Wikipedy:Siden wiskje

Dit is in list fan siden dy't wiske wurde moatte, wat sizze wol dat se hielendal net mear yn it systeem foarkomme sille. Dat kinne siden wêze dêr't de ynhâld fan ferplakke is, dêr't oerstallige ynformaasje op stiet, dêr't gjin ynformaasje op stiet, ensfh. Inkeld behearders kinne siden wiskje.

Gong fan saken bewurkje seksje

De opset is dat eltsenien in útstel dwaan kin om in side te wiskjen, mar dat dat proses ek wer stoppe wurde kin.

Utstel in side te wiskjen bewurkje seksje

As jo útstelle wolle om in side te wiskjen dan skriuwe jo dy op de list ûnderoan dizze side, mei in koarte reden, jo namme en de datum:

  • Titel, reden - Brûkersnamme, datum.

(Dy lêste twa kinne jo maklik tafoegje mei fjouwer ~-tekens efter elkoar.)
Nim dan de wiskwarskôging dy't hjirûnder stiet oer en set dy boppenoan de side dy't wiske wurde sil, sa't elstsenien dy't wat oan de side feroarje wol, sjen kin dat dat gjin doel mear hat.

Side dy't net wiske wurde moat bewurkje seksje

Fine jo dat in side dy't op de list stiet net wiske wurde moat, helje de rigel dan fuort, en skriuw yn de gearfetting wêrom. Of at jo it net sels dwaan wolle, skriuw dan ûnder it fersyk om te wiskjen in nije rigel, mei de grûn om dat net te dwaan, lykas:

    • Reden om net te wiskjen - Brûkersnamme, datum.

At in side ferbettere wurdt dan moat de wiskwarskôging ek fuorthelle wurde, fansels, en it kin wêze dat in part fan de keppelings op 'e nij makke wurde moat.

Ofsluten fan de list bewurkje seksje

As in side hjir stean bliuwt, dan wurdt op in stuit de list troch in behearder ôfsletten, as er de siden op de eardere list wisket. De ôfslútdatum wurdt dan ûnderoan de list tafoege. Fan dy datum ôf, is der noch 15 dagen tiid om in side fan de list ôf te heljen.

Wiskjen fan de siden bewurkje seksje

De siden dy't noch op de list stean as de 15 dagen om binne wurde troch in behearder wiske, útsein der binne goede tsjinarguminten of de behearder hat in oare reden om it net te dwaan. As de side net wiske wurdt, dan wurdt er neamd ûnder Siden dy't net wiske binne.

Daalks wiskjen fan siden bewurkje seksje

Inkeld bart it dat in side daalks wiske wurdt. Dat kin bygelyks barre om't de titel obseen is, of nea goed wêze kin. Yn dat gefal wurdt de útlis opnaam ûnder Daalks wiske siden. Foar tekst dy't net goed is hoecht dat net; jo kinne altiten de tekst weihelje en de wiskwarskôging der foar yn it stee sette.

Siden dy't meardere kearen oanmakke wurde bewurkje seksje

Om't in side dy't gefoelich is foar fandalisme, mar noch net bestiet dochs skoattelje te kinnen is der de side Wikipedy:Skoattele lege siden. At jo tinke dat de side dy't wiske wurde moat dêrop thús heart, jou dat dan yn it kommentaar oan.

As in side wiske wurdt betsjut net dat it mêd net goed is bewurkje seksje

As in side hjir stiet betsjut dat net dat it mêd net op de Wikipedy heart. In wiske side kinne jo letter gewoan op 'e nij skriuwe.

In part fan de siden is allinnich oanmakke trochdat immen nei in nije side begûn, begûn is mei it skriuwen, dan nei in pear tekens der fanôfsjoen hat, mar al op "Fêstlizze" klikt hat. Dêrtroch is de side al oanmakke, mar der is gjin ynhâld.

  • Stiet der in mêd op dizze side dêr't jo daalks in side oer skriuwe wolle, wiskje dy dan fan dizze side, gean nei it bewurkingsfjild fan dy side, wiskje alle tekst dy't dêr stiet, as der eat stiet, en skriuw in nijenien. Tink der al om dat der faaks nije keppelings komme moate, as dy ek al fuorthelle binne.

Wisk-warskôging bewurkje seksje

Foegje jo in side oan dizze list ta, set dan boppenoan dy side:
{{Wiskwarskôging}}

De Wiki makket dêr dan dit fan:

 
Side kin wiske wurde


Dizze side stiet op de list fan siden dy't nominearre binne om wiske te wurden.

Dizze side soe wiske wurde kinne om't eltsenien de side (no) net brûkber mear fynt.
Soenen jo noch in doel sjen foar dizze side, dan kinne jo der gewoan yn skriuwe, mar helje dan al earst de titel fan de list fan siden dy't wiske wurde sille, om't jo wurk oars ek wiske wurde kinne soe.


Siden dy't wiske binne bewurkje seksje

Sjoch foar siden dy't wiske binne it Wisklochboek.

Siden dy't net wiske binne bewurkje seksje

Siden dy't op 'e nominaasje steane om mei koarten wiske te wurden bewurkje seksje

Dizze siden wurde wiske at se, nei't de list ôfsletten is, hjir op syn minst noch 15 dagen neamd wurde:

Siden dy't neamd binne om wiske te wurden bewurkje seksje

Siden dy't fuortendalik wiske wurde moatte bewurkje seksje

Dizze siden moatte sa fluch mooglik troch in Behearder wiske wurde om't de namme obseen is, it nearne nei liket, of oare swierrichheden hat:

Siden dy't neamd binne om weromset te wurden bewurkje seksje