De wipmûne is in type poldermûne, dy't him oan it begjin fan de 15e iuw ûntwikkele út de standermûne. Ut de wipmûne ûnstiene der letter wer oare types wettermûnen. It wurdt 'wip' komt fan it skodzjen fan de boppebou fan de mûne as it hurd waaid.

Wipmûne 'Rode Molen' (Oud Ade)

Beskriuwing bewurkje seksje

Lykas by de standermûne is de boppebou draaiber, dy't nei alle wynrjochtings kruid wurde kin, mar dan net om in stander lykas by de standermûne, mar om in koker dêr't de keningspille troch hinne rint. De keningsspille wurdt troch it boppetsjel oandreaun en slút ûnder oan op it ûndertsjel, dat wer oanslút op de wetteras mei in skeprêd. By in wettermûne is it fansels net mooglik om it skeprêd of de fizel mei de mûne mei te kruien en dêrom waard de stander dêr't de mûne op rêst ferfongen troch de holle koker mei in keningsspille. De wipmûne wurdt dêrom ek wol kokermûne neamd.

De boppebou stiet op in piramidefoarmige ûnderbou. By grutte wipmûnen wurdt de ûnderbou somtiden bewenne en foar dat doel binne der dan ramen of harkenilen ynbrocht. Fakentiden is de boppebou yn read of grien skildere, somtiden ek donkerbrún, wylst de ûnderbou fakentiden mei reid, hout of dakpannen beklaaid wurdt.

De Fryske spinnekopmûnen binne yn feite lytse útfierings fan de wipmûne. Wipmûnen komme hjoeddedei foar yn Noard- en Súd-Hollân, yn de provinsje Utert en yn it westlik rivierengebiet. Ek de greidemûntsjes fan Noard- en Súd-Hollân binne ôflaat fan de wipmûne.

Tapassing bewurkje seksje

De wipmûne ûntstie oan it begjin fan de 15e iuw en is it âldste type wettermûne fan Nederlân. Ynearsten hie de wipmûne allinne in skeprêd wermei't it wetter ophelle waard. Healwei de 17e iuw waard de fizel jimmeroan faker tapast om it wetter fuort te meallen. Mei de fizel koe der fan in gruttere hichte wetter oermealle wurde en dat reau spile dan ek in grutte rol by de droechmakkerijen.

Hiel selden wurdt de wipmûne as nôtmûne brûkt en dan wipnôtmûne neamd. Fan dat type binne der noch mar in pear oer ('Nieuw Leven', Hazerswoude; 'De Vriendschap' Weesp en de nôch te foltôgjen weropbou fan de 'Grote Molen' fan Vianen). Eartiids wiene der ek wipmûnen, dy't de funksje fan houtseachmûne hiene.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: