Vledderveen (Stedskanaal)

Vledderveen is in doarp yn de gemeente Stedskanaal yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It is ien fan de jongste feankoloanjes yn Grinslân. It leit streekrjocht beëasten de kearn fan Stedskanaal en hie yn 2019 290 ynwenners mei 120 huzen. Under it doarp falt 3e Oomsberg dat part fan de buorskip Oomsberg is.

Vledderveen
Lokaasje Vledderveen yn de gemeente Stedskanaal
Lokaasje Vledderveen yn de gemeente Stedskanaal
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 290
Oar
Postkoade 9585
Koördinaten 52° 59' NB, 7° 0' EL
Offisjele webside
www.vledderveengroningen.nl
Herfoarme Evangelisaasjetsjerke Vledderveen

Namme bewurkje seksje

De namme "Vledder" (fledder) tsjut op sompige grûn of sompige greide. It doarp waard oant de iere tweintichste iuw Vledder Batten neamd, sa't it gebiet fanâlds hiet. Om 1930 hinne waard de namme Vledderveen brûkt.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1880 waard úteinsetten mei de feanterij fan it fean yn de streek. De earste wente waard yn 1883 boud. Yn 1903 krijt it doarp in iepenbiere legere skoalle, yn 1915 in tsjerke en yn 1929 in kristlike legere skoalle.

Vledderveen hat lintbebouwing en der is de tsjerke enin kafee. Bûten de buorren is der in crossbaan, in kartingbaan en it Fleanfjild Stedskanaal dat eartiids Fleanfjild Westerwâlde hiet.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Tsjerke fan de Herfoarme Evangelisaasje Jeruël.
  • It Fledderbosk

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gemeente Stedskanaal
 
Haadplak: Stedskanaal
Doarpen: AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeVledderveenZandberg
Buorskippen: BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborg • Tange • Ter MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter: A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal