Wetters yn Azerbeidzjan

Hjirûnder folget in opsomming fan wetters yn Azerbeidzjan, fan rivieren, marren en opslachmarren.

Kaspyske See, de kust by Hovsan
De Koer yn Tbilisi

Hydrografysk besjoen heart Azerbeidzjan ta it gebiet dat ôfwetteret yn de Kaspyske See.

Rivieren bewurkje seksje

 
De Koer en Aras binne de langste rivieren fan Azerbeidzjan. Harren ôfwetteringsgebieten beslagge it grutste part fan it lân

Azerbeidzjan hat 8.359 rivieren. Dêrfan binne 8.188 koarter as 25 kilometer en mar 24 rivieren langer as 100 kilometer. De grutste rivieren fan it lân binne:

Ofwetteringsgebieten bewurkje seksje

De rivieren yn Azerbeidzjan kinne ferdield wurde yn trije groepen:

  1. Dy fan it streamgebiet fan de Koer (Qanix, Qabirri, Turyan, Agstafa, Shekir, Terter, Khachin, ensf.)
  2. Dy fan it streamgebiet fan de Aras (Arpachay, Nakhchivan, Okhchu, Hekeri, Kondelenchay, ensf.)
  3. Rivieren dy't streekrjocht yn de Kaspyske See útkomme (Samur, Gudyal, Velvele, Vilesh, Lenkeran, ensaf.)

Koer en Aras bewurkje seksje

De Koer (of Koera) en de Aras binne de langste rivieren yn Azerbeidzjan. Sy mûnje út yn de Kaspyske See en hawwe har' oarsprong op de noardeast-skeanten fan de Grutte Kausasus (Azerbeidzjaansk: Böyük Qafqaz Dağları) en it Talysjberchtme.

It ôfwetteringsgebiet fan de Koer (86.000 km²) oant de krusing mei de Aras is lytser as it ôfwetteringsgebiet fan de Aras (101.937 km²). De rivier hjit noch altyd Koer op de krusing omdat it wetterpeil fan de Kura twa kear sa heech is as dat fan de Aras.

Marren bewurkje seksje

 
De Goygolmar

Opslachmarren bewurkje seksje

 
De Mingacheviropslachmar út de Romte wei sjoen

Der binne mear as 60 keardamen mei wettereservoirs yn it lân dy't de wetterstân yn de rivieren beynfloedzje. De measten wurde brûkt foar yrrigaasje. De grutsten binne:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: