Warsingfehn is in doarp (Ortschaft) en it haadplak fan de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. De eartiids selsstannige gemeente, dêr't ek de doarpen (Ortsteile) Rorichmoor en Warsingsfehnpolder by hearden, foarmet sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1973 mei tsien oare doarpen de gemeente Moormerland. It doarp hie op 31 desimber 2016 in ynwennertal fan 7.951 op in oerflak fan 12,60 km², en is dêrmei it grutste doarp fan de gemeente.

Warsingsfehn
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Moormerland
Sifers
Ynwennertal 1.759 (31-12-2017)
Oerflak 12,6 km²
Befolkingsticht. 631 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26802
Koördinaten 53° 18′ 52″ NB, 7° 29′ 9″ EL
Mûne yn Warsingsfehn

Skiednis bewurkje seksje

It doarp Warsingsfehn ûntstie yn de achttjinde iuw as in feanterij, mar Rorichmoor wie dêrfoaroer al dúdlik âlder. Dat doarp waard yn 1577 as Rohermoor neamd, en dat gie nei alle gedachten om in yn it fean oanleine delsetting oan de westigge fan de Iems. Ek koe it ferwiisd wêze nei de terpdoarp Rorichum. By de krystfloed fan 1717 strûpte dat doarp ûnder wetter, en waard dêrnei nei it hjoeddeistige plak ferpleatst.

16 novimber 1736 wurdt sjoen as de stiftingsdatum fan Warsingsfehn. Op dy dei bemachtige Gerhard Warsing heechfeangrûn fan 225 hektare yn erfpacht. Hy liet in kanaal fan in syddjip by Sieve by Tergast fan it Fehntjer Tief yn súdeastlike rjochting grave dy't foar it ûntwetterjen fan it oanpachte lân en foar it ferfieren fan it ôfgroeven turf tsjinje koe. Under syn soan Hermann Warsing waard it erfpachtgebiet fierder útwreide: yn 1769 mei 50 hektare, yn 1776 mei 62 hektare en yn 1779 mei 10 hektare.

Oan dat kanaal lieten se sydkanalen grave dy't heaks op it haadkanaal leine. Dêr ûnderferpachten se lân, dy't it feangrûn fierder ôfgroeven. It ôfgroeven turf waard mei turfskippen ferfierd nei de tichteby lizzende stêden Lier en Emden. De dalgrûn, dy't nei it ôfgroeven fean oerbleau waard bedonge mei dong fan fee fan it Eastfryske seeklaaigebiet.

In soad feanters skeakelen al rillegau oer op de skipfeart. Wiene der yn 1751 fiif lytse turfskippen en fjouwer binnenskippen op de kanalen fan Warsingsfehn, yn 1816 wiene der al 31 turfskippen en 12 seeskippen. Om ekstra ynkommen te garjen foeren de kapiteins fan sokke skippen ek it seeferkear tusken de ferskate Noardseehavens. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw wiene der mei-inoar 82, ear't de stoomskipfeart op gong kaam, dy't konkurearjend foar de seelju waard.

De lânbou, dy't eins in dieltiidsbaan wie, wie net genôch om de bewenners fan iten te foarsjen, nettsjinsteande dat it oanmakke lânbougrûn fan 1816 oant 1831 fan 90 ta 205 hektare woeks. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw wie der net mear feangrûn oer om oan te meitsjen, dat der ta late dat yn de lêste tritich jier fan dy iuw mear as 100 feanters it doarp ferlieten en in soad dêrfan emigrearren nei de Feriene Steaten.

Op grûn fan it sosjale struktuer fan Warsingsfehn (feanters, seelju) kaam der in warbere arbeidersbeweging ta stân, en krigen yn de tiid fan de Weimarrepublyk de SPD en KPD in soad oanhing. By de ferkiezings yn 1924 krigen rjochtse partijen lykwols ek in soad oanhing. Yn 1932 krige de NSDAP mei 50 prosint fan de stimmen mear stimmen as de SDP (25,2%) en de KDP (17%) mei-inoar. De konservatieve Kristlik-sosjale Folkstsjinst waard de fjirde.

Under de nazys waarden amtners fan de SPD en KPD út harren funksje set. Njoggen ynwenners fan Warsingsfehn kamen om yn konsintraasjekampen.

Nei de Twadde Wrâldkriich kamen der yn ferhâlding ta de rest fan East-Fryslân en Nedersaksen minder flechtelingen fan de ferdriuwing fan de Dútsers út de eastlike gebieten fan it Dútske Ryk yn Warsingsfehn, om't de lânbou yn it feangebiet minderproduktyf as yn it klaaigebiet wie.

Nei de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen op 1 jannewaris 1973 waard de gemeente Warsingsfehn mei tsien omlizzende gemeenten fúsearre ta de gemeente Moormerland. Nei in stimming krige Warsingsfehn de foarkar oer Neermoor om gemeentehaadplak te wurden. Hoewol't Warsingsfehn ien fan de jongste doarpen fan de gemeente is, is it lykwols yn de 1970-er jierren útwoeksen ta it plak mei de measte ynwenners.

Religy bewurkje seksje

De evangelysk-lutherske ynwenners wiene oarspronklik by de parochy Hatshausen yndield. Yn 1892 waard foar Westwarsingsfehn en Eastwarsingsfehn in selsstannige tsjerkegemeente Warsingsfehn foarme, wylst er noch in filiaalgemeente fan Hatshausen bleau. Yn 1900 waard de gemeente alhiel selsstannich. Yn 1895 waard de Jakobytsjerke boud.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Rita Badewien: Moormerland im Wandel.
  • Kannegieter, Bockelmann e. o.: Warsingsfehn 1736–1986. 250 Jahre Fehngeschichte. Twadde printinge. Lier, ISBN 3928612-05-0.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

 
Moormerland
 
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen