Vittorio Taviani (San Miniato, 20 septimber 1929 - Rome 15 april 2018) wie in Italjaansk filmregisseur.

De bruorren Taviani, lofts Vittorio (2015)

Vittorio Taviani wurke altiten op mei syn broer Paolo. De bruorren Taviani setten út ein mei it draaien fan dokumintêres yn de jierren 50. Fan 1962 ôf oan regissearren se ek spylfilms. Sy brieken ynternasjonaal troch mei de film Padre padrone (1977) dy't de Gouden Palm wûn op it Filmfestival fan Cannes. Dêrneist wûnen se mei it dokudrama Cesare deve morire (2012) de Gouden Bear op it Filmfestival fan Berlyn. Harren stilearre films sitte fol fan symbolyk, mar se binne dochs tagonklik foar in breed publyk. De films spylje faak yn it suden fan Italië. De bruorren Taviani arbeiden altyd meiïoar op.

Filmografy bewurkje seksje

Keppelingen om utens bewurkje seksje