Walt Disney Pictures

Walt Disney Pictures is in Amerikaanske filmstudio en in dochterûndernimming fan 'e Walt Disney Studios, dy't folslein eigendom is fan The Walt Disney Company. Walt Disney Pictures is binnen it bredere ferbân fan 'e Walt Disney Studios de wichtichste produsint fan live-action-films (yn tsjinstelling ta animaasjefilms). It bedriuw is fêstige yn it Walt Disney Studios-kompleks yn Burbank, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Walt Disney Pictures waard yn 1983 oprjochte as apart ûnderdiel fan The Walt Disney Company, en wurdt beskôge as ien fan 'e 'Grutte Seis' filmstudio's fan Hollywood.

Walt Disney Pictures, Inc.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1983
eigner The Walt Disney Company
mem Walt Disney Studios
offisjele webside
www.waltdisneystudios.com

Skiednis bewurkje seksje

Eins kin steld wurde dat Walt Disney Pictures de facto al yn 1923 ûntstie, doe't Walt Disney en syn broer Roy O. Disney de Disney Brothers Cartoon Studio begûnen, dy't letter útgroeie soe ta The Walt Disney Company. Yn it begjin wie de filmstudio lykwols in yntegraal ûnderdiel fan harren bedriuw. Oarspronklik makke Disney allinnich mar tekenfilms, mar yn 'e 1940-er jierren waarden der ferskate hybride films útbrocht, wêryn't echte akteurs as tsjinspilers tekenfilmfigueren hiene, lykas The Reluctant Dragon (1941) en Song of the South (1946). De earste folsleine live-action-film fan bioskooplingte dy't troch Disney útbrocht waard, wie Treasure Island, út 1950.

De poat fan 'e Disney-korporaasje dy't live-action-films produsearre, waard op 1 april 1983 ûnder de namme Walt Disney Pictures ta in bestjoerlik selsstannich bedriuw makke. De earste algemien direkteur fan 'e nije ûndernimming wie Richard Berger, dy't yn febrewaris 1984 Touchstone Films oprjochte as in dochterûndernimming fan Walt Disney Pictures. De bedoeling wie dat Walt Disney Pictures bernefilms en famyljefilms meitsje soe, wylst Touchstone films foar tiners en folwoeksenen útbringe soe. Letter yn 1984 moast Berger it fjild romje doe't Ron W. Miller as algemien direkteur fan The Walt Disney Company opfolge waard troch Michael Eisner, dy't syn eigen filmbaas, Jeffrey Katzenberg, meibrocht om lieding te jaan oan Walt Disney Pictures.

Katzenberg waard yn april 1988 opfolge troch David Hoberman. Under dy syn lieding waard yn febrewaris 1989 Hollywood Pictures oprjochte as twadde dochterûndernimming fan Walt Disney Pictures. Yn april 1994 waard Hoberman promovearre ta algemien direkteur fan 'e hiele Walt Disney Studios-difyzje. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is Walt Disney Pictures drok dwaande mei it meitsjen fan live-action-remakes fan tekenfilms fan 'e Walt Disney Animation Studios, lykas One Hundred and One Dalmations (1996), Alice in Wonderland (2010), Cinderella (2015) en The Jungle Book (2016). Yn 'e ienentweintichste iuw behelle de studio boppedat syn grutste súkses ea mei de Pirates of the Caribbean-filmrige.

Op 14 desimber 2017 makke The Walt Disney Company bekend dat it bedriuw it grutste part fan 21st Century Fox kocht hie, ynklusyf 20th Century Fox, foar mear as $52 miljard yn oandielen. Under it oankochte diel fan Fox wie de hiele entertainmentfleugel fan dy korporaasje, de filmstudio ynbegrepen. De Fox Broadcasting Company (de tillefyzjefleugel fan 'e korporaasje) wie net yn 'e keap behelle, en gie fierder as selsstannich bedriuw. It wie noch net dúdlik hoe't de filmstudio fan Fox yn The Walt Disney Company ynpast wurde soe.

Súksesfolste films bewurkje seksje

Hjirûnder de top 10 súksesfolste films anno 2018, dy't útbrocht binne troch Walt Disney Pictures. (N.B.: hoewol't de animaasjefilms fan 'e Walt Disney Animation Studios en Pixar net produsearre wurde troch Walt Disney Pictures, wurde se wol útbrocht troch Walt Disney Studios, en binne se dêrom yn dizze list opnommen.)

yn Noard-Amearika
# titel jier opbringst
1 Incredibles 2 2018 $583.112.522
2 Beauty and the Beast 2017 $504.014.165
3 Finding Dory 2016 $486.131.416
4 Pirates of the Caribbean: Dead Man's Chest 2006 $423.315.812
5 The Lion King 1994 $422.783.777
6 Toy Story 3 2010 $415.004.880
7 Frozen 2013 $400.738.009
8 Finding Nemo 2003 $380.843.261
9 The Jungle Book 2016 $364.001.123
10 Inside Out 2015 $356.002.827
wrâldwiid
# titel jier opbringst
1 Frozen 2013 $1.279.852.693
2 Beauty and the Beast 2017 $1.263.521.126
3 Incredibles 2 2018 $1.088.474.600
4 Toy Story 3 2010 $1.067.171.911
5 Pirates of the Caribbean: Dead Man's Chest 2006 $1.066.179.725
6 Pirates of the Caribbean: On Stranger Tides 2011 $1.045.713.802
7 Finding Dory 2016 $1.025.473.532
8 Alice in Wonderland 2010 $1.025.467.110
9 Zootopia 2016 $1.023.641.447
10 The Lion King 1994 $968.483.777

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.