De Wite Brekken is in mar súdlik fan Snits yn de eardere gemeente Wymbritseradiel, no yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Wite Brekken
Wite Brekken, OpenSeaMap 2023
Wite Brekken, OpenSeaMap 2023
geografy
type wetter mar
lokaasje by Top en Twel
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
koördinaten 52°60′N 5°41′E
ûnderdiel fan Wite en Swarte Brekken en Aldhôf
kaart
Wite Brekken (Fryslân)
Wite Brekken
Lokaasje yn Fryslân

Goa bewurkje seksje

Yn it noardwesten giet de mar oer yn de Swarte Brekken. Yn it noarden fan de mar komme de Wâldfeart en de Broersleat út. Troch de Modderige Ryd stiet de eastkant yn ferbining mei de Easterwimerts en fia It Nau yn it suden mei it marke de Aldhôf. De Wite Brekken meitsje ûnderdiel út fan it natuergebiet Wite en Swarte Brekken en Aldhôf, dêr't ek de omlizzende boezemlannen en de simmerpolders ûnder falle. De behearder is Steatsboskbehear. It gebiet is oanwiisd as Fûgelrjochtlinegebiet omdat winterdeis 17% fan de wrâldpopulaasje oan Wink hjir sliept, benammen yn de polder De Lange Warren. Yn it ferline wie it gebiet in bolwurk foar de Ljippeblom, mar dy is hjir al lang útstoarn.

 
Wite Brekken, Schotanus-atlas li.1718