Wiebe Wieling (Menaam, 15 desimber 1955) is in skoal- en sportbestjoerder. In byfunksje is dy fan foarsitter fan de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Wieling wennet yn Hurdegaryp en is troud mei Jessy Stapensea; sy hawwe twa soannen.

Libben bewurkje seksje

Wieling studearre Sosjale Geografy en Ekonomy oan de universiteit fan Grins. Hy wie fan 1997 oant 2004 lid en sûnt 2001 foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer (CvB) fan Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dêrneist wie er oant yn 2007 lid fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Hânzehegeskoalle fan Ljouwert en Grins. Op 1 augustus 2009 is Wieling beneamd ta foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de OSG Piter Jelles yn Ljouwert. Iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles is de grutste fan Fryslân mei fêstigingen yn Sint-Anne, Dokkum en Kollum.

Op 18 novimber 2005 waard er troch Henk Kroes yntrodusearre as syn beëage opfolger. Op 16 desimber waard er ta bestjoerslid keazen, mei as doel op termyn it foarsitterskip oer te nimmen. De twa jier waarden brûkt om Wieling yn te wurkjen (2007). Sels hat Wieling de Alvestêdetocht twa keer folbrocht. De Trettjinde Alvestêdetocht folbrocht hy tegearre mei syn frou Tsjetsje Dieuwke Stapensea. Wieling krige lanlike bekendheid yn febrewaris 2012, doe't der sprake wie fan in mooglike 16e Alvestêdetocht, mar dy't troch te min iis yn it suden fan Fryslân net troch gie.

Op 22 novimber 2019 waard Wieling foarsitter fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFPS) foar Bert Wassenaar yn 't plak.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vogelzang, Elizabeth, Koninklijke Fries terug naar royalstal, yn: de Ljouwerter Krante, 21 novimber 2019, s. 28.