Wieger Hendrikus Idzerda

Wieger Hendrikus Idzerda (Raard, 13 augustus 1816 - Den Haach, 6 desimber 1881) wie in Nederlânsk politikus.

Wieger Hendrikus Idzerda

Hy wie in soan fan Hendrikus Reneman Idzerda, genêshear en froedmaster, en Jeltje Wygers Dykstra. Idzerda troude op 13 febrewaris 1861 mei de 20-jierrige Pompeja Johanna Diederik (Meppel, 1840- Den Haach, 1903). Hy wie earder troud mei Geesje Tijl yn Grins.[1]

Idzerda wie in út it Akkrum ôfkomstige dokter dy't yn de Twadde Keamer optrede as deskundige op it mêd fan folkssûnens. Yn it earstoan wie hy ôffurdige foar it distrikt Ljouwert, letter foar Snits (1858-1865) en (1869-1881). Yn de tuskentiid wie hy genêskundich ynspekteur yn Noard-Nederlân. Hy wie in oertsjûge Thorbeckiaan, dy't ek opkaam foar de Fryske belangen. Ek hat er keamerhear fan kening Willem III west. Yn Akkrum is in strjitte nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Genealogy Houwink. Houwink jout as berteplak Rauwerd en as bertedatum 3 augustus 1816.