Will Simon (folút: William Hendrik Simon; Hamburch, 22 febrewaris 1929Apeldoarn, 26 jannewaris 2017) wie in Nederlânsk sjoernalist, tillefyzjeregisseur, programmamakker en presintator. By it grutte publyk waard er benammen ferneamd as it gesicht fan 'e tillefyzjeprogramma's Televizier en Opsporing Verzocht. Dêrnjonken wied er ek aktyf as skriuwer.

Will Simon
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Hendrik Simon
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 febrewaris 1929
berteplak Hamburch (Dútslân)
stoarn 26 jannewaris 2017
stjerplak Apeldoarn (Gelderlân)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist, regisseur,
programmamakker, presintator
medium tillefyzje
wurksum by AVRO
bekend fan Televizier
Opsporing Verzocht
jierren aktyf 19621991
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Simon waard yn 1929 berne yn it Dútske Hamburch as de soan fan in allinnichsteande mem fan Joadsk komôf. Mei har emigrearre er yn 1932, doe't er trije jier âld wie, nei Nederlân ta, dêr't er fierder opgroeide yn Amsterdam. Under de Twadde Wrâldoarloch moast er ûnderdûke. Neitiid folge er yn Amsterdam de Fotofakskoalle en died er, ek yn 'e haadstêd, in oplieding oan 'e Nederlânske Filmakademy.

Syn karriêre sette Simon útein as portret- en parsefotograaf. Yn 1962 waard er regisseur by de tillefyzje, wêrby't er fral kulturele programma's, kwissen en balletfoarstellings yn byld brocht. Dêrnjonken wied er ferantwurdlik foar in rige dokumintêres mei as titel Hoe Ontstaat een ...

Meitiid ûntjoech Simon him by de AVRO ta adjunkt-einredakteur en redakteur-ferslachjouwer foar de aktualiteiterubryk Televizier. Dêrfoar makke er û.m. ferslaggen fan oarloggen yn Angoala, Fjetnam en it Midden-Easten. Dêrnei klom er tegearre mei Jaap van Meekren op ta presintator fan Televizier. Yn 1975 waarden Simon en Van Meekren presintors fan it doe nije misdieprogramma Opsporing Verzocht, wêrmei't Simon syn grutste bekendheid krige. By dat programma bleau er mear as fyftjin jier belutsen, ek yn funksjes efter de skermen.

Yn 1991 gie Simon nei in tsjinstferbân fan 32 jier by de AVRO betiid mei pinsjoen. Dêrnei lei er him benammen ta op it skriuwen fan plysjethrillers, wêrfan't er trettjin publisearre. Simon wie yn 1990 beneamd ta ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Hy wie troud en hie trije bern. Op 26 jannewaris 2017 kaam er yn syn wenplak Apeldoarn yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren oan prostaatkanker.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.