W. Kamau Bell (folút: Walter Kamau Bell; Palo Alto (Kalifornje), 26 jannewaris 1973) is in Amerikaansk komyk en dokumintêremakker fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Bûten de Feriene Steaten is er benammen bekend wurden fan syn dokumintêresearje United Shades of America, wêryn't er yn eltse ôflevering op besite giet by in oare minderheid of befolkingsgroep yn syn heitelân. Dêrnjonken hat er ek wurke as presintator fan tillefyzje- en radioprogramma's en podcasts, en as filmprodusint fan tillefyzjeprogramma's. Bell is blogger, essayist en de skriuwer fan in autobiografysk boek. As aktivist kantet er him o sa oan tsjin rasisme en alle oare foarmen fan diskriminaasje.

W. Kamau Bell
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Walter Kamau Bell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 jannewaris 1973
berteplak Palo Alto (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as komyk, dokumintêremakker
bekenste
  produksje(s)
United Shades of America
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
wkamaubell.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Bell waard yn 1973 berne yn Palo Alto, yn wat letter Silicon Valley wurde soe, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy is de soan fan Walter Bell, dy't kommissaris fan fersekerings fan 'e steat Alabama wie en letter presidint-direkteur fan 'e Swiss Re America Holding Corporation, en dy syn frou Janet Cheatham Bell, in skriuwster dy't har eigen útjouwerij oprjochte.

Bell, dy't fan bern ôf oan astma hat, groeide foar in diel op yn Mobile (Alabama), yn it Amerikaanske Suden, dêr't syn heite famylje wei kaam, en yn Boston en Chicago yn 'e noardlike Feriene Steaten. As bern brocht er in soad tiid troch mei syn folle nicht N.K. Jemisin, dy't fan deselde jierren wie en dy't letter ferneamd wurde soe as fantasyskriuwster. Bell behelle in bachelortitel oan 'e Laboratoariumskoalle fan 'e Universiteit fan Chicago, en learde dêrnei troch oan 'e Universiteit fan Pennsylvania yn Philadelphia, ear't er syn stúdzje ôfbriek om in karriêre as komyk nei te stribjen.

Karriêre bewurkje seksje

As komyk bewurkje seksje

Mids 1990-er jierren fêstige Bell him yn 'e stêdekloft fan San Francisco, dêr't er mei maatskiplike en politike ûnderwerpen namme makke as stand-upkomyk en aktivist. Hy wie ien fan 'e oprjochters fan it komeedzjekollektyf Laughter Against the Machine. Nei de iuwwiksel groeide er út ta in geregelde gast yn podcasts, radioprogramma's en oare mediapublikaasjes, lykas WTF with Marc Maron, Citizen Radio en The War Room with Jennifer Granholm op Current TV. Yn dat lêste programma wie Bell geregeldwei te sjen as ferslachjouwer.

 
W. Kamau Bell.

Bell syn earste stand-up comedy-album, One Night Only, kaam út yn 2007. Datselde jiers ûntwikkele er in onemanshow mei as titel The W. Kamau Bell Curve: Ending Racism in About an Hour. Dêryn ûndersocht er op komyske wize it ferskynsel rasisme yn 'e hjoeddeistige Amerikaanske maatskippij. Syn twadde album, Face Full of Flour, publisearre er yn 2010. Dat waard troch iTunes en Punchline Magazine omskreaun as ien fan 'e tsien bêste comedy-albums fan it jier.

Fan 2011 oant 2012 skreau Bell it blôch Kamau's Komedy Korner (de inisjalen KKK foarmje in ferwizing nei de Ku Klux Klan) foar it tydskrift San Francisco Weekly. Yn 2012 waard er keazen ta bêste komyk troch de San Francisco Weekly, de San Francisco Bay Guardian en 7×7 Magazine. De earste tillefyzjeregistraasje fan in stand-up comedyshow fan him, Semi-Prominent Negro, waard op 29 april 2016 útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder Showtime. Yn septimber fan dat jier kaam syn trêde album út, dat deselde titel hie. Yn 2017 waard Bell oansteld as artist in residence fan 'e Universiteit fan Santa Clara yn Santa Clara (Kalifornje).

As presintator en dokumintêremakker bewurkje seksje

Fan 2012 oant 2013 wie Bell presintator fan 'e ienris yn 'e wike útstjoerde stand-up comedyshow Totally Biased with W. Kamau Bell, in tillefyzjeprogramma dat produsearre waard troch komyk Chris Rock. Dat wie yn 't earstoan te sjen op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder FX en letter op it susterkanaal FXX. Totally Biased (wat "Folslein Befoaroardiele" betsjut) joech kommentaar op maatskiplike en politike aktualiteiten mei dêropta fraachpetearen mei bekende Amerikanen. Nei't it programma yn novimber 2013 stopset waard, ferhuze Bell fan New York werom nei noardlik Kalifornje.

Yn 2015 sette Bell útein mei it meitsjen fan 'e dokumintêresearje United Shades of America ("Feriene Kleuren fan Amearika", in wurdboarterij op United States of America). Dêryn gied er yn eltse ôflevering op besyk by in oare minderheid of befolkingsgroep yn 'e Feriene Steaten, lykas de Afro-Amerikanen, de Yndianen, de sikhs yn Kalifornje, de See-eilânske Kreoalen (fan 'e See-eilannen) en de lânseigen Hawaïanen. Ek makke er in ôflevering oer it buorlân Kanada, dat er dêryn benammen brûkte as ferlikingsmateriaal mei de Feriene Steaten. United Shades of America waard makke foar CNN en rûn trije seizoenen, oant en mei 2018. As produsint fan 'e searje mocht Bell yn 2017 in Emmy Award yn ûntfangst nimme yn 'e kategory bêste realitytillefyzjeprogramma. Yn 2018 waard er sels nominearre foar in Emmy yn 'e kategory bêste presintator fan in realitytillefyzjeprogramma.

As presintator fan podcasts en radioprogramma's bewurkje seksje

Fan 2010 oant 2014 presintearren Bell en Vernon Reid, de gitarist fan Living Colour, tegearre de podcast The Field Negro Guide to Arts & Culture. Fan novimber 2014 ôf presintearre Bell mei komyk en skriuwer Kevin Avery de podcast Denzel Washington Is the Greatest Actor of All Time, Period. Behalven ien resinsje per útstjoering fan it hiele oeuvre fan akteur Denzel Washington, brocht dy podcast ek fraachpetearen mei foaroansteande filmmakkers, akteurs, muzikanten en komiken, ûnder wa Spike Lee, Ava DuVernay en Issa Rae.

Sûnt jannewaris 2016 presintearre Bell op it radiostasjon KALW it live-radioprogramma Kamau Right Now, dat teffens as podcast oer it ynternet útstjoerd waard. Fierders presintearre Bell fan juny 2016 ôf mei komyk Hari Kondabolu ek de podcast Politically Re-Active, wêryn't it Amerikaanske politike systeem ûnder de lûp nommen waard en ferkiezings besprutsen waarden mei as gasten aktivisten, sjoernalisten en wittenskippers.

 
W. Kamau Bell.

As publisist bewurkje seksje

Bell skreau en publisearre in stikmannich essays en blôchs oer it ferskynsel ras en de Amerikaanske maatskippij, en oer rasisme yn 'e Amerikaanske maatskippij, polityk en media. Yn maaie 2017 brocht er syn earste boek út, mei as titel: The Awkward Thoughts of W. Kamau Bell: Tales of a 6'4, African American, Heterosexual, Cisgender, Left-Leaning, Asthmatic, Black and Proud Blerd, Mama's Boy, Dad, and Stand-Up Comedian. Dat boek is in humoristyske autobiografy, dy't om it hoartsje ûnderbrutsen wurdt troch essays oer polityk en popkultuer.

As aktivist bewurkje seksje

Bell is lid fan advyskommisjes fan Race Forward, in tinktank op it mêd fan rasismebestriding dy't foarhinne bekend stie as it Applied Research Center, en fan Hollaback!, in organisaasje dy't him taleit op 'e bestriding fan alle foarmen fan diskriminaasje, lykas rasisme, mar ek seksisme, antysemitisme en diskriminaasje op basis fan religy, seksuële oriïntaasje, ensfh. Yn oktober 2013 waard er troch de American Civil Liberties Union (ACLU) beneamd ta ambassadeur op it mêd fan rasiale rjochtfeardichheid.

Yn 2015 kaam Bell sels yn it nijs fanwegen in gefal fan rasisme. Doe't er op 26 jannewaris fan dat jier mei syn blanke frou Melissa en har blanke freondinnen op it terraske fan it Elmwood Café yn Berkeley siet, waard him troch in ober te kennen jûn dat er "oprotte" moast, om't dy blykber tocht dat er de blanke froulike kafeegasten lestichfoel. De eigner fan it kafee, dy't ûntstried dat it ynsidint mei rasisme te krijen hie, naam neitiid mei Bell sels diel oan in mienskipsgearkomste, dêr't se it hiene oer implisite foaroardielen en hoe't dy bestriden wurde koene.

Bell syn kant fan 'e saak waard letter beljochte yn 'e ôflevering Birds & Bees fan 'e radiosearje This American Life. Op 12 april 2018 fûn in lyksoartich ynsidint plak yn in filiaal fan 'e kofjehûskeatling Starbucks yn Philadelphia, wêrby't it personiel twa negroïde manlju arrestearje liet om't se yn 'e saak 'omhongen' (yn wurklikheid wachten se op freonen mei wa't se dêr ôfpraat hiene). Dêrnei brocht Bell syn krityk op it Elmwood Café nochris op it aljemint, mei as gefoch dat de saak koart dêrnei oer de kop gie.

Priveelibben bewurkje seksje

W. Kamau Bell is troud mei Melissa Bell, in blanke Amerikaanse, mei wa't er twa dochters hat. Hja wenje yn 'e stêdekloft fan San Francisco, yn noardlik Kalifornje.

Diskografy fan stand-up comedy-albums bewurkje seksje

  • 2007 – One Night Only
  • 2010 – Face Full of Flour
  • 2016 – Semi-Prominent Negro

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.