In wetterplant is in plant dy't yn oerflaktewetters libbet, itsij yn swiet wetter, itsij yn sâlt wetter. Sokke planten wurde ek wol hydrofyten (letterlik "wetterplanten") of makrofyten neamd. Se hawwe har oanpast oan in tydlik of kontinu submersk (ûnderwettersk) bestean en groeie dêrmei op plakken dy't sa fochtich binne dat planten dy't oanpast binne oan it bestean op it lân der net oerlibje kinne. Oarsom kinne wetterplanten wer net op drûch lân libje.

De blom fan 'e Nymphaea alba, in soarte fan wetterleelje.

Wetterplanten hearre yn 'e taksonomyske yndieling fan it planteryk frjemd genôch foar it grutste part ta de lânplanten (Embryophyta), mei't de measte algen tsjintwurdich net mear ta de planten (Plantae) rekkene wurde, mar ynstee ta de supergroep fan 'e oerplanten (Archaeplastida of Primoplantae), wêrbinnen oft se op gelikense hichte steane mei de "echte" planten. Dat yn acht nommen, kin seewier, dat eins in rjusellich soarte fan see-alch is, dus eins net ta de wetterplanten rekkene wurde.

Guon wetterplanten libje hielendal submersk, wylst oaren boppe it wetteroerflak útstykje. In soad foarkommende oanpassings fan wetterplanten oan har biotoop binne driuwende blêden, in sloppe stâle (want as de blêden driuwe, hoecht de stâle ommers gjin stevichheid te bieden) en by guon soarten woartels dy't net ferankere binne yn 'e boaiem, mar focht en fiedingsstoffen streekrjocht út it wetter helje. De wichtichste beheinende faktor foar de fersprieding fan wetterplanten is de djipte fan it wetter en de doer dat it wetter op in beskaat plak stean bliuwt. Oare faktoaren binne de oan- of ôfwêzigens fan fiedingsstoffen, fersteuring troch weachfoarming, beweiding troch wetterdieren en it sâltgehalte fan it wetter.

Ien fan 'e grutste wetterplanten yn 'e wrâld is de Amazônewetterleelje (Victoria amazonica), dy't blêden hat fan wol 3 m yn trochsneed. Ien fan 'e lytsten is it dwerchkroas (Lemna minuta), in soarte fan einekroas, mei bledsjes fan mar 2½ mm yn trochsneed. Guon soarten wetterplanten, lykas wylde rys (Zizania), Sineeske wetterkastanje (Eleocharis dulcis) en wetterkers (Rorippa nasturtium-aquaticum), binne fan belang foar minsklike itensproduksje en -konsumpsje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.