In websearje (fan it world wide web, www) of ynternetsearje is in tillefyzjesearje dy't (yn earste ynstânsje) útstjoerd wurdt fia it ynternet ynstee fan oer in tillefyzjestjoerder. Dit type searje ûntstie al yn 'e 1990-er jierren, waard promininter yn 'e 2000-er jierren, mar naam pas echt in grutte flecht yn 'e 2010-er jierren. De earste websearje wie Rox, dat yn april 1995 yn Bloomington yn Indiana fia it ynternet útstjoerd waard. Tsjintwurdich binne websearjes tige gewoan wurden en wurde se ferspraat fia streamingtsjinsten lykas Netflix en Disney+, mar ek fia sosjale media, lykas YouTube en Facebook, of fia 'gewoane' websiden.

Los fan it medium dat brûkt wurdt foar publikaasje en distribúsje ferskilt in websearje net fan in tillefyzjesearje. It wurdt dêrom ek as in subkategory fan 'e tillefyzjesearje beskôge. In protte websearjes wurde nei ferrin fan tiid ek op 'gewoane' tillefyzjestjoerders útstjoerd. Websearjes kinne besjoen wurde fia alle apparaten dy't kontakt meitsje kinne mei it ynternet en in flugge downloadfaasje hawwe, lykas in desktopkompjûter, in laptop, in tablet of in smartphone. Yn it Ingelsk wurdt ien inkele ôflevering (episode) fan in websearje soms in webisode neamd (in gearlûking fan web en episode).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.