Wide Noarderherne 1

De Wide Noarderherne 1 is de lokaasje fan in steatlik wenhûs oan de Wide Noarderherne yn Snits.

Wide Noarderherne 1

It gebou út 1789 is in ûntwerp fan Auke Bruinsma en is in ryksmonumint yn de binnenstêd fan Snits. It krige de monumintestatus troch de bysûndere gevel mei brede yngongspartij. Dêrboppe sit in omliste en mei festoenen bekroand finster. Dêrboppe sit in kroanlist mei triglifen. Njonken de kroanlist binne twa festoenen te sjen. Boppe-oan de gevel sit in grut timpaan mei in portretmedaljon mei festoenen deromhinne. Om it skylddak sitte mei buorden fersierde skoarstiens. De tún rikt oan it Bolwurk ta.

It pân is by in soad Snitsers bekend as it wenhûs fan dr. G.N. Bouma, sjirurch yn it Sint Antonius Sikehûs, dy’t hjir ek thús in soad operearre yn in soarte priveeklinyk. Nei him is ûnder mear de Dr. Boumawei neamd. Nei syn ferstjerren wie hjir oant 1983 it Grifformeard Ferpleechhûs fêstige. Sûnt 1984 sit de Bibleteek Snits yn it pân.