De wilster (Pluvialis apricaria), is in 26-29 sm grutte fûgel út de famylje fan de wilsterfûgels. Krekt as de Ljip is it ien fan de soarten út dizze famylje dy't net bûn is oan it wetter. De wilster is justjes lytser as de ljip en it mantsje is yn de briedtiid goed wer te kennen oan syn swarte hals en búk. Op syn rêch hat er goudgiele flekken. It wyfke falt mei har swart-brune tekening minder op.

wilster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai wilsters (Pluvialis)
soarte
Pluvialis apricaria
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding bewurkje seksje

De wilster is in fûgel fan it iepen fjild. Yn de noardlike gebieten, lykas Skandinaavje en Noard-Ruslân, libbet der op de toendra, yn de súdliker briedgebieten mear op de heide. Yn Nederlân binne wilsters allinich winterdeis te sjen. Se sykje dan ek wol it selskip fan ljippen.

 
Wilsteraai.

Fuortplanting bewurkje seksje

Beide âlden briede op de 4 aaien dy't yn in kûltsje op de grûn lein wurde. Nei sa'n 4 wike komme de jongen út. Nei noch in kear 4 wike kinne de jongen harren sels rêde.

Wilsterflappen bewurkje seksje

It wilsterflappen, it fangen fan wilsters mei in falnet, hat yn guon streken, yn Fryslân meast yn de Súdwesthoeke, lang in berop en byferstjinste west. De fûgels giene meast nei de lokale poelier. Yn 1979 is it ferbean. Oant 1993 wie de jacht mei it gewear op de wilster noch tastien. It wilsterflappen bart tsjintwurdich noch op lytse skaal om de fûgels te ringjen.

Literatuer bewurkje seksje

  • Goudplevieren en wilsterflappers- eeuwenoude fascinatie voor trekvogels. Joop Jukema, Theunis Piersma, Jan B. Hulscher, Erik J. Bunskoeke, Anita Koolhaas & Arend Veenstra. KNNV Uitgeverij & Fryske Akademy. ISBN 90-5011-147-5
  • Sake P. Roodbergen (redaksje en mei-auteur) e.o. Kieviten & Plevieren; Ljippen & Wilsters (Utjouwerij Wijdemeer, Ljouwert 2013)

Keppeling om utens bewurkje seksje