hearebanken út de 18e iuw. De brânskildere ramen binne yn de 19e iuw ferfongen troch smei-izeren finsters mei lytse rútsjes.

Yn de toer hingje twa klokken út 1598 en 1629. De klok fan 1598 mei in diameter fan 110,3 sintimeter waard getten troch Willem Wegewaert, dy fan 1629 mei in diameter fan 124,3 sintimeter troch F. Symon, A. Obertin en N. Rogier.[1]

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1878 boud troch Friedich Leichel út Lochem en op 14 april 1878 yn gebrûk nommen. De bûtenste fjilden fan it front binne skyn en opfolle mei beskildere houten pipen.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: