Willem Witteveen (folút: Willem Johannes Witteveen; Rotterdam, 5 maaie 1952 – by Hrabove (de Oekraïne), 17 july 2014) wie in Nederlânsk politikus, heechlearaar en publisist. Hy wie de soan fan 'e eardere fise-premier Johan Witteveen en waard sels trije kear yn 'e Earste Keamer keazen foar de PvdA. Teffens wied er rjochtsgelearde en yn dy hoedanichheid ferbûn oan 'e Universiteit fan Tilburch. Yn 2014 kaam er boppe de eastlike Oekraïne om by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.

Willem Witteveen
politikus
echte namme Willem Johannes Witteveen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 maaie 1952
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
stjerdatum 17 july 2014
stjerplak by Hrabove (de Oekraïne)
etnisiteit Nederlânsk
partij PvdA
lid fan de Earste Keamer
amtsperioade 19992007
20132014

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Witteveen waard yn 1952 berne yn Rotterdam, as de soan fan 'e lettere VVD-fise-premier en -minister fan Finânsjes Johan Witteveen en dy syn frou Liesbeth de Vries Feijens. Hy hie trije bruorren en in suster, en wie de oerpakesizzer fan 'e sosjaal-demokratyske Amsterdamske wethâlder fan Siuwsk komôf Floor Wibaut. Witteveen genoat leger ûnderwiis op in iepenbiere Montessoriskoalle yn Rotterdam, en folge fan 1964 oant 1970 de middelbere skoalle oan it Rynlânsk Lyseum yn Wassenaar. Oanslutend studearre er oant 1978 rjochten oan 'e Ryksuniversiteit Leien.

Karriêre bewurkje seksje

Fan 1979 oant 1989 wurke Witteveen as wittenskiplik meiwurker op it mêd fan it steatsrjocht oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Yn 1988 promovearre er cum laude op 'e dissertaasje De Retoriek in het Recht. Fan 1990 oant syn dea wied er heechlearaar ensyklopedy fan de rjochtswittenskip oan 'e Universiteit fan Tilburch. Syn fjild fan ekspertize besloech de trias politica, algemiene wetjouwing, retoryk, juridyske teory en politike teory. Yn 2007 rjochte er oan 'e Universiteit fan Tilburch it Kolleezje fan Frije Keunsten op, dêr't er oant syn dea dekaan fan bleau. Fierders publisearre Witteveen tusken 1992 en 2010 fiif non-fiksjewurken oer rjocht en polityk.

Witteveen folge syn heit yn 1994 yn 'e polityk, mar sleat him by de sosjaal-demokratyske PvdA oan ynstee fan by de liberale VVD. Fan 1998 oant 1999 wied er foarsitter fan 'e partijplatfoarmkommisje fan 'e PvdA, en fan 1999 oant 2007 siet er twa terminen foar de sosjaal-demokraten yn 'e Earste Keamer, dêr't er foarsitter fan 'e kommisje foar Binnenlânske Saken wie. By de senaatsferkiezings fan 2007 en 2011 stied er op in ûnferkiesber plak op 'e list, mar yn 2013 waard er tuskentiidsk yn 'e Earste Keamer keazen, nei't senator Pauline Meurs opstapt wie.

Priveelibben bewurkje seksje

Krekt as syn heit hong Witteveen it sûfisme oan. Yn 1978 troude er mei Lidwien Heerkens, mei wa't er twa bern krige: in dochter, Marit, en in soan, Freek. It gesin wenne yn Breda.

Ferstjerren bewurkje seksje

Witteveen wie ien fan 'e passazjiers op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Dêrby kamen Witteveen, syn frou Lidwien Witteveen-Heerkens, syn dochter Marit Witteveen en alle 295 oare ynsittenden om it libben. Witteveen waard 62 jier. Koart foar syn ferstjerren hied er it manuskript fan syn boek De Wet als Kunstwerk ôfkrigen. Dat boek waard yn novimber 2014 postúm publisearre.

Wurk bewurkje seksje

  • 1988 – De Retoriek in het Recht
  • 1992 – Het Theater van de Politiek
  • 1997 – De Geordende Wereld van het Recht
  • 2000 – De Denkbeeldige Staat
  • 2002 – De Sociale Rechtsstaat Voorbij (mei Bart van Klink)
  • 2010 – Het Wetgevend Oordeel
  • 2014 – De Wet als Kunstwerk

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.