Een WSF-bibleteek of Plusbibleteek, oprjochte yn 2009, is in bibleteek mei in 'wittenskiplike stipe-funksje' yn Nederlân. Der is in netwurk fan 16 iepenbiere bibleteken dy't in grutte kolleksje foar dat doel hawwe. De WSF-bibleteken soargje foar kolleksjes en ynformaasjefoarsjenning op HBO- en heger nivo foar alle brûkers fan iepenbiere bibleteken.

WSF-bibleteken binne: Iepenbiere Bibleteek Amsterdam, Stedsbibleteek Haarlim en omkriten, Bibleteek Arnhim[1], OB Grins, Iepenbiere Bibleteek Almeare[2], Tresoar (Ljouwert), Stedsargyf en Ateneümbibleteek Dimter[3], Iepenbiere bibleteek Enskedee, Bibleteek De Haach, Bibleteek Utert, Bibleteek Rotterdam, Siuwske Bibleteek (Middelburg), OBT; Bibleteek foar Midden-Brabân, Iepenbiere Bibleteek Eindhoven en de Centre Céramique (Stedsbibleteek Maastricht).

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arnhim plusbibliotheek
  2. Flevolân plusbibliotheek
  3. SAB plusbibliotheek