In weranda (fan it Portegeeske varanda) is in oanbou oan in hûs, meastentiids allinnich in ôfdak steunend op houten peallen.

Weranda

De flier kin de besteande flier wêze, mar meastal hat it in houten flier dy't lyk mei de flierhichte yn de hûs trochrint. De namme fynt syn oarsprong grif yn it Bengaalske wurd barandah.

In mei glês ôfsluten weranda wurdt yn Nederlân in serre neamd.

In hielendal ôfsluten glêzen oanbou oan in wenning wurt yn Flaanderen in weranda neamd. Neist lytsere en ienfâldiger konstruksjes besteane der ek grutte djoere eksimplaren dy't beide brûkt wurdde as ekstra leefromte en binnendoar in "bûtendoar-gefoel" oproppe. Farianten yn de styl fan in ôfdak op peallen wurde yn Belgje earder as oerdekte terrassen beneamd. Oanpealjend oan Flaamske weranda's wurdt faak in iepen terras of ferhurding oanlein dêr't dan túnmeubilêr op stiet om te genietsjen fan de bûtenlucht.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.