Wâlterswâld is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Wâlterswâld leit noardlik fan De Westerein, eastlik fan Damwâld, westlik fan Driezum en besúdeasten fan Dokkum. Wâlterswâld hat 945 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. Wâlterswâld hat twa doarpskearnen: Wâlterswâld-Noard leit oan de Koailoane, Achterwei, Dokkumerloane en Tsjerkeloane en Wâlterswâld-Súd leit oan de Tsjerkeloane, Foarwei, Broekloane en ferskate oare strjitten.

Wâlterswâld
Herfoarme tsjerke
Herfoarme tsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 945 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,06 km², wêrfan:
- lân: 6,94 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 136 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 6° 01' E
Doarpsgebiet Wâlterswâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Wâlterswâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Webstee Wâlterswâld
Kaart
Wâlterswâld (Fryslân)
Wâlterswâld

Skiednis bewurkje seksje

 
Spultsje oan de Foarwei

Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en de Koailoane/Achterwei, oanmakke is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer Wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koailoane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen; oan de Achterwei in mids 19e-iuwsk wâldpleatske, oan de Koailoane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e iuw. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e iuw.

Mei it plaknammebeslút fan de gemeente Dantumadiel yn 2009 waard yn 2009 Wâlterswâld as de offisjele namme fan it doarp ynfierd.[3]

Wâlterswâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Mienskip bewurkje seksje

It doarp foarme oarspronklik in "twillingdoarp" mei Driezum. Wâlterswâld dielt ferienings en tsjerken en in doarpskrante mei Driezum. It mienskiplike doarpshûs, "De Nije Warf" stiet yn Wâlterswâld.

Tsjerken bewurkje seksje

 
Grifformearde tsjerke

De doarpen Driezum en Wâlterswâld hawwe in reformatoaryske ynslach en foarmje yn dat opsicht in eilân yn Fryslân. Mei de foarming fan de PKN is in diel fan de herfoarme tsjerke meigien yn it nije tsjerkegenoatskip, wylst in oar diel ûnderdak fûn by de Hersteld Herfoarme Tsjerke. Yn it doarp binne twa grifformearde tsjerken: in grifformearde tsjerke en in grifformeard-frijmakke tsjerke.

Skoallen bewurkje seksje

Wâlterswâld hat twa skoallen (sitewaasje 2021):

  • De Wynroas (prot. kristlik basisûnderwiis)
  • De Kristlike Nasjonale Skoalle (reformatoarysk basisûnderwiis)

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2008 2015 2020
Ynwenners 977 938 862 772 780 1.108 1.079 990 980

Eveneminten bewurkje seksje

  • De Hynstedagen binne meast ein july.
  • De Kennedymars Wâlterswâld-Driezum is in kuiertocht fan 80 km, dy't binnen 20 oeren rûn wurde moat.

Berne yn Wâlterswâld bewurkje seksje

Gebouwen bewurkje seksje

Herfoarme tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Wâlterswâld).

De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeloane, earder de Woutersloane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e iuw oplutsen fan âlder, fannijs brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19e-iuwske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.

Grifformearde tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Wâlterswâld).

Oan de Foarwei oan de Driezumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Nauta (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Dy ferfong in ienfâldige foargonger út de 19e iuw, hat in T-foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.

Sûkereifabryk bewurkje seksje

It eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte pleats: it is ien fan de pear spoaren fan de yn de 19e en betide 20e iuw bloeiende tylt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset- en houtferwurkingsbedriuw.

Strjitten bewurkje seksje

 
Achterwei 12 (ryksmonumint)
 
Foarwei 55 (ryksmonumint)
  • Achterwei -
  • Blaulânsreed -
  • Bonifatiusstrjitte - sindeling Bonifatius
  • Brakkenspaad -
  • Broekloane -
  • Dinzerloane -
  • Dokkumerloane - leane nei Dokkum
  • Dwarsikker -
  • Foarwei -
  • Fuldastrjitte - nei kleaster Fulda
  • Gouweloane -
  • Halepaad -
  • Koailoane -
  • Mearikkerpaad -
  • Mids yn 'e Wrâld -
  • Prysterikker -
  • Reinous Reed -
  • De Sânharst - Súdeastlik fan Wâlterswâld leit yn de lannen in frij heech sânplak. It plak wurdt troch Jacob Botke yn syn boek "De gritenij Dantumadiel" omskreaun as in ‘frij heech, drûch, sânich plak'; der woe hast neat groeie.
  • Spyckhernsterpaad -
  • Trekwei -
  • Tsjerkeloane -
  • Waldheem -
  • Wâlddyk -

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Omrop Fryslân, 3 oktober 2007

 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
 
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld