William S. Hofstra

William S. Hofstra (folút: William Sake Hofstra; Holland (Michigan), 31 maaie 1861Hempstead (New York), 11 maaie 1932) wie in Amerikaansk ûndernimmer fan mingd Frysk-Nederlânsk etnysk komôf, dy't syn fortún makke yn 'e houthannel. Nei syn dea liet syn twadde frou yn syn namme grûn en jild nei wêrmei't de ferneamde Hofstra Universiteit stifte wurde koe.

William S. Hofstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Sake Hofstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 maaie 1861
berteplak Holland (Michigan)
stoarn 11 maaie 1932
stjerplak Hempstead (New York)
etnisiteit Frysk
Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt ûndernimmer
jierren aktyf 18801932
reden
  bekendheid
de Hofstra Universiteit
   is nei him ferneamd

Libben en karriêre bewurkje seksje

Hofstra waard yn 1861 berne yn Holland, yn in krite fan 'e steat Michigan dêr't har in protte Nederlânske ymmigranten nei wenjen set hiene. Syn heit wie Sake Antons Hofstra (1830-1897), dy't fan Frjentsjer kaam, en dy't op 13 jannewaris 1860 te Grand Rapids troude mei Wilhelmina Lageweg (1838-1880), út Nieuwenhoorn, op Foarne-Putten.[1] Behalven in soan krigen Sake en Wilhelmina ek in dochter, Irene Wilhelmina (1880-1953). It gesin wenne earst yn Holland, mar ferfear yn 1863 nei Grand Rapids, dêr't Sake Hofstra mooglik bakker wie. Yn 1867 ferhuzen se op 'e nij, diskear nei Muskegon, dêr't Sake Hofstra in hotel runde oan East 8th Street. Yn 1880 stoar Wilhelmina Hofstra oan tyfus.

In jier letter, yn 1881, troude William Hofstra mei in Anna Laura Morton, mei wa't er twa dochters krige, Laura (1882-1896), dy't mei 14 jier kaam te ferstjerren oan búkfluesûntstekking, en Margaret (1883), dy't letter nei New York ferfear, troude en twa soannen krige. Underwilens klom Hofstra op ta bedriuwslieder fan in houtseagerij yn Saginaw. Letter wied er behelle yn ferskate ûndernimmings yn 'e hout- en papieryndustry yn Michigan, de westlike Feriene Steaten en New York. Mei syn sakepartner Howard Brower rjochte er de Nassau Lumber Company op, en teffens wurke er foar de Price Brothers Company, in Kanadeesk hout- en papierbedriuw.

Earne tusken 1884 en 1895 moatte hy en syn earste frou skieden wêze. William Hofstra krige neitiid yn Leadville, yn Kolorado, kunde oan Kate Mason Williams (1854-1933), in rike widdo dy't oarspronklik fan Boston kaam. Hoewol't se sân jier âlder wie as him (nochal in ferskil yn in tiid dat it in ûnskreaune regel wie dat de man âlder hearde te wêzen as de frou) wertroude er yn 1895 mei har yn New Orleans. Yn 1903 kochten Hofstra en de frou it Van Vranken Estate, in bûten fan 15 acres yn Hempstead, op Long Island, dat se omneamden ta The Netherlands, by wize fan earbetoan oan Hofstra syn Nederlânske woartels. Hja lieten dêr in nij hûs sette dat ûntwurpen wie troch arsjitekt H. Craig Severance, en loeken der yn 1904 yn. Tsjintwurdich stiet dit hûs bekend as Hofstra Hall, en is it it haadgebou fan 'e Hofstra Universiteit.

William Hofstra kaam yn 1932, tweintich dagen foar syn 71ste jierdei, yn Hempstead te ferstjerren, en doe't syn frou it jiers dêrop ek stoar, liet se it hûs mei alle grûn en in grutte som jild nei oan in stifting dy't der de namme fan har man mei yn oantins hâlde moast. De rest fan it beërf gie nei de pleatslike gemeente fan 'e Amerikaanske Episkopaalske Tsjerke en nei ferskate famyljeleden en freonen. Yn 1935 rjochten de behearders fan 'e stifting op it bûten fan 'e Hofstra's in tûke fan 'e New York-universiteit op, dy't yn 1937 selsstannich waard ûnder de namme fan Hofstra College en 1963 omneamd waard ta de Hofstra Universiteit. Tsjintwurdich wurkje der oan dy ûnderwiisynstelling krapoan 1.200 minsken en binne der 12.400 studinten, wêrmei't it de grutste universiteit fan Long Island is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Persoansgegevens fan Wilhelmina Lageweg

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.