Wilhelm Adalbert "Wilm" Hosenfeld (berne op 2 maaie 1895 yn Mackenzell by Fulda; ferstoarn op 13 augustus 1952 yn Stalingrad) wie yn de Twadde Wrâldkriich in ofsier yn de Wehrmacht, dy't yn de tiid fan de besetting fan Warsjau nei alle gedachten sa'n tritich Poalske boargers en dêrûnder ek ferskate joaden it libben rêden hat.

Hosenfeld waard bekend troch de beskriwing yn it boek "Pianist", de autobiografy fan Władysław Szpilman, dy't troch Roman Polański ferfilme waard. Syn rol waard spile troch de Dútske akteur Thomas Kretschmann. Yn novimber 2008 krige Hosenfeld postúm de earetitel "Rjochtfeardige ûnder de Folken" fan Yad Vashem, de offisjele Israelyske ynstelling foar de betinking fan de joadske slachtoffers fan de Holocaust en harren rêders.

Libben bewurkje seksje

Wilhelm Hosenfeld waard berne yn Mackenzell, hjoed-de-dei in stedsdiel fan Hünfeld by Fulda. Hy waard foarme troch de katolike prinsipes dêr't er mei grutbrocht waard, troch de prusysk-patriotyske opfieding fan de doedestiidske leararenoplieding en fral ek troch de idealen fan de jongereinbeweging Wandervogel. Letter hiene ek de protestantsk-pasisfistyske ideeën fan syn frou Annemarie ynfloed op him.

Yn 1917 rekke Hosenfeld as ynfanterist swier ferwûne en moast er nei syn lân werom keare. Hy wurke dêrnei as ûnderwizer op skoallen yn ferskillende plakken. Mei syn frou Annemarie Krummacher krige er fiif bern. Troch syn lidmaatskip fan de Wandervogel rekke Hosenfeld ûntfanklik foar it nasjonaalsosjalistyske idee fan de Volksgemeinschaft, in yn bloedsibskip op in mienskiplik lot en in mienskiplik polityk leauwen basearre libbensmienskip, dêr't klasseferkillen frjemd binne.

Mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich kaam Hosenfeld, doe yntusken 44 jier âld, yn Poalen telâne. Yn Warsjau waard er yn 1941 lieder fan de Wehrmacht-Sport en wied er ferantwurdlik foar de logistyske tarieding fan fuotbalwedstriden yn it Wehrmachtsstadion. De misdieden fan de Dútske besetting wiene Hosenfeld in griis en hy sette útein mei help oan net-joadske en joadske Poalen. Sa holp er de preester Anton Cieciora út hannen fan de SS en wat letter ek dy syn sweager. Hy learde Poalsk en kaam by Poalen thús, eat dat eins foar in Dútser yn besettingstiid tige ûngewoan wie. Om't er lieder wie fan de sportskoalle hied er tafersjoch op in tal Poalske arbeiders, dy't it sportkompleks ûnderhâlde moasten. Dat joech Hosenfeld de kâns ek in pear ferfolge minsken ûnder falske namme yn tsjinst te nimmen. Hosenfeld moast by de Opstân fan Warsjau yn de lette simmer fan 1944 in pear fersetsstriders fan it Poalske Undergrûnske leger útharkje. Oars as de SS-ynstruksjes soarge er dat de ferwûne minsken ferpleging krigen; ek easke er dat hja behannele waarden nevens de Geneefske Konvinsje.

Yn Warsjau skreau Hosenfeld deiboeken en in soad brieven oan syn frou, wêryn't er him ôfsette tsjin it nazisme en de besettingspolityk. De dokuminten waarden yn 2004 yn Dútslân publisearre ûnder de titel "Ich versuche jeden zu retten. Das leben eines deutschen Offiziers in Briefen und Tagebüchern". De rêding fan de yn Poalen bekende pianist Władysław Szpilman fûn plak yn de lêste besettingsdagen fan Warsjau, op 17 novimber 1944 kaam Hosenfeld him tsjin yn in ruïne.

Hosenfeld waard yn jannewaris 1945 troch de Russen finzen nommen. Neffens wierheid ferklearre er dat de sportôfdieling dy't er liede organisatoarysk ûnder de ynljochtingstsjinst foel. Dy ynformaasje waard syn ûndergong. Om fan Hosenfeld ynformaasje yn te winnen oer syn saneamde ynljochtingstaken waard er foar tige strang ferhoar nei de finzenis fan Minsk stjoerd. Nei seis moannen marteljen en isolaasje wied er brutsen en krige er syn earste beroerte. Sûnder bewiis fan in misdied waard er yn 1950 as kriichsmisdiediger ta 25 jier twangarbeid feroardiele. Ferskate kearen fersocht er om 'e nocht om syn útlevering oan Poalen. Mar sels de oanrikkemandaasjes fan de minsken dy't er it libben rêden hie, koene de Russen der net ta bewege om him frij te litten. Healsidich ferlamme en út it lead slein ferstoar Hosenfeld op 13 augustus 1952 yn de âldens fan 57 jier yn it kriichfinzenenkamp Stalingrad. De deadsoarsaak wiene nei alle gedachten de ynterne bliedings, dy't troch it marteljen ûnstien wiene.

Władysław Szpilman fernaam pas yn 1950 dat it Hosenfeld wie dy't him holpen hie. Yn 1957 brocht er in besite oan de widdo fan Hosenfeld yn Thalau, en fertelde har dat har man him fan in wisse dea rêden hie.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wilm Hosenfeld