William F. Hanson

William F. Hanson (folút: William Frederick Hanson; Vernal (Utah), 23 oktober 1887Provo (Utah), 22 juny 1969) wie in Amerikaansk musikolooch en komponist dy't benammen saakkundich wie op it mêd fan Yndiaanske muzyk.

William F. Hanson
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Frederick Hanson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 oktober 1887
berteplak Vernal (Utah)
stoarn 22 juny 1969
stjerplak Provo (Utah)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt komponist
jierren aktyf ±19101969

Libben en karriêre bewurkje seksje

Hanson waard yn 1887 berne yn Vernal, yn 'e Amerikaanske steat Utah, as de soan fan Peter Hanson en dy syn frou Sarah Helen Glines. Hy troude op 19 augustus 1910 mei in Afton Pack yn 'e timpel fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Salt Lake City. Mei har hied er twa soannen, Gene R. Hanson en J. Howard Hanson, en ien dochter, Elma Hanson Falkner.

Hanson genoat syn oplieding oan 'e Brigham Young Universiteit yn Provo, dêr't er sawol in bachelor- as in mastergraad yn 'e musikology behelle. Hy waard komponist en wurke as heechlearaar musikology. Syn grutste bekendheid krige er doe't er yn gearwurking mei de Yndiaanske musika en aktiviste Zitkála-Ša yn 1913 The Sun Dance skreau, dat de earste Yndiaanske opera wie. Hanson ferdjippe him neitiid fierder yn 'e muzikale tradysjes fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken yn 'e Feriene Steaten, en ûntjoech him ta in rûnom erkend ekspêr op dat mêd.

Hanson syn frou ûntfoel him op 28 jannewaris 1967, en sels kaam er op 22 juny 1969 nei in lang siikbêd te ferstjerren yn Provo, yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: