Walter Elias Disney (5 desimber 1901, Chicago - 15 desimber 1966, Los Angeles) wie in Amerikaansk produsint, ûntwerper, skriuwer en regisseur fan Oskar-winnende tekenfilms en Hollywoodfilms, sakeman en de geastlik heit fan ûnder oaren Mickey Mouse en Donald Duck. Tegearre mei syn broer Roy Disney hat er yn 1923 in studio oprjochten dy't útgroeid is ta in omfangryk media-bedriuw: The Walt Disney Company.

Walt Disney

Jonge jierren bewurkje seksje

Newman Laugh-O-Gram (1921)

Walt Disney is berne yn Chicago. Syn heit Elias Disney, wie fan Iersk-Kanadeesk komôf en syn mem, Flora Call-Disney, wie fan Dútsk-Amerikaansk komôf. Walt wie ien fan de fiif bern, fjouwer jonkjes en ien famke. Doe't hy opgroeide op in buorkerij yn de buert fan Marceline, Missoury, rekke Walt al betiid ynteressearre yn tekenjen. Hy ferkocht syn earste sketsen al oan de buorlju doe’t er noch mar sân jier âld wie. Op de McKinley High-skoalle yn Chicago wie Walt aktyf mei de skoalkrante, sawol mei foto’s as mei tekenings. Jûns gie hy nei de Akademy of Fine Arts. Yn de hjerst fan 1918 besocht de jonge Walt Disney om ta te treden ta de militêre tsjinst, mar hy waard wegere om't er noch mar sechtsjin jier âld wie. Yn stee dêrfan gie er by it Reade Krús; troch harren waard er de oseaan oer stjoerd. Hy brocht in jier troch mei it ferfieren fan stêfleden en it riden yn in ambulânse. Hy hie yn 'e kriich de bynamme de Diz. Syn ambulânse wie net kamûflearre, mar wie bedutsen mei allerhande tekenings en spotprinten. Nei de oarloch gie Walt werom nei Kansas City, dêr't er opgong makke as reklametekener. Hjir ferkocht hy yn 1920 syn earste animearre tekenfilm.

Karriêre bewurkje seksje

Yn augustus 1923 ferliet Walt Disney Kansas om nei Hollywood te gean. Hy hie neat mei, allinnich wat tekenmateriaal. Walt syn broer Roy wie nei Kalifornje gien. Hy fûn de ideeën fan Walt goed. Hy hie sels 250 dollar en se wisten nog ris 500 dollar te lienen; mei dat jild ynstallearren se in kamera-konstruksje yn de garaazje fan harren omke. Nei in skoftke krigen hja harren earste oarder út New York foar de earste Alice yn Wûnderlân. It wie in kombinaasje fan aksje en animaasje. De bruorren begûnen in studio efter in makelaarskantoar in pear strjitten fierder. Op 13 july 1925 troude Walt mei ien fan syn earste wurknimsters, Lilian Bounds. Se krigen twa dochters; Diane en Sharon.

Mickey Mouse waard berne yn 1928 op de weromreis fan in teloarstellende moeting mei Charles B. Mintz. Mintz hie Disney frege om in goedkeapere opfolger foar de Alice-filmkes foar Universal Pictures. Doe't dy opfolger, Oswald the Lucky Rabit, in sukses waard hierde Mintz de measte animators fan Disney yn om sels in studio foar Oswald te begjinnen. Om't Universal Pictures de rjochten op Oswald hienen koe Disney der neat oan feroarje en moast er wat nijs betinke. Hy krige it idee fan Mickey tegearre mei Roy. Walt makke it uterlik fan Mickey mei Ub Iwerks, in man fan Nederlânsk komôf. Mickey Mouse, dy’t earst Mortimer Mouse hiet, waard foar it earst brûkt yn de film Plane Crazy. Wilens kamen der ek nije technologyen beskikber, lykas lûd by in film. Plane Crazy waard derom útsteld. Yn stee dêrfan makken hja in nije tekenfilm mei de namme Steamboat Willie. It wie de earste tekenfilm mei lûd. De premiêre wie yn it Colony Theatre yn New York op 18 novimber 1928.

Walt Disney wie hieltyd dwaande om de animaasjekeunst te ferbetterjen. Yn 1932 wûn er syn earste persoanlike Oscar foar de film Flowers and Trees. Yn 1937 produsearre Walt Disney de film The Old Mill. Yn dy film waard foar it earst wurke mei multiplane-kamera-technyk.

Op 21 desimber 1937 gie de earste jûnfoljende muzikale tekenfilm yn premiêre yn Los Angeles. De film wie produsearre foar mar leafst 1.199.000 dollars, wat foar dy tiid in slompe jild wie. Dy film, mei de namme Sniewytsje en de sân dwergen, wurdt noch altyd sjoen as in monumint yn de filmyndustry. Yn de neikommende fiif jier waarden noch fjouwer fan soksoarte films útbrocht dy’t wrâldferneamd wurden binne: Pinokkio, Fantasia, Dumbo en Bambi. Yn 1940 waard Disney’s nije studio iepene yn Burbank. It waard in wurkplak foar mear as 1.000 minsken. Yn de Twadde Wrâldkriich waard 94 prosint fan de studio brûkt foar it regear, bygelyks om soldaten te trenen.

Yn 1954 begûn Disney ek te produsearjen foar de telefyzje en brocht er as ien fan de earsten in programma op de merk wat hielendal yn kleur wie. Dit programma hjitte Wonderful World of Color. De Mickey Mouse Club en Zorro, dy't ek troch Disney makke waarden, waarden oer de hiele wrâld tige goed besjoen. Yn 1955 yntrodusearre Walt Disney wat hiel nijs: in pretpark mei de namme Disneylân. It park hat doedestiids 17 miljoen dollar koste, mar it is útgroeid ta ien fan de ferneamdste temaparken fan de wrâld en hie nei in perioade fan tritich jier al mear as 250 miljoen minsken fermakke. Yn 1961 sette Walt Disney in nij gearwurkingsferbân op mei The Los Angeles Consevatory of Music en it Chouinard Art Institute. Hy woe alle kreative en útfierende artysten les krije litte yn ien gebou. Hy hie in hiele nije benadering fan artistyk ûnderwiis. Walt sei hjir oer: "Ik wol wat efterlitte foar as ik der net mear bin. As ik helpe kin troch in plak te meitsjen dêr't it talint fan de takomst him ûntwikkelje kin, dan bin ik der tige grutsk op dat ik dat berikt ha."

 

Dea bewurkje seksje

Yn 1965 luts it probleem fan de kwaliteit fan de stêd syn oandacht. Hy naam de lieding by it ûntwerp fan in Experimental Prototype Community Of Tomorrow (EPCOT), wat in foarbyldmienskip fan de takomst wurde moast. Yn stilte kocht Disney in stik lân yn Florida fan likernôch 120 fjouwerkante kilometer, twa kear sa grut as Manhattan. Neidat de bou begûn wie waard by in medysk rûtine-ûndersyk ûntdutsen dat Disney longkanker hie. It wie al fier hinne; ien long waard weihelle mar it koe de sykte net mear keare. De seis wiken yn it sikehûs dêrnei brûkte hy om mei syn lêste krêften, lizzend yn syn bêd, mei syn hannen yn de loft meneuveljend, syn fisy op it projekt yn Florida, Disney World, te jaan. Op 15 desimber 1966 stoar hy yn syn keamer yn it sikehûs rjocht tsjin de studio oer. Walt Disney is 65 jier wurden.

Syn karriêre hat 43 jier duorre. Hy hat mear as 950 ûnderskiedings krigen, wêrûnder 48 Oskars en 7 Emmys.