Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf13, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 8 desimber 2009 oant en mei 15 jannewaris 2011.


Stjerartikel

Op in soad wikipedy's binne der stjerartikels. Moaie artikels dy't mein in stjerke wardearre wurde om de ynformaasje dy't dêryn. Sa'n stjerke wurdt jûn troch de brûkers fan de wikipedy. Neist dat it goed oanjout wat in goeie side is, is it ek in beleaning foar dy persoan dy't dat artikel skreaun hat. It kin sels in oansetsje wêze foar minsken om krekt dat bytsje ekstra te dwaan foar in side, tink ik. Is soks ek wat foar op ús wikipedy?--J'88 8 des 2009, 13.11 (CET)[beäntwurdzje]

Goed inisjatyf, op hokker wize wolst soks organisearre?--Geoffrey 23 des 2009, 15.13 (CET)[beäntwurdzje]
De Afrikaanske stjerartikels steane hjir op in side. De prosedure is dêr dat in side foardroegen wurdt en dat de minsken dan harren stim jaan. Dat kin posityf, negatyf of neutraal wêze. Minsken moatte al wat ûnderbouwe wêrom in side yn oanmerking komt of wêrom se fine fan net. De oanmelden siden foar de Afrikaanske wikipedy steane hjir. Ek op Limburch hawwe se stjerartikels: hjir.
Yn it ram fan in mooglike 'Side fan de dei' yn de takomst kin dit in goed helpmiddel wêze. We krije sadwaande in goed oersjoch fan kwalityf goeie artikels.--J'88 23 des 2009, 15.24 (CET)[beäntwurdzje]
Prima, ik fyn dat in goed ding.--Geoffrey 23 des 2009, 15.39 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw sels de technyske mooglikheden of kennis net fan hoe soks op te setten is. Misskien is it it beste om soks op te setten nei dat we ree binne mei de Hjoed yn de Histoarje.--J'88 23 des 2009, 23.00 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha alfêst in oanset makke foar Wikipedy:Topside. Ik fyn dat in side net samar de titel 'topside' fertsjinnet. Wy hawwe trouwens ek al soksawat as de Wikipedy:Artikelhifker. Wat wolle jim graach sjen? Gr. --Kening Aldgilles 25 des 2010, 17.26 (CET)[beäntwurdzje]
Goeijûn folk. Moai dat jo jo der ek mei dwaande hâlde wolle. Ik tink dat wy op de side Artikelhifker de siden delsette kinne dy't neffens guon minsken de namme 'topside' wurch binne. De siden kinne dan alderearst goed neisjoen wurde troch de minsken dy't it Fryske skriuwen goed yn de macht hawwe. It spul soe dan sa gean moatte dat de siden op in beskate side foardroegen wurde, wêrnei minsken stimme kinne. De side sil oan in stik as wat easken foldwaan moatte foar de meidoggers fan de Wikipedy. Ik soe graach de Afrikaanske foarm oanhâlde wolle. Dêr binne se al aardich fier op dit mêd mei dúdlike easken en gong fan saken. Groetnis en foar elkenien noch in noflike jûn en Twadde Krystdei! J'88 25 des 2010, 18.57 (CET)[beäntwurdzje]
Efkes noch oer de Afrikaanske foarm. Op dy wikipedy kinne allinnich artikels mei in stjer op de haadside komme. Dat soe úteinlik ek by ús de noarm wêze moatte tink ik. By ús soe ik graach sjen dat der in side mei alle stjerartikels komt (de side dy't Aldgilles hjoed oanmakke hat) en in side wêrop artikels foardroegen wurde kinne, wêrnei de meidoggers 'ja' of 'nee' sizze kinne tsjin in side. Groetnis. J'88 25 des 2010, 19.00 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de side Wikipedy:Kandidaatsiden oanmakke. Hjir kinne siden foardroegen wurde en kinne de meidoggers stimme. J'88 3 jan 2011, 13.55 (CET)[beäntwurdzje]

Rige

By de rubryk Nedige siden stiet ek Rige mar ik kin nearne fine wêr't dat nei ferwiist. It is net De Rige, want dy side bestiet al. Wa wit hjir mear fan? Soe it in rige fan Skiekunde wêze? Mar hoe krije wy soks dan oanmakke? --Swarte Kees 2 des 2009, 22.56 (CET)[beäntwurdzje]

De side Wiki:Nedige siden wurdt net alle dagen bywurke. Doe't er foar it lêst bywurke waard hie it Berjocht:Ynfoboks Elemint noch in keppeling mei Rige, dy't sûnt feroare is yn in keppeling mei Gemisky rige. Dêrtroch binne de keppelings op alle siden foar eleminten ynienen ferdwûn, en is der gjin ferlet mear fan in side Rige. Mar fansels soenen jo der in betsjuttingsside fan meitsje kin, foar de twa betsjuttings dy't jo neame. Aliter 3 des 2009, 00.14 (CET)[beäntwurdzje]
Dat kloppet. Ik haw sjoen wêr't de keppeling hinne giet, nei de ynfoboks foar eleminten. Der binne mear fan de keppelings yn dy ynfoboks dy ik feroar haw omdat de wurde sels ek oare betsjuttings ha kinne. De ynfoboks is trouwens hast hielendal 'ynkleure'. Stiet wol moai.--J'88 3 des 2009, 10.33 (CET)[beäntwurdzje]
Der steane noch folle mear as jo oanklikke fan de earste 500 artikels sjen litte...,Kees

Kategoryen

Ik haw de leste tiid wat troch ús kategoryen hinne sneupe. Dêr hawwe wy, kin ik wol sizze, in binde fan makke. Der rint in soad troch elkoar hinne en der binne in soad synonimen. Bygelyks: [Kategory:Amearikaansk persoan], [Kategory:Amerikaansk persoan]. Wat is no de goeie? Amearika en Amerika kom ik beide aardich wat tsjin op de wikipedy. Ik woe graach wat omtinken freegje hjirfoar. Myn foarstel is om by it skriuwen fan in side en it pleatsen fan dy side yn in kategory ek efkes yn de kategory te sjen en sa nedich wat oan te passen. Miskien dat we dan de boel wat op oarder bringe kinne.--J'88 3 des 2009, 21.23 (CET)[beäntwurdzje]

Werstavering fan it wurdlid dêr't de klam op leit: Wikt:Amearika, Wikt:Amerikaansk. Aliter 4 des 2009, 02.57 (CET)[beäntwurdzje]

Tell us about your Wikipedia

Der stiet al in hiel skoft in fraach hjiroer. No ha'k besocht hjir wat oer te sizzen, mar myn Ingelsk is net goed genôch. As basis ha'k de Limburchske antwurden brûkt en dy omsetten. De side stiet op Meta, dêr bin'k net foar ynlogge. Wol eltsenien hjirûndera soe hjirûnder ris nei sjen en oanfolle, wizigje? Faak kin ien fan de behearders dit dat oerplakke nei Meta?--Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]

Questionaire

Contributors

  • Wikimedia Statistics can be difficult to interprete. What is your impression, how many steady contributors do you have?
There are 7 steady contributors.--Swarte Kees 10:51, 29 August 2008 (UTC)
  • Are your contributors mostly native speakers?
Most of them are.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
  • Where do your contributors live (regions/country)?
Contributors live (or are born) mainly in or around the province of Frisian (including German Frisian). ----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Doch mar "Province of Friesland". en "German Frisia". It earste is de Provinsje, it twadde de gruttere regio. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • How common is it that your contributors meet in real life?
We haven't had a wikimeeting.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Some of the contributors have met eachother. ----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Meitsje der mar fan: "There was an informal meeting two years ago." Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

Other Wikipedias

  • Do you have special contacts with another Wikipedias (maybe in related languages)?
There are users that work on the Seelterfrisian wikipedia.--Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
" as well." Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • Do you translate a lot from other Wikipedias? Which ones?
Mostly from Dutch, English and German Wikipedias.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Net foar eltsenien itselde, tink. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ek oare besibbe talen as Afrikaansk en de lytse minderheidstalen fan Nederlân komme geregeld foarby.--J'88 8 des 2009, 13.04 (CET)[beäntwurdzje]

Organization and support

  • Is there a Wikimedia chapter in your country? How does your language relate to it?
The Dutch Wikpedia: Frisian is a group of dialects spoken in the Netherlands and a part of Germany. --Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
"The Dutch Chapter" wie better. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • Are there work groups in other organizations about Wikipedia?
Not that I'm aware of.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Der is kontakt mei Tresoar, mar dy hawwe der net in formele groep foar. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

Your Wikipedia and the linguistic community

  • Is there a language institution for your language, like an Academy, or a club of people interested in your language? Do you have contact with them?
There is the Fryske Akademy. We are not really in contact with them.--Pahles 10:51, 29 August 2008 (UTC)
Wy binne no en dan yn kontakt oer spesifike kwestjes, haw ik it idee. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • Who (else) supports you?
Nobody.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Tresoar besiket om foto's en oare media foar ús beskikber te meitsjen, is it net? Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • How looks your public outreach for your edition? Do you have flyers, give lectures, trainings etc.?
No, we haven't.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Net genôch minsken, njonken de sideskriuwers? Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • Do you get feedback from readers?
Sometimes, but not much.--Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
It is mear dat der no en dan in anonym wat oanpast at it net goed is. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • What other encyclopedias exist in your language?
Encyclopedie van Friesland (books) with two updates.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Net ien. De EvF en de EvhHF binne yn it Hollânsk. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

Content

  • Does your edition concentrates on certain topics, like your region and language, or Latin Wikipedia on Roman history and Christianity?
A lot of articles are about Fryslân (cities, towns) arts and nature (plants, geography, etc.) in and around Fryslân, but due to interests of editors the number of other articles is slowly growing.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Dêr heart noch earne in komma as "and" yn. "towns), and "? Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • Did your edition enjoy text donations, for example from older encyclopedias?
No.----Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Om't der gjin oare E binne yn ús taal. Al is it sa dat der hieltyd mean fan de EvF oernaam en oerset wurdt. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

Language

  • Is there a generally accepted norm about your language (spelling, dictionary, pronunciation)?
The province of Fryslân in the Netherlands has issued a standardized spelling. Frisian is has a collection of related dialects, and spelling of words differs from town to town, as does the pronunciation. --Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]
Der is in standert Frysk, mar it is in fral in ynslutende standert, net in útslutende, dat in protte fariaasje is mûglik. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]
  • How do you deal with different spellings, dialects etc. (like B.E. lift and A.E. elevator)?
Each contributor can write in Frisian. We try to have the standard spelling, but some local spellings are allowed. --Swarte Kees 5 des 2009, 07.55 (CET)[beäntwurdzje]

De standert lit wat staveringsfariaasje ta, dat wy ek. Foar wurden dêr't wy gjin boarne foar hawwe, besykje wy analooch te staverjen oan wurden dêr't wy al in boarne foar hawwe. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

See also

Links

  • Main/Front page of your Wikipedia: [[1]].

Jo Ingelsk is better as dat fan de fragen, dat dat sit wol goed. En oars wurdt it letter grif nochris oanpast. Aliter 7 des 2009, 03.09 (CET)[beäntwurdzje]

It Nijs

Hallo,

Ik haw skreaun mei It Nijs, en dêr kaam ûnder oaren ek dizze tastimming út:

Hat Wikipedia tastimming om teksten oer te nimmen fan It Nijs en dy dan
ûnder CC-SA-BY-lisinsje frij beskikber te meitsjen foar de hiele wrâld?
It antwurd hjir op is ja. De wikipedia hat tastimming. It moaiste is dat 
de www.itnijs.nl sa folle mooglik neamd wurdt.

Dat at der wat nijsgjirrichs op It Nijs stiet, dan meie wy dat oernimme yn de Wikipedy. Mysha

Plaatsje

Wa kin dit plaatsje oersette nei it Frysk? Dútske en Ingelske foarbylden binne der ek. Ik haw it sels al besike, mar sa'n techneut bin ik net mei plaatsjes.--J'88 9 des 2009, 22.28 (CET)[beäntwurdzje]

Kryst

Minsken, De skoalle giet ticht. In noflike Kryst allegear! Mysha

Ek ik wol eltsenien hjir in noflike Kryst tawinskje.--J'88 24 des 2009, 12.40 (CET)[beäntwurdzje]

Hjoed yn de histoarje

Achte Meidoggers, de haadside is dynamysker wurden. Wy hawwe no alle wiken in oare "side fan de wike" en in "wisten jo dat" en noch mar krekt lyn is útein set mei alle dagen in oare dei yn de histoarje. Wat dit lêste oangiet, dat projekt is noch lang net klear en sit noch in soad wurk oan fêst. Dêrom wol ik oaren freegje oft sy ek sa no en dan ris in dei oanmeitsje wolle?. De moanne jannewaris is yn alle gefallen al sa goed as klear, sjoch ek hjirre: [2]. --Geoffrey 23 des 2009, 16.05 (CET)[beäntwurdzje]

Haadside, oare talen

Earst eltsenien mar in goed 2010 tawinske. Noch efkes oar de haadside, moat de list mei oare wikipedy's ek oars. It is al mear as in jier lyn dat ik dy oanpast haw. Ik haw dat no in pear kear dien en it is eltse kear in bult wurk. Miskien in folle koarter listje, mei in ferwizing op meta mei de aktuele list of sokssawat? Theun 1 jan 2010, 10.28 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw wat oanpassings dien. Hy hat no minder ûnderhâld nedich. Ik hjer graach fan jo.--J'88 7 jan 2010, 18.46 (CET)[beäntwurdzje]

Translatewiki.net update

Bot status for User:Idioma-bot

Hi. I would like to ask for bot status for Idioma-bot. That bot works in all wikipedias and is active some years (only here came later). As other bots it use python program and pywikipedia daily updated scripts. It does interwiki changes and often solves interwiki knots. Regards, Hugo.arg 19 jan 2010, 23.13 (CET)[beäntwurdzje]

Liket net al te min, mar ik freegje my al ôf hoefolle fan dy bots wy ferlet fan hawwe. Oarsom is it al sa, dat it krekt Bouwurk ynterwikyd litten hat oan en:Building en nl:Opstal (bouwwerk) beide, wat no krekt it soart liket dêr't wy fan ferwachtsje kinnen soenen dat it oplost waard.
Doesn't seem too bad, though I wonder how much such bots we need. On the other hand, it just left the Bouwurk ynterwikied to both en:Building and nl:Opstal (bouwwerk), which would seem the kind of thing we could expect it to resolve. Aliter 20 jan 2010, 20.11 (CET)[beäntwurdzje]

Duitch article has a link to en:building and other links to the same meaning, I just follow existing links. If there are some problems for that it need to inform Duitch editors to fix interwikis in that page. At the question "how much" I could say that wikipedia as general project grows very quickly, so we have more and more articles and then we need more bots to connect them. Also, I would like to say, that Idioma-bot is one of the older wikipedia bots which started its work at 2006 and made more than 817 000 changes in total. It has a bot flags in all wikipedias only somehow I missed that one. Hugo.arg 20 jan 2010, 20.34 (CET)[beäntwurdzje]

If that's not the kind of interwik knots it's resolving: what kind is? (In my opinion the number of articles growing merely demonstrates ever clearer that interwiki is implemented rather unpractical.) The "But it has bot flags everywhere" unfortunately is used by everyone, regardless of the amount of disrespect for smaller wikis, and didn't have much weight here to begin with.
Dit liket fierders wol yn oarder. At wy útfine kin wat er mei dy interwiki knopen dwaan wol dan haw ik der fierders gjin problemen mei. Aliter 3 feb 2010, 00.18 (CET)[beäntwurdzje]
Mind, I already said it didn't seem too bad. I still would like to know what kind of knots you're going to resolve with it. Aliter

77.61.196.10

Ik ha dit ip-adres foar in jier útsletten fanwege hielydwer grieme--Geoffrey 20 jan 2010, 10.52 (CET)[beäntwurdzje]

Foto's wiskje

No hie ik juster in tal printsjes krige te brûken, mar men woe efterôf de fotograaf der by neamd hawwe. Ik haw dêrom nochris de oprintsjes oanbean, mar no mei de namme fan de fotograaf der by. Hoe kin ik dy earst oanbeane printsjes fuortsmite, sadat by dûbelklikken foar besikers alinnich de ferzje mei de fotograaf der by te sjen is? "k Haw by ien ek al in wiskwarskôging setten, mar liket net folle út te heljen. Wa't it wit mei it ek sels dwaan. --Swarte Kees 3 feb 2010, 15.15 (CET)[beäntwurdzje]

Wêr moat dy fotograaf by? Is dit wat oars as de ôfbyldside oanpasse om dy namme der by te skriuwen? En wat soe dan wei moatte? Aliter 4 feb 2010, 23.38 (CET)[beäntwurdzje]
At jo de foto dûbelklikke steane der by de triemskiednis twa oanbeane ferzjes. By "Omskriuwing" stiet dan net wa't de fotograaf is ( http://fy.wikipedia.org/wiki/Ofbyld:JHBM_Max_de_Matze-1.jpg ) , mar wol by de lêst oanbeane ferzje) Underoan by de tekst fan triemskiednis stiet dat al. Wa't dwers wol, en sokken ha je altiten, kin letter sizze dat by it ôfbyld gjin fotograaf stiet. Doe't ik de earste kear de foto oanbean stie der noch gjin fotograaf by neamd omdat dy doe foar my ûnbekend wie. Doe ha'k de foto nochris opladen mei de namme fan de fotograaf der by, yn de hoop dat dy, de earste foto oerlaapje soe en de earste fuort wie. (de minsken fan dit museum hawwwe it der trouwens net wer oer hân ). Dêrom tocht dat it better wêze soe om de earst oanbeane foto+tekst te wiskjen.--Swarte Kees 5 feb 2010, 09.24 (CET)[beäntwurdzje]
De triemside is oan te pasjen, krekt as oare siden. Der kin dúdlik delset wurde wa't de eigner is. Is dat genôch?
Dat de wiskwarskôging net wurket liket te wêzen om't der gjin klambôgen omhinne steane. Aliter 16 feb 2010, 19.23 (CET)[beäntwurdzje]

Kategory:Wikipedy:NowCommons begint wat vol te worden

 
Kerk nu op Commons

Zouden de admins willen helpen met de afbeeldingen in deze categorie? Begint wat vol te raken. Multichill 21 feb 2010, 23.41 (CET)[beäntwurdzje]

Wat moat der mei barre?--Geoffrey 22 feb 2010, 09.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ze moeten verwijderd worden. Multichill 22 feb 2010, 16.42 (CET)[beäntwurdzje]
Kinne wy der fan úttgean dat se allegear brûkt wurde? Mei oare wurden: steane se wol allegear by it betreffende artikeleen is dizze Kategory in soarte parkearplak fan alle oanbeane ôfbylden? --Swarte Kees 22 feb 2010, 17.16 (CET)[beäntwurdzje]
Wêrom soene de foto's fuort moatte, se wurde toch brûkt yn ús artikels of binne sy no dûbel of sa?--Geoffrey 22 feb 2010, 18.27 (CET)[beäntwurdzje]
Ik spreek geen Fries dus ik begrijp jullie vragen niet helemaal. Wellicht dat iemand het kan vertalen zodat ik deze vragen kan beantwoorden? Multichill 23 feb 2010, 09.27 (CET)[beäntwurdzje]
We vragen ons af waar deze Categorie toe dient. Is het een verzamelplaats voor aangeboden foto's? Dan kunnen ze na plaatsing bij een artikel weg. Als ze (nog) niet geplaatst zijn bij een artikel kunnen ze niet weggegooid worden. Of is het nu zo dat de foto's in deze categorie reeds ergens anders op de Wikipedy bewaard worden? We willen natuurlijk niet het risico lopen dat we zonder deze aangeboden foto's komen te zitten. Graag wat uitleg in dezen. Groet, --Swarte Kees 23 feb 2010, 10.04 (CET)[beäntwurdzje]
Alle foto's in deze categorie staan ook op Wikimedia Commons. Commons is de centrale afbeeldingenopslag van Wikimedia en bevat op dit moment een dikke 6 miljoen bestanden. Foto's die op Commons staan zijn direct hier en op alle andere Wikimedia projecten te gebruiken. Bestanden in Kategory:Wikipedy:NowCommons selde namme kunnen direct verwijderd worden en de bestanden in Kategory:Wikipedy:NowCommons als er geen artikelen meer linken naar de lokale kopie. Multichill 23 feb 2010, 18.43 (CET)[beäntwurdzje]
Zie bijvoorbeeld Ofbyld:N.H. Tsjerke Surhústerfean.JPG. Dit bestand komt van deze Wikipedia en staat nu op Commons. Multichill 23 feb 2010, 19.06 (CET)[beäntwurdzje]
Tige tank, ek foar jo útlis. Ik seach jo hienen it al yn de mande mei Wutsje dien, en dan komt it wol goed. Groetnis,--Swarte Kees 23 feb 2010, 19.08 (CET)[beäntwurdzje]
Ik denk dat Wutsje wel wat hulp kan gebruiken. Het zijn vrij veel afbeeldingen (bijna 500). Multichill 24 feb 2010, 17.04 (CET)[beäntwurdzje]
Huh? Wat ben je nu weer aan het doen? Multichill 24 feb 2010, 19.37 (CET)[beäntwurdzje]
Net goed??? Ik miende dat dit de bedoeling wie. Alles mar weromdraaie dan?--Swarte Kees 24 feb 2010, 19.40 (CET)[beäntwurdzje]
Nee, helaas niet goed. De hulp zal voornamelijk uit deze hoek moeten komen. Multichill 24 feb 2010, 19.42 (CET)[beäntwurdzje]
Leek me ook al wat dom werk toe, meer werk voor een bot.. 'k Zal alles terugzetten.Groet,--Swarte Kees 24 feb 2010, 19.45 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, heb maar eens een bot losgelaten. Toch weer 52 bestanden gevonden. Multichill 24 feb 2010, 21.21 (CET)[beäntwurdzje]
Prachtig (tenmisnste voor zover ik dat kan beoordelen), dat scheelt weer in het werk. Reuze bedankt!--Swarte Kees 24 feb 2010, 21.43 (CET)[beäntwurdzje]
It is fansels ek goed om te witten dat oanwêzigens fan deselde ôfbylden op Commons ôfwiisd is as grûn foar wiskjen, nei't bliken die dat ôfbylden op Commons samar ferdwine koenen. Spitich, mar it hat no ien kear bliken dien dat Commons foar ús net betrouber is. Aliter 26 feb 2010, 05.41 (CET)[beäntwurdzje]
Wat ek meispilet is dat de ôfbyldingen no brûkt wurde yn artikels, dat wy kinne sy net samar wiskje. Of de ôfbyldingen moatte earst oanpast wurde, earder kinne sy net fuort. --Geoffrey 27 feb 2010, 11.13 (CET)[beäntwurdzje]
De meeste afbeeldingen worden met een identieke naam overgezet op Commons, zodat ze qua naam identiek bruikbaar zijn op de Friese Wikipedy. Wanneer een afbeelding op Commons een andere naam krijgt, gebeurt meestal niet, dan zorgt de bot van Multichill dat de naam op de artikelen waar het bestand gebruikt wordt, aangepast wordt zodat het artikel de afbeelding met goede naam toont. Groetjes - Romaine 1 mrt 2010, 00.12 (CET)[beäntwurdzje]
@Aliter: Wanneer Multichill afbeeldingen verplaatst, verplaatst hij alleen die afbeeldingen die ook daadwerkelijk gezien de auteursrechten, licenties en informatievoorziening voldoen aan de eisen die ze op Commons (en héél Mediawiki stellen), (alleen hier op fy-wiki is dat wat laks geregeld zag ik) en wanneer ze eenmaal op Commons staan heeft hij al die afbeeldingen op zijn volglijst staan voor het geval dat het ergens fout gaat en hij het kan corrigeren. In principe kunnen afbeeldingen op Commons niet zomaar gewist worden als ze door Multichill verplaatst zijn naar Wikimedia Commons. En aan Aliter het verzoek niet zulke vreemde verhalen op te hangen hier. Als je stelt dat er wel eens afbeeldingen op Commons worden geladen waar auteursrecht op geldt, oftewel dat er geen verplichte vrije licentie (of Publiek Domein) gebruikt wordt, dan worden die terecht verwijderd, omdat de Wikimedia Foundation daarvoor een rechtszaak aangespannen kan krijgen met alle gevolgen van dien. (Daarom verplaatst Multichill alleen afbeeldingen die zijn toegestaan.) Groetjes - Romaine 1 mrt 2010, 00.17 (CET)[beäntwurdzje]

Mûne of mole

Ekskuus foar it skrieuwen in t Nederlânsk:

In het verleden is gezegd dat beide woorden "mûne" en "mole" correct Fries zijn, en dat redirects eventuele problemen kunnen oplossen (zie hier). Op gewone pagina's werken redirects goed, maar bij categorieën is het wenselijk dat er maar 1 spelling is. Ik heb gezien dat men op fy: heeft gekozen voor categorieën met "mole" in de naam. Als dat klopt, dan zouden de nog bestaande categorieën met "mûne" in de naam verwijderd moeten worden, om alles soepel te laten lopen. Graag een reactie. Groet, Quistnix 24 feb 2010, 22.26 (CET)[beäntwurdzje]

'k Kan niet zo snel zien of er vaker Mûne of Mole in een kategorie staat.Het gebruik is trouwens streekgebonden: in Noord-Friesland meest Mûne, in het zuiden vaker Mole). 'k Zal er morgen nog eens naar zoeken. Groet, Kees
Dan zouden de Mûnen nu uit de Kategorieën verdwenen moeten zijn.--Swarte Kees 24 feb 2010, 23.05 (CET)[beäntwurdzje]
Staan de kategoryen met "Mûne" in de naam ook allemaal voor verwijdering genomineerd, zodat ze niet leeg blijven rondhangen en toevallig door anderen weer gevuld worden? - Quistnix 24 feb 2010, 23.11 (CET)[beäntwurdzje]

Foto's fan Tresoar

Telefoanysk kontakt mei Stienstra fan Tresoar levere hjoed net folle nijs op:

  • Fan gearwurking sil de kommende tiid grif net folle komme troch tiidgebrek by Tresoar.
  • Foto's fan Jan Kalma binne frijjûn troch Jan Kalma sels (wie al neamd troch Wutsje)
  • Rjochten op foto's fan foar de oarloch meie hast altiten brûkt wurde, set der dan wol by: "Boarne: Frysk Fotoargyf".
  • Oare foto's geane neffens de gewoane Wikipedy-easken.

--Swarte Kees 26 feb 2010, 09.33 (CET)[beäntwurdzje]

Bot útsletten

Ik haw User:BotMultichill syn botstatus en tagong ûntnimme moatten. It die bliken dat Multichill fan de net-sichtberens gebrûk makke om mei de bot syn gelyk te heljen. Ik set de skea sa folle as mûglik werom. Fierders kinne wy allinnich mar ôfwachtsje at er al oan oerlis ta is, of dat er trochgean wol mei net-frege "help". Aliter 28 feb 2010, 22.20 (CET)[beäntwurdzje]

No, ik lit it derby. It docht bliken dat er mei dy bot al mear as in wike illegaal dwaande is, dat ik haw de tiid net om dat sa allegear werom te setten. Dêr kom noch by dat der no oaren fan nl: hjirhinne komme om't hja it ek better witte. Op nl: is der altiten spul, en dat moat skynber hjirhinne eksportearre wurde. Ik kom oer in wike noch wolris te sjen at fy: syn eigen saken regele mei, of dat nl: it rjocht hat hjir alles mar te dwaan om't wy hjir sûnder harren gjin spul hawwe. Aliter 28 feb 2010, 23.53 (CET)[beäntwurdzje]

Gebruiker:Multichill is een van de gebruikers op de verschillende projecten die zeer veel verstand heeft van licenties en bestanden, zoals foto's. Hij gebruikt zijn bot voor verschillende doeleinden ten einde de boel te verbeteren. Ik merk heden avond dat gebruiker Aliter gewoonweg blind de bewerkingen van de bot van Multichill aan het terugdraaien is, zonder dat Aliter begrijpt hoe de vork in de steel zit. Op de Friese Wikipedia is het net als ieder ander project van de Wikimedia Foundation verplicht de bestanden een licentie mee te geven. De Wikimedia Foundation draait de servers, en tegen deze organisatie kan een dure rechtszaak aangespannen worden door de eigenaren van foto's en media als er niet voldaan wordt aan de licentievoorwaarden die hangen aan een foto/bestand. Tevens heeft de Wikimedia Foundation in mei 2009 besloten [3] om alle artikelen en alle bestanden een dubbele licentie mee te geven, waarbij het momenteel niet meer toegestaan is werk onder uitsluitend GFDL op Wikipedia te hebben staan. Wikipedia is een samenwerkingsproject waar verschillende gebruikers samenwerken, maar als het gaat om licenties en bestanden is het noodzaak dat gebruikers inhoudelijke kennis en verstand van zaken hebben voordat ze daarmee aan de slag gaan en wijzigingen gaan doen. Als er vragen zijn, richt je dan tot gebruikers die er verstand van hebben, en laat foto's en andere bestanden met rust als je daar beperkte ervaring mee hebt. Het enige wat je dan doet is het project in gevaar brengen en anderen kunnen vervolgens de schade opruimen die je veroorzaakt hebt. Groetjes - Romaine 1 mrt 2010, 00.04 (CET)[beäntwurdzje]
Beste Aliter,
Ik heb gewoon wat plaatjes overgezet naar Commons, iets wat heel gebruikelijk is op talloze Wikipedia's. In jouw voorstelling van zaken kan ik mij niet vinden.
Gezien je reactie krijg ik het idee dat je een beetje last hebt van een Commonsfobie.
Nou vraag ik me af wat de rest van de gemeenschap ervan vind. Dus bij deze de vraag:
Steunen jullie Aliter in zijn actie (het terugdraaien van al mijn edits, het verwijderen van de botfvlag en mijn blokkade)? Multichill 1 mrt 2010, 00.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ik moat hjir ris goed oer nei tinke want jimme aksje is wol rjochte tsjin de nestor fan dizze wikipedy. Hy docht net samar wat. Goeie nacht--Geoffrey 1 mrt 2010, 00.21 (CET)[beäntwurdzje]
Wy binne hjir went Frysk te skriuwen, dat it antwurdzje ek yn it Frysk. Ik stip Aliter en tink dat er goed dyn hat mei syn beslissing om Mitshill syn botstatus te ûntnimmen. It kin net sa wêze dat ôfbyldingen samar ferdwine meie sûnder oerlis. Jin dwaande hâlde mei de wikipedy is moai wurk, mar ek in soad wurk. Wy wolle it graach kreas hâlde en kinne net alles neirinne Meitsje it asjeblyft net dreger. --Geoffrey 3 mrt 2010, 22.58 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw Multichill op syn oerlisside frege wêr't al dy foto's bleaun binne. Drewes 4 mrt 2010, 16.42 (CET)[beäntwurdzje]


Sa fier ik it wit binne wy der altiten fan útgongen dat 1 Alle wikis sels flaters meitsje meie en dy ek sels wer oplosse meie; 2 Dat it alle oare wikipedianen ensfh. frij stiet om flaters oan te wizen, oplossings foar te lizzen en help oan te bieden.

Wat Multichill docht falt dêr net ûnder. Ik nim oan dat Romaine problemen yn de diskusje hat om't hja it begjin net meikrigen hat, mar it is har fansels te priizgjen dat hja Multichill stipet, om't hja leaut dat er wit wat er docht. Ik leau dat ek, mar ik kom al op in oar risseltaat. At er skriuwt dat er allinnich mar ..., dan leau ik dat er goed witten hat wat er die. Ek nei't ik al neamd hie dat it hjir oars sjoen waard kaam er net mei "Och, dan moatte jimme witte dat ik krekt wat ferkeard dien haw, en dêr haw ik ek noch de ferkearde bot by brûkt."

Nee, ik nim oan dat Multichill goed wit wat er docht. Ik nima oan dat tige foarstanner is fan it brûken fan Commons, sa'n foarstanner dat er net-foar oansjocht foar tsjin (of "-fobysk"). Mar goede bedoelings binne gjin rjochtfeardiging foar it sûnder oerlis mei alle middels trochtriuwen fan de eigen oanpak. Al

En Aliter dan? Ik haw dúdlik nayf west doe't ik tocht dat der mar in pear wizigings west hawwe soenen dy't Multichill sûnder tastimming mei syn bot makke hie. Ik hie fansels net besykje moatten mei de hân werom te draaien wat mei in bot útfierd wie. Dat it soe moai wêze at immen in bot hat dêr't de rest fan de wizigings mei weromset wurde kin; dan kinne wy teminsten weromkomme op it útgongspunt. Dàn kinne 1 wy besjen of wy flaters makke hawwe en dy oplosse moatte; 2 oare wikipedianen sokke flaters oanwizen, oplossings foarlizzen en help oanbieden.

Aliter 7 mrt 2010, 19.11 (CET)[beäntwurdzje]

Om het op z'n Hollands te zeggen: Ik snap er geen hol van wat jullie zeggen en jullie zakken er maar in met je plaatjes. Ik ben alleen bang dat jullie op de lange termijn jezelf wel tegen gaan komen, maar daar moeten jullie zelf maar achterkomen.
Ik ben niet van plan om ooit nog maar een plaatje over te zetten van de fywp naar Commons. Er zijn genoeg andere wiki's met vriendelijke gebruikers die het wel waarderen, daar kan je me waarschijnlijk vinden
Zou iemand nou zo vriendelijk willen zijn om het blok van me bot af te halen zodat de interwiki bot weer aan kan? Die is nu aan het klagen. Multichill 30 mrt 2010, 20.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Ps. Plaatjes kwijt? Moet je niet bij mij zijn, ik kan helemaal geen plaatjes verwijderen.

Artikelhifker

Goeie Bêste minsken,

De Wikipedy groeit no bêst. Der binne sels al aardich lange lapen tekst. Om no dy stikken tekst sa ynformatyf mooglik te meitsjen, is it goed dat artikels nochris goed hifke wurde troch oare Wikipedianen. Dêrfoar ha ik de Artikelhifker makke. Wa wol mei helpe by it ferbetterjen fan de side oer de Skiednis fan Fryslân? Freonlike groetnis --Kening Aldgilles 15 mrt 2010, 23.31 (CET)[beäntwurdzje]

Jûn Aldgilles, wat de side oer de Fryske skiednis oangiet tink ik dat dit in hiel grut projekt is en noch lang net ôf. It moat foaral goed oersjochtlik wêze en wy moat ús der foar behoedzje dat it net te wiidweidich wurdt. Fansels wol ik dy wol meihelpe --Geoffrey 16 mrt 2010, 22.48 (CET)[beäntwurdzje]
Miskien is it ek wol in idee om in in Portaal Fryske Skiednis te meitsjen --Geoffrey 16 mrt 2010, 23.20 (CET)[beäntwurdzje]

Foto's fan www.iisg.nl

Ik haw lestendeis it IISG ris hifke oer it gebrûk fan âld fotomateriaal foar de Wikipedy en krige dit berjocht werom:

Geachte heer,

Hartelijk dank voor uw interesse in onze collecties.

Helaas kunnen wij u niet helpen met deze auteursrechten. Het Instituut is niet aansprakelijk voor het gebruik van materiaal afkomstig uit zijn collecties. De gebruiker wordt geacht op de hoogte te zijn van alle relevante wettelijke regelingen betreffende het auteursrecht. Het Instituut bemiddelt niet in eventuele auteursrechten van derden.

Mogelijk kan Burafo de auteursrechtenorganisatie voor fotografen u aan een adres helpen:

Amstelveenseweg 88-90

1075 XJ Amsterdam

T: 020 589 18 60

F: 020 412 42 69

E: info@burafo.nl

Postbus 75986

1075 AZ Amsterdam

Ik hoop u hiermee voldoende geïnformeerd te hebben.


Met vriendelijke groet,

Teun van Lier

Publieksdiensten - Studiezaal

Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis

Cruquiusweg 31

1019 AT Amsterdam

tel.: 020 6685866

fax.: 020 6630349

email: ask@iisg.nl

www: http://www.iisg.nl/faq-nl.php

Drewes 16 mrt 2010, 16.58 (CET)[beäntwurdzje]

Foar fragen oer auteursrjocht kinne jo terjochte op it auteursrjochtenkafee fan de Nederlânske Wikipedia: nl:Wikipedia:Auteursrechtencafé. --Bouwe Brouwer 16 mrt 2010, 19.55 (CET)[beäntwurdzje]

Wikimania Scholarships

The call for applications for Wikimania Scholarships to attend Wikimania 2010 in Gdansk, Poland (July 9-11) is now open. The Wikimedia Foundation offers Scholarships to pay for selected individuals' round trip travel, accommodations, and registration at the conference. To apply, visit the Wikimania 2010 scholarships information page, click the secure link available there, and fill out the form to apply. For additional information, please visit the Scholarships information and FAQ pages:

Yours very truly, Cary Bass
Volunteer Coordinator
Wikimedia Foundation

1498

Ik hie hjir in moai stikje foar betocht, mar wêrom soe ik it oars opskriuwe:

De Fryske Wikipedy wie ek op sa'n manear Frysk dat wy ússels bestjoere koenen. De lêste tiid wurdt Wikimedia lykwols hieltyd mear in ienheid, neffens de noarm fan de grutte wikys. It is net tsjin te hâlden dat alle help dêr't wy net om freegje, ús wiky feroaret yn in Frysktalige wikipedy stjoerd troch de ideeën fan frjemden, likefolle at dy hjir in doel hawwe as net.

Oant no ta hold ik der in hoartsje mei op at immen hawwe woe dat earder besluten net bestienen. Datsoarte fan 'diskusje' bringt de wikipedy ommers net fierder. Sa is it hjirfoar ek, dat ik hâld op mei alles mei beslútfoarming. In stikje skriuwe, of in andert, of eat dwaan mei de rjochten at de mienskip dat wol. Mar mear as dat moat mar net mear wêze.

Ik bin op nl: (!) ea ris betanke foar it op gong bringen fan de Fryske wikipedy. No moat ik hoopje dat der sa'n gong yn kaam is dat de wiky as allinnich in Frysktalige wikipedy net stilfalle sil. Aliter 27 mrt 2010, 23.04 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden wiskje

Achte meidoggers, op de list mei te wiskjen siden moat ûnderhâld plige wurde. Der stean in soad ôfbyldingen by dy't oanbean binne om wiskje te wurden omdat sy dûbel wêze soenen. At jimme de diskusje hjiroer folge hawwe giet dat ferhaal net altiten op. Ik sels bin gien foarstanner om dizze ôfbyldingen te wiskjen. Wat finne oaren derfan? --Geoffrey 28 mrt 2010, 18.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Wat ik der fan begryp is dit: oan it begjin hie elke wikipedy syn eigen teksten en plaatsjes, elk wie baas op eigen hiem. Fan in soad plaatsjes wurdt op meardere wiki's gebrûk makke en sokke foto's wurde dan opladen nei Commons, sadat elk se brûke kin op eigen hiem. Doe waard ferline jier besluten dat alle plaatsjes dy't al op Commons stienen, de sintrale plaatsjes wurde moasten sadat de foto's op elks wikipedyhiem fuort moasten. Doe kam er in Bot (in soarte mollehûn) dy't by elkenien it hiem op strûsde om te sjen at guon wiki's noch eigen plaatsjes hienen dy't al op Commons stienen. At jo in hûn (bot) loslitte op oarmans hiem moatte jo him oan it tou hawwwe en oars freegje oft er losrinne mei. No lykje der in tal plaatsjes fan it hiem helle te wêzen mar dy't net ôflevere binne op Commons. It is Aliter syn grutte frustraasje dat oaren harren hûn by ús op it hiem rinne litte en net goed ôfrjochte binne en plaatsjes fan ús begrave sadat wy se net werom fine kinne. It moaiste soe dus wêze as wy sels sa'n hûn (bot) hienen dy't allinnich op ús eigen hiem komt. De fraach is dus mear oft wy ús eigen foto's beheare meie of dat wy op Commons betrouwe kinne. It ferhaal fan de dûbele lisinsjes liket my in minder grut probleem. Ik miende dat it om in pear hûndert foto's giet en dy binne mei de hân wol nei te rinnen.--Swarte Kees 28 mrt 2010, 19.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Okee, mar de fraach bliuwt: wiskje of stean litte, want de ôfbyldings stean wol allegear op de list Wikipedy:Siden wiskje--Geoffrey 28 mrt 2010, 20.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Myn miening oer de NowCommons-ôfbyldingen is sa:
  • Ofbyldingen dy't oarspronklik op de Fryske Wikipedy opladen binne, moatte net wiske wurde;
  • Ofbyldingen dy't oarspronklik op in oare Wikipedy as de Fryske opladen binne, kinne wol wiske wurde.
Ik bin wol fan miening dat ôfbyldingen by foarkar op Commons en net lokaal oplade moatte wurde. In protte lokale ôfbyldingen op de Fryske Wikipedy hawwe net in krekte lisinsje. By tastimming foar publikaasje mist almeast it OTRS-kaartsje. --Bouwe Brouwer 28 mrt 2010, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Botflag request for mastiBot

I would like to request a bot flag for mastiBot.

Thanks. Masti 12 apr 2010, 15.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Immen dy't foar is, as tsjin? Oars kin er lang wachtsje. Aliter 20 apr 2010, 21.41 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sjoch gjin rare dingen op oare Wikipedyen. Jou him mar de rjochten. --Kening Aldgilles 20 apr 2010, 23.03 (CEST)[beäntwurdzje]
Dien. Aliter 24 apr 2010, 01.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht EvhhF

Wy hawwe no in moai soad brûkte ferwizing nei de EvF dy't ik faak brûk. No wol ik hjirnei eins de Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, G. ABMA, KL. JANSMA EN OAREN (RED), Ljouwert, M.A. van Seijen (1974) brûke. No soe it moai wêze at hjir ek soksoarte berjocht foar wie. Dat soe der dan út sjen kinne as *

Soe ien fan de 'techneuten' hjir ris nei sjen wolle?--Swarte Kees 18 apr 2010, 22.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Wie it net wat om yn stee dêrfan http://nostalgia.wikipedia.org as boarne te brûken? Dat binne de earst 19.000 siden fan de Ingelske wikipedy, dêr't nim ik oan ek in protte algemiene siden bybinne, oer wittenskip en soks. Mysha
Ik seach no krekt dat Aliter dyn berjocht al klear hie.

. Groetnis --Kening Aldgilles 20 apr 2010, 23.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat wie dan ornaris
Mar it kin al sa, at dat in doel hat:
Aliter 21 apr 2010, 00.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn it allegear prima. Ik ha de ensyklopedy fan Fryslân thús net, mar no wit ik wol wer dat in ensyklopedy sa yndield is. Leafst soe ik tusken heakjes noch wol de side derby hawwe wolle, mar dat lit ik oan de brûker fan sokke berjochten oer. --Kening Aldgilles 25 apr 2010, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Tige tank foar it oanmeitsjen!--Swarte Kees 25 apr 2010, 22.39 (CEST)[beäntwurdzje]
It binne beide alfabetysk oardere ensyklopedyen, dat de artikeltitel wie genôch. Beide hawwe lykwols ek in tal oersjochsartikels, en dat is it doel fan dy side as argumint. Mar ik haw de side der foar de EfF ek byset, dat de brûker is frij om it oars te dwaan. Aliter 26 apr 2010, 01.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Meta oersetting

Berjocht:Translation/Fundraising 2008/appeal

In fersyk fan Wikipedia-oprjochter Jimmy Wales

Achte besiker,

Hjoed wol ik jo freegje Wikipedia te stypjen mei in donaasje. Dit kin faaks ûngebrûklik oerkomme: wêrom freget ien fan de fiif populêrste websiden fan de wrâld om finansjele stipe fan har besikers?

Wikipedia wurdt op in oare manier boud as hast elke oare top 50-webside. Wy hawwe in lyts oantal minsken yn tsjinst, mar 23. De ynhâld fan Wikipedia is frij te brûken troch eltsenien en foar elk doelein. Us jierlikse útjeften binne minder as seis miljoen dollar. Wikipedia wurdt yn de loft hâlden troch de Wikimedia Foundation, dy't ik yn 2003 oprjochte haw.

Uteinlik wurdt Wikipedia draaiende hâlden troch in wrâldwide mienskip fan mear as 150.000 frijwilligers - allegear tawijd oan it frij dielen fan kennis. Yn de rin fan hast acht jier tiid hawwe dizze frijwilligers mear as 11 miljoen artikels bydroegen yn 256 talen. Eltse moanne komme der mear as 275 miljoen minsken nei ús webside om tagong te krijen ta dizze ynformaasje, sûnder kosten en sûnder advertinsjes.

Mar Wikipedia is mear as in webside. Wy diele in mienskiplike missy: Stel jo ris in wrâld foar, wêrop eltsenien frije tagong hat ta it totaal fan alle minsklike kennis. Dêr wurkje wy oan.

Jo donaasje helpt ús op ferskillende manieren. It wichtichste is, dat jo ús helpe om de stigende kosten fan it fersoargjen fan wrâldwiid ferkear nei ien fan de populêrste websiden op it ynternet op te fangen. Donaasjes drage ek by ta it ferbetterjen fan de software dêr't Wikipedia op draait - wêrtroch Wikipedia makliker trochsykber, lêsber en bewurkber wurdt. Wy wolle de beweging fan frije kennis wrâldwiid groeie litte, troch nije frijwilligers te werven en gear te wurkjen mei ynstituten dy't har dwaande hâlde mei kultuer en edukaasje.

Wikipedia is oars. It is de grutste ensyklopedy yn de skiednis, skreaun troch frijwilligers. Krektas yn in nasjonaal park of op in skoalle leauwe wy net dat advertinsjes thúshearre op Wikipedia. Wy wolle Wikipedia gratis en sterk hâlde, mar wy hawwe dêrfoar de steun fan tûzenen minsken lykas jo nedich.

Ik noegje jo dan ek út om ús te helpen: jo donaasje draacht der ta by Wikipedia gratis te hâlden foar de hiele wrâld.

Tankewol,

Jimmy Wales

NO DONEARJE »

Mear ynformaasje

Sitenotice

Lês asjobleaft de persoanlike oprop fan Wikipedia-oprjochter Jimmy Wales

Mear ynformaasje

Underskrift

Ik haw it idee dat Swarte Kees, en faaks oaren, graach wat oars hawwe wol oan de styl fan de ûnderskriften by ôfbylden. It wêrom sil Kees sels wol sizze, mar at eltsenien dat graach wol, dan wie it faaks better om net apart op alle siden opmaak ta te foegjen, mar yn stee dêrfan de styl fan de ûnderskriften oan te pasjen. Aliter 7 maaie 2010, 01.22 (CEST)

It wêrom is meast in kwestje fan smaak fan opmaak en dus frijwat persoanlik. Troch de ûnderskriften oars te meitsjen as de tekst fan de artikels hearre se mear by it plaatsje. Boppedat is it sa dat by lytsere plaatsjes mear romte foar tekst ûntstiet by lytsere lettergrutte. In lyts plaatsje lykas op 7 maaie yn de histoarje [hjir], mar ek [hjir] en [hjir] jout oan wat ik bedoel. Trochdat de tekst yn ferhâlding ta it plaatsje soms grut is, wurdt de tekstyndieling út it ferbân lutsen. Underskriften binne meast koart, mar soms ûntkomt men net oan langere teksten.De tekst is dan like grut as it plaatsje. Om alle ûnderskriften oan te passen is eins wat tefolle wurk, as soks mei bots of sa koe wie dat it moaist. Hoe tinke oaren hjir oer? It moat eins net in ienmansaksje wurde, dat ik ha der gjin muoite mei om it tenei wer te dwaan mei 'gewoane' ûnderskriften.--Swarte Kees 7 maaie 2010, 08.37 (CEST)
Ik wol der bêst wol om tinke. It sjocht der ommers goed út! Miskien moatte wy wat oan stylfoarskriften dwaan? Dan bin ik der fuortdaliks mei akkoard! Gr. --Kening Aldgilles 14 maaie 2010, 17.50 (CEST)

Al as net wie dit eat dat mei it stylblêd dien wurde moat. Mar ik wit net hoe't it foar oaren is, mar by it oansjen dat ik brûk, stiet der in râne plus noch wytromte om de tekst; ta ûnderskie is dat my genôch. Skeane letters binne minder lêsber, en jouwe de yndruk dat dy der net byhearre: noaten as soks; skean en lyts dûbeld sa. Dy pear kear dat de útlis grutter is, fyn ik wat de styl oanbelanget net in grut probleem. Dan leaver de dúdlikerns fan deselde letter. Aliter 14 maaie 2010, 22.12 (CEST)

Nije interface

Yn ferbân mei de feroaring fan de interface op de Ingelske Wiky is it foar ús de fraach wat wy no wolle mei ús Wikipedy:

  • Allinnich de arkbalken boppe en links binne oars wurden, de siden sels net. Foar myn gefoel passe de arkbalken en de side sels no net mear rjocht by inoar.
  • De nije interface fyn ik net maklik om te brûken.
  • Wa hat it foech om te besluten oft de Fryske Wikipedy de nije interface krijt?

Wa kin wat sizze oer it uterlik, brûkberens en foech? Gr. --Kening Aldgilles 14 maaie 2010, 17.50 (CEST)

De letters binne wer lytser wurden, de streken ûnder de keppelings binne fuort, in protte rânen binne fuorthelle en de eftergrûn is fuort. Mei oare wurden, hast al it hâldfêst is ferdwûn. Monoboek brûkte ik hjir net, om't stikken tekst better lêze mei skreefletters, mar dit liket ek gjin foarútgong. Der binne lykwols grif lju dy't de styl moaier fine sille.
Ik nim oan dat at de grutte wikis ynkear besletten hawwe oer te gean, dat de oaren dan ynienen ek oersetten wurde. Wa fan jim sels keazen hawwe foar Monoboek dy hâlde it; dyjingen dy't it fersom-oansjen hawwe, geane dan ynienen oer op fektor, en ús gasten krektsa.
En fierders liket dy nije puzzelbal earder in hûs op ynstoarten. Aliter 14 maaie 2010, 22.12 (CEST)

ak:Wikipedia:Community Portal

Connectivity Project fy

Hallo, my name is Anastasiya Lvova, I'm "duty" in Connectivity project. The essence of the "Connectivity" project is to study and enhance the coherence of Wikipedia, or, in other words, to improve hypertext navigation between articles. The project deals with deadends, isolated articles, non-categorized articles, transitivity of the category tree, etc.

We want to work with your language version, but we need MediaWiki:Disambiguationspage for it. Is it possible to configure it for our usage?

thanks in advance, Lvova 10 jun 2010, 16.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Please. provide us with a proper project link, or explain here why you're trying to misuse a system message to set it up. Aliter 24 jun 2010, 01.28 (CEST)[beäntwurdzje]
On the your language's page you can see an automatic phrase, that affirms the need in the system message. Already 145 language versions don't consider existing of this system message a violation, and I don't inderstand why you said that I'm "trying to misuse". Lvova 24 jun 2010, 08.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik twifelje oer Gnost*

No hawwe wy in side oer Gnostyk en oer Gnostisisme, en de iene side seit dat dy itselde binne, leau'k en de oare die it mei in ferwizing, dy't mei in fandaal skynber fuortrekke is. Hoe sit dat krekt? Mysha

Neffens my is net sa slim. Gnostyk is de kristlike foarm fan it Gnostisisme en sa stiet it der ek. Ek de Nederlânske wikipedy jout dat ûnderskied. --Geoffrey 23 jun 2010, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik soe it sa ek stean litte. By de side Gnostyk haw ik in sjoch ek ferwizing makke en de ynterwiky derby dien. Gr. --Kening Aldgilles 10 jul 2010, 11.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Botflag request for EmausBot

I would like to get a bot flag for EmausBot.

Thanks! --Emaus 8 jul 2010, 12.27 (CEST)[beäntwurdzje]

On Wikipedy:Bots, you're asked (in case of an intended disturbing number of edits) to request bot status, and to demonstrate that your bot functions correctly. Pending the request, you're asked not to let your bot make a disturbing number of edits.
Would you please change the flood to a trickle, so we can see what is going on? Aliter 15 sep 2010, 22.42 (CEST)[beäntwurdzje]
Hat der op himsels immen problemen mei botstatus foar EmausBot? Aliter 15 sep 2010, 22.42 (CEST)[beäntwurdzje]
Lit my it oears freegje: Is der immen dy't him fine kinne yn botstatus foar EmausBot? Aliter 19 sep 2010, 20.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht: Skûtsje frege

No't ik dwaande bin mei de skûtsjes haw ik eins ferlet fan in {{{{Berjocht: Skûtsje}}}} mei as ûnderdielen: ((Skûtsje|

  • Ofbyld ....]
  • Eigener= Stichting Freoneklup it Huzumer Skûtsje
  • Boujier= 1911
  • Werf= De Roos en Van der Meijden, Ljouwert
  • Tonnaazje= 45
  • Seilteken= LM
  • Kleur= wyt
  • Lingte= 19.48
  • Breedte= 3.64
  • Holte= 1.17
  • Djipgong= 0.43
  • Skipper= Eildert Kzn Meeter
  • Berop= Assistint produksje manager
  • Webside= [4]
  • Plak= Huzum

)) Wa soe kâns sjen om soks te meitsjen?--Swarte Kees 15 jul 2010, 12.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht:Militêr konflikt

Bêste minsken,

Wa fan jim kin it berjocht en:Template:Infobox military conflict foar de Fryske Wikipedy meitsje? Wy hawwe al in protte siden dêr't wy it berjocht skoan foar brûke kinne. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 4 aug 2010, 20.42 (CEST)[beäntwurdzje]

As ik werom bin fan fakânsje sil ik der wol eefkes nei sjen. Fyn wol dat sokke berjochten allinnich mar wat tafoege by grutte artikels. By artikels fan mar in pear rigels falt it út de toan en foeget neat ta, liket my. Gr. --Geoffrey 8 aug 2010, 19.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Asega

Ik haw it noch stean litten om't op op de oerlisside is, mar wat moatte wy mei al dat oerlis op Oerlis:Asega? Mysha

Goeie fraach, ik kin it ek net folge, mar fuorthelje? --Geoffrey 4 sep 2010, 14.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht:Ynfoboks sportevenemint

Ik bin dwaande mei earst de Paralympyske Spullen en as ik klear bin gean ik fjirder mei de Olympyske Spullen. Mar ik ha dringend ferlet fan in ynfoboks sportevenemint.

Mei as ûnderdielen:


  • | namme =
  • | ôfbyld =
  • | ûnderskrift =
  • | plak =
  • | jier =
  • | data =
  • | sport =
  • | organisator =
  • | ferienings =
  • | lannen =
  • | atleten =
  • | eveneminten =
  • | iepening =
  • | slúting =
  • | earste =
  • | lêtste =
  • | aktueel =
  • | foarige =
  • | folgjende =

Foarbyld: nl:Sjabloon:Infobox sportevenement.

Wa kin dat meitjse ik ha it hjoed al in pear kear probearre mar it slagget my sels net. Wikiice 14 sep 2010, 15.58 (CEST)[beäntwurdzje]

In dei yn de histoarje

Foar it gefal dat jimme wat kwyt binne ik ha hjoed in nije kategory oanmakke yn it kader fan de Kategorisaasje Kategory:Berjocht:In dei yn de histoarje. Groetnis Wikiice 29 sep 2010, 21.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot flag for WikitanvirBot

  • Operator  : Wikitanvir
  • Automatic or Manually Assisted : Automatic
  • Programming Language(s)  : Python (pywikipedia)
  • Function Summary  : Interwiki
  • Edit period(s)  : Daily
  • Edit rate requested  : 2/3 edits per minute at most
  • Already has a bot flag (Y/N)  : Yes, see here
  • Function Details  : Bot will patrol recent changes and new pages, and add, remove, or modify interwiki links in autonomous mode.

Currently doing some test edits. Notify me if there is a problem. — Tanvir • 1 okt 2010, 16.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Siden wiskjen

Yn de kategory "Bysûndere siden" steane siden dy't al sûnt 2007 op de nominaasje steane om wiske te wurden, bygelyks Houtwiel Ljouwert) dat in tikflater hat. Kinne dy net in kear fuort, of is der reden ta om it (noch) net te dwaan? No sjoch ik ek dat de siden dy't fuortsmiten wurde moatte noch in kategory krigen ha. As siden dochs fuortsmiten wurde hoege se dochs net earst in Kategory-etiket te krijen? Kin immen útlizze wêr't dat foar is en se oars fuortsmite? Groetnis, --Swarte Kees 2 okt 2010, 21.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Kinne jo ek in foarbyld neame fan in side dy't in kategory krigen hat? Wikiice
Jûn Wikiice, as ik Kategory:Siden mei in wiskwarskôging oanklik, dan kom ik by de troch my bedoelde 357 subkategoryen..-Swarte Kees 2 okt 2010, 23.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat binne blykber Kategoryen dy't wiske wurde moatte. Mar de siden dy't yn dy kategoryen steane moatte blykber net fuort, dat ik tink dat dy earst yn in goeie kategory set wurde moatte foardat de kategory wiske wurd. Wikiice 2 okt 2010, 23.24 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik moat sizze dat ik fan in oantal kategoryen ek net begryp werom't se der yn steane. Wikiice 2 okt 2010, 23.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Begjin hielt mear te twifeljen as in diel fan de troch Wikix op de wisklist setten kategoryen wol wiske wurde moatte. en dat komt benammen trochdat ik oantal saken op de Nederlânske Wikipedy tsjinkaam. saak 1, saak 2, en dan nog dit. -- Wikiice 5 okt 2010, 12.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik wiskje allinnich mar de siden en kategoryen dy't hjir: Wikipedy:Siden wiskje op foar komme. Allinnich in berjocht derop plakke is net genôch, siden en kategoryen dy't wiske wurde kinne moatte ek op de list delsetten wurde. --Geoffrey 10 okt 2010, 17.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Posysje berjocht:Koördinaten

Sûnt de nije opmaak steane de koördinaten net mear boppe-oan de side, mar ferskine ûnderoan. Ek as de koördinaten as Berjocht boppe-oan de tekst setten wurde: Fochtelerferlaat. Op nl. is soks net sa, it leit dus net oan it programma. Soe ien hjir ris nei sjen wolle? Foar de opmaak is it moaier as it wrâldboltsje mei koo boppe-oan stiet, tinkt my.--Swarte Kees 7 okt 2010, 12.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Nije haadside

Bêste meidoggers,

Wat fine jim fan dizze haadside? Groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 15.19 (CEST)[beäntwurdzje]

It sjocht der yn alle gefallen fris út, lit my dat foarop stelle, mar it lettertype op de rjochterside mei om my wol wat grutter. Ik bin it mei Kees iens dat it goed wêze soe om de rjochterside ris kritysk ûnder de lûp te nimmen en wy soenen ek noch wol mear wurk meitsje kinne fan de portalen. Mei portalen kinne wy de wikipedy noch folle better tagonklik en oersichtliker meitsje. --Geoffrey 9 okt 2010, 21.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Sjocht der net ferkeard út al soe ik de rjochterkolom in bytsje opfalender sjen wolle, en ik mis in ferwizing nei oare Fryske Wikipedy's Wikiice 9 okt 2010, 21.23 (CEST)[beäntwurdzje]
It byld is rêstich mei dy blauwe balkjes, dat is goed. It Wolkom hoecht om my net yn in oare letter, dat soe ik lyk hâlde foar in rêstiger oansjen. De grize letters rjochts binne net sa goed lêsber. Yn de rjochter kolom (mar dêr stiet [hjir mear oer), soene lykas by de Nynorske wikipedy/Temasider, de links wol yn twa kolomkes kinne.
In skoft lyn joech J'88 oan dat er wol in Plaatsje fan de Wike/Moanne der by hawwe woe. Dêr is no noch gjin romte foar makke. Soe wol ûnderoan rjochts kinne as dêr noch wat mear romte komt. De Susterprojekten (Wikibook en sa) kinne dan hielendal ûnderoan krektas op de dútse wikipedy. Ik moat it earst ris yn my omgean litte en besakje litte. Mar as elts safolle punten opneamt as ik hjirboppe, komme wy der wer net sa maklik út... --Swarte Kees 9 okt 2010, 21.32 (CEST)[beäntwurdzje]
1. It ûntwerp liket yn grutte halen wol OK. Ik sil dêr ek neat oan feroarje.
2. De ynterwiky mei de ferskillende talen stiet lofts yn it skerm. Oare Wikipedy's hawwe dêrom de ynterwiky mar fuortlitten. Persoanlik wie ik it dêr wol mei iens.
3. De temasiden krekt as op de Noarske Wikipedy is in goed stribjen. Hielendal mei iens! Miskien kinne wy de namme 'portaal' better feroarje yn 'temaside'. Dat sprekt my tenminste mear oan.
4. It lettertype yn de rjochterkolom sil ik grutter meitsje.
5. Plaatsje fan de Wike/Moanne moat altyd wêze. --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 22.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Sjocht der in stik better út sa de rjochter kolom is stikken sprekkender troch it brûken fan twa kolommen, en mei it wurd temaside bin ik it ek wol iens. Wikiice 9 okt 2010, 23.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Meitsje der yndied mar temasiden fan. Wat ik no wol mis en neffens my wêzentlike ynformaasje is dy't net troch in temaside ferfongen soe wurde kinne, binne: DeiskemaJierskemaIeuskemaAlle titels alfabetyskSiden op Kategory. --Geoffrey 9 okt 2010, 23.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Ek dien. Noch oare winsken? Kin ik fierder mei de temasiden? Groetnis --Kening Aldgilles 10 okt 2010, 10.00 (CEST)[beäntwurdzje]
Moai dat jo tidens it oanmeitsjen efkes gelegenheid jouwe om der op te 'sjitten'. My tinkt wurkje it earst mar 'efkes' hielendal út, dan bliuwt de gong der yn en kin it oerlis ek ticht by elkoar bliuwe. As de opset klear is praat it wat makliker. Groetnis, --Swarte Kees 10 okt 2010, 10.08 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik mei jim graach op 'e hichte hâlde. Oars soe ik miskien om 'e nocht in protte enerzjy stekke yn it projekt. Hawar, it 'plaatsje fan de wike' wurket no ek. It fernijen dêrfan giet krektlyk as by de 'wisten jo dat' ensafh. Groetnis --Kening Aldgilles 10 okt 2010, 10.38 (CEST)[beäntwurdzje]
In yngong nei ynformaasje hoe't hjir wurket mei ek net ûntbrekke, bygelyks: Algemiene ynformaasje oer de Fryske wikipedy: help en kontakt. --Geoffrey 10 okt 2010, 16.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Bêste Geoffrey. Goed punt. Dit stiet lykwols al ûnder Wikipedy-mienskip lofts yn it skerm. Miskien moat der ien portaal komme mei alle ynformaasje dy't in begjinnende brûker nedich hat. Miskien soe dat in idee wêze? Of bedoelsto noch wat oars? Groetnis --Kening Aldgilles 10 okt 2010, 17.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, soks bedoel ik al. It stiet yndied lofts, mar dat falt net op. My tinkt dat as ien hjir nij komt dat earst net yn de gaten hat. Sa'n ien siket om in helpside en dy hawwe wy feitlik al. Dizze side moat allinnich noch goed opfalle. --Geoffrey 10 okt 2010, 20.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie Aldgilles. Ik kin wol sjen dat jo der efkes oer nei tocht ha. Ik sels hie noch wol hûndert jier nedich hân om ta dit risseltaat te kommen. It sjocht der skitterend út, tige kompakt, heldere kleuren en alles wat der op stean moat stiet der op. De kleuren lykje mei goed ta. Wat my al opfalt binne de grutte blauwe balken fan de 'ensyklopedyske' ûnderdielen, persoanlik fyn ik de wat tinnere moaier stean. Fierders kin der neffens my oan de lofterkant fan it ynliedingfak noch wol wat stean. Op myn testhaadside haw ik de ynformaasje ferdield oer it heule fjild (sjoch hjir).
As it sa fier komt dat der in nije haadside komt dan soe ik al it foarstel dwaan wolle om dan ek in parseberjocht de door út te dwaan. Dêryn kinne wy as Wikipedy-mienskip fan is hearre litte hoe't it der mei de Fryske Wikipedy foar stiet en wat der allegear feroare is it ôfrûne jier. Want der is noch al wat feroare hjir, benammen at jo sjogge nei de dynamyk op ús haadside. Alle dagen wurdt der ynformaasje oer dy dei jûn en alle wiken ha wy in nije side fan de wike. Dat kin best wat omtinken ha. Dêrnjonken is it alwer hast twa jier lyn (neffens my) dat wy in parseberjocht fuortstjoert hawwe, dat werris fan ús hearre litte kin wol tink ik.J'88 10 okt 2010, 23.56 (CEST)[beäntwurdzje]
Lyts puntsje noch. Omdat it kopke Oare Talen no fuort is soe der neffens mei in keppeling ûnder oan de list fan ynterwiki's stean kinne mei 'folsleine list', mei dan in keppeling nei dizze side. Lykas op de Ingelske Wikipedy. J'88 11 okt 2010, 00.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Temasiden

Goeie,

Ik ha no in list makke mei tema's. Sjoch mar:

  Topsiden
  Nijsgjirrige siden

Ik tink dat jim it der sa wol mei iens binne. Ik kin it ien en it oar noch motivearje. Foar wittenskip en technology hawwe (noch) net safolle artikels, sadwaande ha ik dy beiden mar gearfoege. Fryslân as temaside moast der fansels al by wêze omdat de measte lêzers ynfo oer Fryslân sykje (tink ik). Fierders de Europeeske Uny om sa better yngong te jaan nei de sintrale tema's yn de Wikipedy. It Haadtema is in oersjoch fan alle Temasiden dy't dizze Wikipedy hat, dy kinsto wol beskôgje as in soarte fan 'memmekategory'. Graach opmerkings. Groetnis --Kening Aldgilles 10 okt 2010, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wie noch wat fergetten. As jim tinke dat der noch wol wat oars kin oan de temasiden, wês net bang en foegje dyn witten ta. Alle bytsjes helpe. Dêrby woe ik jim minlik fersykje om net fan de opbou fan de temasiden ôf te wiken. Dat soe in diskusje wêze dy't los stiet fan dizze. Groetnis --Kening Aldgilles 10 okt 2010, 19.23 (CEST)[beäntwurdzje]
ûnder de temaside Minske en mienskip, mis ik by it kopke sport noch de Paralympyske Spullen. Wikiice 10 okt 2010, 20.58 (CEST)[beäntwurdzje]
De temasiden sa't dy der no steane binne goed. Allinnich soe ik de namme fan it Haadtema feroarje yn Tema-oersjoch ofsa. By Haadtema wurd it my net hielendal dúdlik wat dat no krekt is.J'88 10 okt 2010, 23.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Mysha's andert

No, de fraach nei wat ik der fan fyn. Tsja. Ik fyn eins al dat dynamyske gedoch net sa wichtich. At de haadside in doel hat, dan moat dat neffens my wêze om tagong te jaan ta de ynformaasje fan de Wikipedy. Dat, it soe soks wêze moatte as in temaside foar gâns wikipedy. At it snobbersguod no dan èn lofts stiet èn al mear as de helte fan de breedte nimt, dan is dat foar my fergriemerij fan djoere haadsideromte. Hoe kinne wy dit sa meitsje dat lju dy't hjirhinne komme op it earste skerm daalks alles fine kinne dêr't hja ferlet fan hawwe? De side fan de oere, dy mei om my dan wol leger op de side, foar lju dy't dy derom nei de haadside komme. Ik nim oan dat der lju binne dy't no krekt graach soks op de side hawwe wolle, oars stie it der net, mar om my mocht de ferhâlding dan al wat fierder nei tagong ta de wikipedy. (Der binne ek noch wat opmaaksaken, mar dy binne minder wichtich.) Mysha

Rjochtsûnderoan ha ik in kopke 'Ensyklopedy' taheakke, mar ik fyn net dat it der moai útsjocht. Ik besykje it elkenien nei de sin te meitsjen. As der mear minsken binne dy't tinke dat Mysha syn foarstel útfiert wurde moat, dan kin dat bêst. Ik leau dat de measte minsken in wat oare haadside hawwe woenen en sadwaande ha ik dit opsetsje makke. Ik tocht dat myn opsetsje de measten wol nei 't sin wie. Der bliuwt altyd romte foar diskusje, mar wy moatte wol demokratysk ta in beslút komme. Ik hoopje dat wy nei it meitsjen fan sa'n beslút ienriedich fierder kinne mei elkoar. Groetnis --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 00.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat lêste is it wichtichst natuerlik. As mienskip moatte wy troch. Ik begryp de krityk fan Mysha en fyn dat hy in punt hat. It dynamyske fyn ik dan wol gjin 'gedoch', mar syn sizzen oer dat de haadside der is om tagong te jaan ta de ynformaasje dy't wy hjir stean hawwe. Ek foar nijkommers moat der ynformaasje wêze oer hoe't sy hjir harren witten spuie kinne. Neffens my wie it Geoffrey dy't al syn hat dat foar dizze ynformaasje ek in Temaside oanmakke wurde moat. Ek op de Nederlânske Wikipedy stiet soks op de haadside. Sa wiidweidich as dêr hoecht it fan my net, mar der moat al romte foar wêze tink ik. J'88 12 okt 2010, 00.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Bedoelsto in tema dêr't minsken leare kinne hoe't se meidwaan kinne? Ik soe earst in better oersjoch fan de Wikipedy:Mienskip foarstelle wolle. Dêrwei soe ik dan ien temaside meitsje dêr't minsken oersichtlik lêze kinne hoe't se meidwaan kinne. Dat projekt wol ik letter noch wl in kear oppakke, want ik fyn it in hiel goed idee. Groetnis --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 00.47 (CEST)[beäntwurdzje]
No ja, dy side wêr't jo nei ferwize is eins al krekt wat ik bedoel. Mar dan yndied op in Temaside. Ik tink ek dat dat is wat Mysha bedoeld. Ergens in ferwizing op de haadside nei yn elts gefal dy side en inkele wichtige saken wêr't minsken te lâne kinne foar ynformaasje oer ús Wikipedy. J'88 12 okt 2010, 01.03 (CEST)[beäntwurdzje]
Tsja, ik fyn it wol wichtich dat us haadstide der oantreklik útsjocht en benammen oersjochtlik. It is fansels ús útstalboerd dat moat der kreas útsjen en wy mei best wol pronke mei slagge artikels. Ik fyn dat Aldgillis goed wurk ôflevert, fral syn temasiden is in goed ynisjatyf. It wurdt der allinnich mar better fan tinkt my. --Geoffrey 12 okt 2010, 12.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Stimme oer nije haadside.

Bêste minsken,

Wy hawwe it no al in skoftsje oer in nije haadside. De measten hawwe harren ideeën foar in grut part yn de konsept haadside ferwurkje kind. Oer it generaal tink ik dat it konsept fan de haadside no wol brûkt wurde kin. Details kinne fansels altyd bepraat wurde, en jawis, de haadside sil noch hiel faak feroarje. Ik soe jim no freegje wolle om oer dizze nije haadside te stimmen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 19.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Foar

  1. Foar -- Wy ha it al langer oer in nije haadside, no sil it heve! --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 19.57 (CEST)[beäntwurdzje]
  2. Foar -- Sûnder twifels -- Wikiice
  3. Foar -- Ik bin ek foar. Al binne der neffens my noch wol wat lytse dinkjes wêr nei sjoen wurde moat. Komt de nije haadside der, dan soe ik graach sjen dat der in parseberjocht de door út giet, om de redenen dy't ik hjir boppe alris opskreaun ha. J'88 12 okt 2010, 20.20 (CEST)[beäntwurdzje]
  4. Ik bin sawat foar. Graach soe ik sjen wolle dat de balken like grut binne en om my kin dat stikje ensyklopdyske derút. --Geoffrey 12 okt 2010, 20.21 (CEST)[beäntwurdzje]


Tsjin

kopke 'Ensyklopedy'

It kopke Ensyklopedy kin om my der better út, want dat hat gjin doel mear no de Temasiden de nije yngongen foarmje. --Geoffrey 12 okt 2010, 20.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Foarriedige útslach

Omdat der no al fjouwer minsken foar binne en nul tsjin is de foarriedige útslach fan de stimmerij it oannimmen fan de konsepthaadside. De lêste winsken fan oare Wiky-skriuwers binne ferwurke yn it konsept wat no foarriedich definityf is. Groetnis --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 22.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Myn kompliminten foar it de ienfâldige opbou fan de haadside. Miskien noch wol it grutste foardiel oan de nije haadside! J'88 12 okt 2010, 22.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoe kin de haadside fan de Wikipedy bywurke wurde?

By 'side fan de moanne', 'wisten jo dat...' en 'hjoed yn de histoarje' moatte jim op it Wikipedy-baltsje klikke yn de betreffende balken om dy komponinten fan de haadside by te wurkjen. Foar it 'plaatsje fan de wike' moatte jim op it plaatsje sels klikke, dan komme jim yn it oersjoch. As jim wat feroarje wolle by it 'plaatsje fan de wike', yn it oersjoch op besjen klikke. Groetnis --Kening Aldgilles 12 okt 2010, 23.10 (CEST)[beäntwurdzje]

2010 Fundraising Is Almost Here

 
Hello Wikipedians, I am Dan Rosenthal and I am working for the Wikimedia Foundation during the 2010 Fundraiser. My job is to be the liaison between your community and the Foundation. This year's fundraiser is intended to be a collaborative and global effort; we recognize that banner messages which may perform well in the United States don't necessarily translate well, or appeal to international audiences.

I'm contacting you as I am currently looking for translators who are willing to contribute to this project by helping translate and localize messages into different languages and suggesting messages that would appeal to your readers on the Fundraising Meta Page. We've started the setup on meta for both banner submission, statistical analysis, and grouping volunteers together.
Use the talk pages on meta, talk to your local communities, talk to others, talk to us, and add your feedback to the proposed messages as well! I look forward to working with you during this year's fundraiser. If someone could translate this message I would really appreciate it so that everyone is able to understand our goals and contribute to this year's campaign.
Drosenthal 21 okt 2010, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Linen troch plaatsjes

Wat is der mei ús Wikipedy oan de hân? Ik sjoch yn ienen de lyntsjes fan haadstikken troch de plaatsjes hinne gean. Hoe kin dit? J'88 21 okt 2010, 00.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Kinne jo oanjaan oft dit no noch sa is? By my binne de linen net te finen,--Swarte Kees 21 okt 2010, 07.26 (CEST)[beäntwurdzje]
Is no yndie net mear sa. Nuver. J'88 21 okt 2010, 09.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Projekt Olympyske Spullen

Bin op it heden dwaande mei it beskriuwen fan de Olympyske Spullen Wa't meidwaan wol oan dit projekt kin har op de projektside ynskriuwe. Wikiice 1 nov 2010, 19.33 (CET)[beäntwurdzje]

It projekt begjint al aardig te rinnen. gr Wikiice 27 nov 2010, 12.27 (CET)[beäntwurdzje]
de projektside ferhuze sadat der no ek in oerlisside by is Meidogger:Wikiice/Projekten groetnis Wikiice 12 des 2010, 11.58 (CET)[beäntwurdzje]
At jo dit as in mienskiplik projekt wolle, en jo wolle it net op Wikipedy:Putsje, sa't it no is, wie it dan net better as Wikipedy:Putsje/Olympyske Spullen? Aliter 12 des 2010, 21.38 (CET)[beäntwurdzje]
Dy hie ik noch net fûn tige tank foar de tip Groetnis Wikiice 13 des 2010, 07.28 (CET)[beäntwurdzje]

Bot flag for Mjbmrbot

  • Operator  : Mjbmr
  • Automatic or Manually Assisted : Automatic
  • Programming Language(s)  : Python (pywikipedia)
  • Function Summary  : Interwiki
  • Already has a bot flag (Y/N)  : Yes, see here
  • Function Details  : I use automatic mode and i update the script eveyday, Thanks Mjbmr Talk 5 nov 2010, 10.56 (CET)

Boarnen neame

Hallo Kees. Op jo fraach: Moat der in ekstra ferwizing nei oare wikipedy's by stean as der al in ynterwiki nei dy taal is? soe ik antwurdzje wolle: 'ja, fyn ik wol'. It makket kontrôle troch lêzers makliker, benammen at it om boarnen giet. Sydlings: ús Wikipedy hat noch in soad artikels sûnder boarnefernijing. Dat heart net sa. De wearde fan in artikel hinget fan syn boarnen ôf. (Ik wit wol, sels haw ik ek wolris sûndige..., mar it prinsipe, hin?) Nije artikels sûnder boarnefernijing soene net mear opnaam wurde moatte. Hoe tinke jo hjiroer? Drewes 7 nov 2010, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]

J6un Drewes, Boarnen moatte altiten neamd wurde is de basis by it projekt. In lêzer moat yndie witte wêr't de ynfo weikomt. As jo bedoele {{Boarnefernijing...ensfh., dat hoecht der net altiten by te stean. As it om gegevens giet fan in oare wikipdy, liket it my genôch ta as der by de "Gearfetting" ûnderoan by it "fêstlizzen" eat stiet as fan nl; of fan de:. Dan is it by de "Skiednis fan de side" ek fuort te sjen. By lytsere stikjes set ik der wolris by fan 'rûnom weihelle'. Dochs is dat eins net goed genôch, ik sil der ek wat krekter yn wêze moatte. Nije siden moatte yn elts gefal in boarne neame. Wy moatte der mei elkoar wat skerper op wurde en elkoar der op oansprekke. Binne der noch opfallende artikels dy't eins seker noch in boarnefernijing nedich hawwe? Ik sil dit oerlis aanst efkes op de oerlisside sette; ta 'learing en fermeits'.--Swarte Kees 7 nov 2010, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]
Bêst genôch earst Kees. Drewes 7 nov 2010, 18.41 (CET)[beäntwurdzje]
Pracht fan in ideaal, fansels, mar op de side is dat net te dwaan, útsein jo meitsje der wat ûnlêsbers fan dêr't elts twadde wurdt in noatteken hat. Dat dan komt de fraach: Wolle ús lêzers in andert op eat wat hja sykje, of wolle hja boarneferwizings? De wearde fan it artikel is of it skriuwt wat wier sa is. Dêrfoar is it op 'e tiid bywurkjen fan siden by, wyld foarbyld, in fúzje fan gemeenten folle wichtiger as of der al in boarne bystiet. Fansels, at wy in pear hûndert minsken mear hienen koenen wy mear tiid oan boarnen besteegje, mar ús doel is it sels jaan fan de ynformaasje, net de trochferwizings nei de boarne dêr't dy weikaam.
Mar wat de fraach oanbelanget: At ynformaasje oernaam is út in oare wikipedy, dan hat it gjin doel dat der by te setten. Ommers, foar in keppeling nei dy side nimme jo al ynterwiki op. Soenen jo de boarne oanjaan wolle, dan moatte jo dy side ek net hawwe, mar de boarnen fan dy side, dat dan hat it ek gjin doel. It moat lykwols fanwegen de de lisinsje oanjûn wurde, dat set it der yn de gearfetting by. Dat jildt ek by oernimmen fan ús eigen siden, om't wy dy lisinsje ek hawwe. Aliter 1 des 2010, 20.00 (CET)[beäntwurdzje]

Berjocht: {Doarp yn Fryslân}

Fan de Fryske Rie foar de Heraldyk krij ik de kommende tiid alle Fryske doarpswapens en doarpsflaggen. Dy faan de Fryske sstêden hawwe wy leau'k wol, mar dy kinne yn itselde berjocht (dy soenen ek in wat meaar útwreide berjocht krije kinne mei bg. jier fan stedsrjocht of sa). No soe it wol aardich wêze dat by in side oer in Frysk doarp der in berjocht by komme koe sa't dy bygelyks te sjen is op nl: by Boalsert, dus hjir. Underdielen kinne dan wêze:

  • Plaknamme
  • (doarpswapen+doarpsflagge)
  • (lokaasjekaartsje)
  • Gemeente
  • ynwennertal

Wa soe soks oanmeitsje kinne of wolle?--Swarte Kees 14 nov 2010, 20.44 (CET) In opsetsje: {Doarp |doarpsnamme = |triemnamme wapen = Doarp wapen.svg |triemnamme flagge = Doarp flagge.svg |lokaasje = LocatieDoarp |gemeente = Achtkarspelen | |ynwennertal = .. | |koördinaten = 53_11_3_N_6_8_11_E_type:city_region:NL | |koördinaten_tekst = 53° 11' NB, 6° 8' EL | |webstee = www.mooidoarp.nl | }} --Swarte Kees 14 nov 2010, 20.53 (CET)[beäntwurdzje]

Wy soenen fansels it "berjocht:Lântabel" ombouwe kinne, dat is net sa slim tinkt my, mei wapen en flagge en in lokaasjekaartsje en wat beknope ynformaasje --Geoffrey 14 nov 2010, 21.12 (CET), sjoch =>[beäntwurdzje]
{{{eigennamme}}}
[[Ofbyld:{{{flagge}}}|125px|Flagge fan Oerlisside/Argyf13]]
Flagge
[[Ofbyld:{{{lokaasje}}}|290px|Lokaasje fan Oerlisside/Argyf13]]
Offisjele taal {{{taal}}}
Haadstêd {{{haadstêd}}}
Ynwenners {{{ynwenners}}}
Bêst genôch,--Swarte Kees 14 nov 2010, 21.37 (CET)[beäntwurdzje]

Probleemke mei tabel

Goeie allegeare! Ik bin it Wrâldkampioenskip follybal froulju 2010 oan it ôf meitsjen. No haw ik in probleemke mei de tabel dy't ik brûk. Ik brûkte oant no ta foar it oanjaan fan in flagge it ôfbyld dat der by heart:  Ruslân, mar it is praktysker om fuortdaliks it berjocht dat der by heart te brûken. No rûn ik earne tsjin oan:

Sa docht er it noch wol goed:

Datum Lân 1 Einstân Lân 2 Setstannen
29 oktober   Servje 3-0   Kosta Rika 25–15, 25–18, 25–14
29 oktober   Japan 3-2   Poalen 26–28, 21–25, 25–20, 25–23, 15–12

Mar, at ik it sa doch:

Datum Lân 1 Einstân Lân 2 Setstannen
29 oktober   Servje 3-0   Kosta Rika 25–15, 25–18, 25–14
29 oktober   Japan 3-2   Poalen 26–28, 21–25, 25–20, 25–23, 15–12

dan sjoch it der net goed ik. Dat komt dan omdat ik hjirre de lannen Servje en Japan fetprinte makke haw, om oan te jaan dat dy lannen de wedstriid wûn hawwe. Is der ek ien dy't my dêr mei helpe kin? Groetnis fan MeinRei 15 nov 2010, 17.01 (CET)[beäntwurdzje]

Meidogger:Wikix

Hjoed ha ik konstatearre dat Wikix Net konstructyf dwaande is. Dizze persoan is drok dwaande kategoryen fuort te smiten dy't nedich binne om de wikipedy oersichtelik te hâlden. It giet hjir foaral om kategoryen fan plakken yn gemeenten yn Nederlân. No soe ik hjir graag fan jimme hearre wolle hoe't jimme hjir oer tinke. Noch in lytse oanfolling dizze gebrûker is op de Nederlânske Wikipedy blokearre fanwege net-konstruktive bewurkingen. Wikiice 30 nov 2010, 20.29 (CET)[beäntwurdzje]

No hat Wikiice in bealchfol wurk fersetten om de kategoryen te oarderjen. It is in hûdfol, en net altiten like tankber wurk, it is moai as ien dat om him nimme wol. Dat as eat no wer feroare wurde moat liket Oerlis foarôf my wol needsaaklik. It oanmeitsjen fan Kategoryen moatte net tefolle minsken oer gear, it is al faak slim genôch om eat yn in goede kategory te setten. Faak kin Wikix fefkes ferdútse wat er krekt fan doel is? --Swarte Kees 30 nov 2010, 21.10 (CET)[beäntwurdzje]
It is net sa slim. Wy hawwe hjir spulregels oer. At guon fan ús in side, kategory, foto of wat dan ek fuort hawwe wol dan kin er dat hjir op: Wikipedy:Siden wiskje fermelde mei de reden. As in oaren ien dat net hawwe wol of wat oars, kin dy dat hjir ek fermelde. En dan kin der oerlein wurde liket my. Oant no ta binne wy hjir altiten yn alle reedlikheid útkommen en it liket my in noflik stribben omdat sa te hâlden. Gjin Nederlânske tastannen hjirre asjeblyft. --Geoffrey 30 nov 2010, 22.09 (CET)[beäntwurdzje]
Goeijûn. Litte wy de boel hjir reedlik hâlde. Der kin oer praat wurde liket my. Ik fyn al dat it goed wêze soe as de meidogger Wikix wat mear kommunisearje soe. Geofrey hie earder alris in stik op syn oerlisside skreaun en dêr is gjin reaksje op kaam ljeau ik. Ek no ha'k noch gjin reaksje sjoen, alhoewol't hy al op Wikipedy west hat. Kommunikaasje is tige wichtich hjirre, dat litte wy dat dan ek dwaan. It soe goed wêze as Wikix syn feroarings efkes wat taljochstje kin. J'88 1 des 2010, 00.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha juster foardat ik dit stikje hjir pleatste in oprop ta útlis op de oerlisside fan Wikix pleatst mar dat hat Wikix wiske. Gr, Wikiice 1 des 2010, 09.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha de kategoryen van plakken wêrom pleatste.Wikix 1 des 2010, 23.15 (CET)[beäntwurdzje]

Foto's fernije

Niis hie ik in foto fan Sophie van den Enk weismiten, omdat it skreaun wurde maost as Sofie van den Enk. No slagget it my net om deselde foto ûnder de nije namme oan te bieden. Soe de âlde earst difinityf wiske wurde moatte eardat de nij stavere foto oanbean wurde kin? (Negearje de warskôging helpt net). As dat sa is soe ien fan de behearders dan de âlde ferzje fuortendaliks wiskje wolle?--Swarte Kees 6 des 2010, 16.41 (CET)[beäntwurdzje]

Tinkt my net. Neffens my moat in nije namme genôch wêze om de foto op 'e nij oan te biede. Liket my nuver ta dat der dan net wol. J'88 6 des 2010, 17.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de foto's no al wiske, hy moat it mar opnij oanbeane--Geoffrey 6 des 2010, 17.20 (CET).[beäntwurdzje]
Ik krij deselde melding: rieplachtsje it oanbied logboek. mar: negearje de warskôging en bied de triem dochs oan wurket net, hiel apart...
Aliter soe hjir better eefkes nei sjen kinne. Ik ha hjir gjin sjoege fan. --Geoffrey 6 des 2010, 18.44 (CET)[beäntwurdzje]
'k Ha de fraach by him dellein. Wa't ist sels besykje wol, it giet om de printsjes hjir. It frommeske hat fia de mail sels tastimming jûn.--Swarte Kees 7 des 2010, 06.44 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat komt der fan dat de ôfbyldnammen fêst keppele binne oan de triemnammen. Mar goed, njonken dat stikje boartersguod om te sjen at triemmen itselde binne, is no ek it werneamen fan triemsiden tafoegd, dat it hoecht no net mear mei wiskjen en op 'e nij. Ik haw lykwols itselde ôfbyld wer oanbean, en krige doe in warskôging dat dit al ris wiske wie. Underoan stie in opsje warskôgings net te achtsjen, dat dy haw ik oanset. Ofbyld:Sofie van den Enk nûmer 5888.jpg. Aliter 7 des 2010, 20.49 (CET)[beäntwurdzje]
Danke wol, --Swarte Kees 7 des 2010, 23.05 (CET)[beäntwurdzje]

projekt Side fan de wike 2011

As alles goed ferrint hawwe wy yn 2011 alle wiken in nije side fan de wike, sjoch: Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2011. Lykwols binne hjir noch in protte reade triedjes by. At wy my syn allen sa no en dan in read triedsje fuortwurkje dan sjocht it der aanst wer kreas út. Want as ik it by it rjochte ein ha, is it "belied" altiten sa west om op de haadside allinnich wurkjende (blauwe) ferwizings te fermelden. Gr. --Geoffrey 17 des 2010, 09.25 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat wie de ôfspraak, mei om fandalisme foar te wêzen..--Swarte Kees 17 des 2010, 10.40 (CET)[beäntwurdzje]

FrieslandWonderland

Niis haw ik in mailtsje stjoerd net FrieslandWonderland [hjr] mei de fraach oft der in soarte gearwurking mooglik is mei de Wikipedy. En hoe't eventuele behinderingen út de wei romme wurde kinne. Wy wolle beide de ynformaasje ûnder de minsken bringe dus dan soe in oparbeidzjen mooglikheden jaan. 'k Sil my melde as ik wat hear.--Swarte Kees 18 des 2010, 19.39 (CET)[beäntwurdzje]

Bauke Folkertsma fan FrieslandWonderland sjocht wol mooglikheden foar gearwurking mar tilt it oerlis efkes oer desimber hinne.--Swarte Kees 20 des 2010, 12.39 (CET)[beäntwurdzje]
Moai datst kontakt hân hast. Wy hawwe wol wat te bieden, tinkt my... Gr. --Kening Aldgilles 20 des 2010, 20.27 (CET)[beäntwurdzje]

Nije ynfoboks foar sportleafhawwers

Ynfoboks Sportklub

Bêste minsken,

Ik ha in nije ynfoboks foar sportklups makke omdat berjocht Berjocht:Ynfoboks Sportklub (sjoch foar resultaat Fuotbalferiening AVV Hoarn) it net die. Ik woe dy net samar feroarje, dat ik ha in Berjocht:Ynfoboks Sportklub2 makke (sjoch foar resultaat Sportklub It Hearrenfean). Jim meie der oer oardielje. As jim tinke dat myn ynfoboks better is, dan woe ik fuort mar útstelle om dy oare fuort te smiten. Gr. --Kening Aldgilles 20 des 2010, 20.31 (CET)[beäntwurdzje]

Sportklub2 is dúdelik better want sportclub1 sjocht der nochal brutsen út mar it kin wêze dat der in flater makke is op de side AVV Hoarn! Tink dat ien hiel geskikt is foar Amateurclubs en twa tige geskikt foar de profklubs en klubs út de topklasse... groetnis Wikiice 21 des 2010, 09.56 (CET)[beäntwurdzje]
Om my brûke wy de twadde foar alle sportklups, want de twadde wurket yndied in stik better! Groetnis MeinRei 21 des 2010, 12.04 (CET)[beäntwurdzje]

Ynfoboks sporter

Ik ha it Berjocht:Ynfoboks sporter klear. De ynfoboks is te sjen op de side oer Ronald Zoodsma. Groetnis --Kening Aldgilles 21 des 2010, 22.03 (CET)[beäntwurdzje]

Ynfoboks fuotballer

Dêrneist ha ik noch in Berjocht:Ynfoboks fuotballer makke (resultaat (Abe Lenstra en Geert Arend Roorda). Groetnis --Kening Aldgilles 21 des 2010, 22.03 (CET)[beäntwurdzje]

Sjocht der beide goed út foaral ynfoboks sporter sil ik faaks brûke yn de takomst, mar jo binne fertetten om de ynfoboksen yn in kategory te pleatsen! Kategory:Berjocht Sport, Kategory:Ynfoboks groetnis Wikiice 22 des 2010, 10.59 (CET)[beäntwurdzje]

Reaksjes

Ik bin een grut foarstanner fan ynfoboksen, dat ik bin tige te sprekken oer de boksen! Goed wurk! At jo nochris tiid ha dan soe ik graach ik ien sjen foar berchen. Groetnis, J'88 22 des 2010, 13.59 (CET)[beäntwurdzje]

At wy de kant opgeane mei meardere boksen, dan is it moaist as se der wat opmaak/yndieling oanbelanget wat likens útsjogge. Oars wurdt it wat in drokke boel, al sil de kleur fansels wol ûnderskiedend wêze moatte. Boppedat kinne dan makliker nije 'kloanen' oanmakke wurde. It soe maoi wêze as Ynfoboksen en faaks ek oarsoarte saken op in maklik plak maklik fûn wurde kinne. Bygelyks Hjir?--Swarte Kees 22 des 2010, 15.02 (CET) en Drewes 22 des 2010, 15.14 (CET)[beäntwurdzje]
Nêst dat se makkelik fûn wurde kinne moatte, moatte se ek goed kategorysearre wêze dat makket it finnen fan de juste ynfoboks ek al makkliker... gr, Wikiice 22 des 2010, 21.37 (CET)[beäntwurdzje]
It bêste soe it dan wêze dat ien of twa minsken harren talizze op it boksemeitsjen. No hoecht it om my fansels net dat dizze minsken harren allinnich dêr mar mei dwaande hâlde. Misskien in soarte fan sintraal plak wêr't boksen oanfrege wurde kinne. J'88 23 des 2010, 16.49 (CET)[beäntwurdzje]

Side fan de Wike 2011

Bêste meidoggers,

It neikommende berjocht op de meidoggerside fan Geoffrey is ornearre foar elkenien dy't op 1 jannewaris betiid is en beheardersrjochten hat. Meidogger_oerlis:Geoffrey#Side_fan_de_Wike_2011 Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 des 2010, 16.52 (CET)[beäntwurdzje]

Ik ha de wizing oanbrocht, mar it wurket noch net hielendal. Hat immen in idee hoe dat kin?--Geoffrey 3 jan 2011, 11.20 (CET)[beäntwurdzje]
Wat wurket der net G? Ik haw de side oer de wolkekliuwer foar my. J'88 3 jan 2011, 11.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ik seach ek dat jo de kategory fuort helle hienen? Wêrom dat? Komt it oars net goed op de haadside? Want dan sil ik by de oare berjochten de kategoryen ek fuorthelje. J'88 3 jan 2011, 11.59 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de side oer de wolkekliuwer ek foar my. Kategoryen en oare dingen dy't wy net op de haadside hawwe wolle moatte tusken <noinclude> en </noinclude> yn it side-fan-de-wike-berjocht stean. Dus sa <noinclude>[[Kategory:Side fan de wike 2011]]</noinclude>. No sa! Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 13.28 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha no in wat nuver kaderke by de side fan wike op de haadside, mar it sil it wol oan myn pc hjir op it wurk lizze. Gr. --Geoffrey 3 jan 2011, 14.31 (CET)[beäntwurdzje]
Ik tink it, sjocht der goed út allegear. Sil de kategory tebeksette. J'88 3 jan 2011, 14.46 (CET)[beäntwurdzje]
Der is al wat mis mei de kategoryen. Ik haw it no twa kear efkes besjoen, mar in kategory yn in berjocht jout yndie in kaderke ûnder it berjocht. Ik tink al dat soks te ferhelpen is, mar hoe at soks moat wit ik net. Op oare Wikipedyen rint soks ek goed soe ik sizze. J'88 3 jan 2011, 15.18 (CET)[beäntwurdzje]

Kwizzipedy

Niis in opset (moat noch wol útwurke wurde) makke om ris te sjen oft in Wikipedy-kwis oanmakke wurde kin mei fragen wêrfan de antwurden op de Wikipedy te finen binne. De taljochting stiet der by. Wol elk hjir ris op sjitte en kommintaar jaan?--Swarte Kees 27 des 2010, 20.59 (CET)[beäntwurdzje]

Wol of net it Berjocht:Kwissipedy in plakje yn de rjochter kolom op de Haadside jaan? Soe dan in putsje foar ien fan de behearders wêze..--Swarte Kees 1 jan 2011, 12.01 (CET)[beäntwurdzje]
Dit goede idee fertsjinnet in útnoegjend logo op in prominint plak op de haadside, fyn ik. Drewes 1 jan 2011, 12.51 (CET)[beäntwurdzje]
Ek foar --Geoffrey 1 jan 2011, 13.44 (CET)[beäntwurdzje]
Foar fansels. Kin der ek fuort sjoen wurde nei it folslein brûke fan de romte by it plaatsje fan de wike? J'88 1 jan 2011, 13.53 (CET)[beäntwurdzje]
De Kwissipedy stiet no op 'e haadside. Ik bin fan betinken dat it konsept poerbêst is, mar der kin noch folle mear mei dien wurde. It leafst elke moanne 15 nije fragen (en nei in jier wurde de fragen fannijs werhelle). Op it stik fan taal kin der noch wat dien wurde. Dêrneist bin ik fisueel noch net hielendal tefreden, mar dêr rêd ik my wol mei. It plaatsje fan de wike hat no 270px ynstee fan 200px. Ik hoopje dat it jim sa wat nei 't sin is. Gr. --Kening Aldgilles 11 jan 2011, 18.29 (CET)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn. Earst elkenien folle lok en seine tawinske yn 2011 fansels. Dan myn betinksel. Is it ek wat om de kommende twa wiken in oar logo te brûken, wat mei it nije jier deryn? J'88 1 jan 2011, 12.07 (CET)[beäntwurdzje]

Do ek it alle bêste tawinske, ja goed idee. --Geoffrey 2 jan 2011, 18.22 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin self net by machte om soks te meitsjen, dat in oar soe dat dan dwaan moatte. Al tink ik dat it ek leuk wêze soe om soks foar bygelyks kryst te hawwe it takomme jier. J'88 2 jan 2011, 23.26 (CET)[beäntwurdzje]

Nije ynfoboks

Bêste meidoggers,

Ik ha in nije ynfoboks makke dy't tenei foar alle stêden fan de wrâld brûkt wurde kin. Sjoch Berjocht:Universele ynfoboks stêd (foarbyld hjir). Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]

PROBLEEM

Wa kin ús (J'88 en ik) helpe mei it meitsjen fan it berjocht stjerke. De diskusje kinne jim hjir lêze. Ik leau dat der wat misgien is mei de metadata doe't ús Wikipedy syn nije uterlik krige. Dit berjocht hawwe wy nedich omdat wy oars net fierder kinne mei it projekt topside. Wy hoopje graach dat ien fan de oare meidoggers wat oan dit probleem dwaan kin. Ik ha gjin kontakt mei de 'hegere' behearders dy't dit probleem mooglik ek oplosse kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 20.55 (CET)[beäntwurdzje]

Nije ferzje mienskipside

Bêste meidoggers,

Ik ha in nije opset makke foar de mienskipside (Wikipedy:Mienskip). Myn útstel ta de mienskipside fine jim hjir. Soene jim der ek wat fan sizze wolle? Ik tink dat it foar it each sa wol wat better liket. Wy soene dizze opset earst nimme kinne, en letter de ynhâld fan de mienskipside hifkje. Ik bin benijd. Mei groetnis --Kening Aldgilles 9 jan 2011, 12.44 (CET)[beäntwurdzje]

Nim my net kwea ôf mar it is foar my gûl om goarre, ik sjoch noch net wat de ferbetterings binne útsein in oar jaske. Kinne wy earst net te buorkjen by oare wikipedys? Binne der by dêr't wy wat fan oernimme kinne of soene wy ús better earst op de ynhâld rjochtsje moatte? --Geoffrey 10 jan 2011, 18.42 (CET)[beäntwurdzje]
Soe de mienskipsside net wat mear yn de styl fan de haadside wurde moatte? Ik tink al dat it wichtich is dat der ris goed nei de side sjoen wurdt. In dúdlike mienskipsside kin foar nije meidoggers in wichtige boarne fan ynformaasje wêze wêrtroch hja it paad op de Wikipedy al wat fine kinne. J'88 10 jan 2011, 19.06 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sjoch al dat it doel is om de side te ferbetterjen, mar sa wurket it net. De kopkes krije sa mear omtinken, mar hat dat in doel? En ik wit ek net wat der mei dy keppelings rjochts op de kopkes moat. Mysha
It idee wie om earst in nij jaske. Ik wit wol dat de side lang net sa oersichtlik is as er wêze moat. Ik kin it ek earst sa stean litte en dat in oarenien mei in konsept-mienskipside komt? Der binne noch in pear oare dingen dy't ik hjir dwaan wol. Gr. --Kening Aldgilles 11 jan 2011, 18.24 (CET)[beäntwurdzje]
De ynhâld moat foarop stean, dêr giet it ommers om, wat hat men oan in etalaazje en wurkplak dêr't it oersjoch ûntbrekt en nimmen it paad fine kin. Earst de ynhâld en dan de foarm tinkt my. Is de Afrikaanske yndieling ek wat foar ús? Oer dy foarm én ynhâld: Niis ha'k de oare wikipedia's ris by del west mar de Mienskipsside fan it Afrikaansk springt der wat my oangiet út: [5]. Tige oersichtlik mei dy tabblêden, mar ik ha gjin idee wat der allegear efter de skermen foar dien wurde moat.. De opmaak as bg. fan fan de ljochtblauwe balkjes op ús Haadside soenen dan opnij brûkt wurde moatte om der wat ienheid yn te hâlden.--Swarte Kees 16 jan 2011, 10.32 (CET)[beäntwurdzje]
Ik fyn de nije opset noch net in soad oersichtiliker as de âlde! Wikiice 17 jan 2011, 11.35 (CET)[beäntwurdzje]

10 jier

Hallo, Ik krij ynienen oeral berjochten dat ik nei Amsterdam of Gint moat om 10 jier Wikipedia. Dogge wy der noch wat oan yn Ljouwert? Mysha (Oanpast. Sorry, Kening: Ik moast fuort dat ik wie wat te hastich.)

Ik soe it net witte. Ik fyn it idee sympatyk. Wa bisto eins? Gr. --Kening Aldgilles 11 jan 2011, 18.26 (CET)[beäntwurdzje]
Wy hawwe ien kear by elkoar west yn de stroohoed yn Ljouwert, dat wie leuk en kin om my best wer ris. Mar bestiet de Fryske Wikipedy no al 10 jier? --Geoffrey 11 jan 2011, 21.09 (CET)[beäntwurdzje]
De Frysktalige Wikipedy bestiet sûnt 2 septimber 2002. Dizze dei falt yn 2012 op in snein... Op 15 jannewaris 2001 is Wikipedy yn 't algemien online gien, ik leau dat se dy dei fiere wolle. Wy kinne grif wol wer in kear by elkoar komme, mar dat hoecht om my net sa nedich yn it ramt fan 10 jier Wikipedy. Ik fyn nammers dat 2 septimber 2002 wol wat mear omtinken fan ús fertsjinnet. Groetnis --Kening Aldgilles 12 jan 2011, 07.12 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is noch in ein fuort, mar it soe net ferkeard wêze om tsjin dy tiid, mooglik al by de jierwikseling, oer wat saken nei te tinke. Wat kinne wy dwaan om fan 2012 in moai Wikipedy-jier te meitsjen? In protte de parse sykje. Ik tink al oan de Wikipedy-mienskip yn in útstjoering fan Omrop Fryslân, ha! J'88 12 jan 2011, 10.26 (CET)[beäntwurdzje]
Ik leau, wie hawwe doe op twa plakken west: de Stroohoed wie wat drokker. Mar ik fyn it bêst, at dy iepen binne. Sneon-te-middeis? Hoe let? Dan kinne wy it ek hawwe oer wat der yn 2012 dien wurde kin. (It wie fansels moai at wy dan ek de 20.000-e side hienen, mar mei de faasje dy't der op it stuit yn sit wurdt dat fan it simmer.) Mysha
My in bytsje gelok kinne wy rûn septimber 2012 de 25.000e side hawwe. J'88 12 jan 2011, 13.52 (CET)[beäntwurdzje]
Dat doel soene we helje kinne as we meiinoar de skouders sette ûnder dizze trije rinnende putsjes. Wikiice 12 jan 2011, 18.21 (CET)[beäntwurdzje]
(Dat kloppe al mei de faasje dyt der op it stuit is.) Noch twa dagen. Binne der minsken dy't dy Sneon (temiddei?) yn de Stroohoed binne, of hoech ikder net foar nei Ljouwert te fytsen? Mysha

Is dy gearkomst ornearre foar allinne wikypommeranten, of binne sljochtweihinne meidoggers ek wolkom? Drewes 13 jan 2011, 18.31 (CET)[beäntwurdzje]

Is no sneontemiddei net wat koartdeis, noch eefkes wachtsje op mear reaksjes? --Geoffrey 13 jan 2011, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]
Ik wat fan gjin pommeranten op sizze wiki, dat it hie foar eltsenien west. Om my meie alle besikers fan de wikipedy ek komme. Mar skynber wie it te koartdeis. (En nei ti skynt is it moarn ek min fytswaar.) Dat, blykber wurdt it in oare kear. Dogge wy it no hielendal net, of prate wy no in dei ein febrewaris ôf, of soks?
Is der genôch animo om by elkoar te kommen? --Geoffrey 15 jan 2011, 09.18 (CET)[beäntwurdzje]

Animo

  • Mysha
  • Kenign Aldgilles

Siden wiskje

Ik ha de grutte bult fan siden, kategoryen dy't foarsjen wienen fan in wiskberjocht by del. At siden of kategoryen wiske wurde moatte, graach dizze fermelde op de list Wikipedy:Siden wiskje. Gr. --Geoffrey 15 jan 2011, 11.16 (CET)[beäntwurdzje]