Witimer350-376) wie in Ostrogoatyske kening. Hy wie famylje fan Ermanerik en waard yn 375 ta kening keazen, neidat Ermanerik himsels tekoart dien hie.

Skiednis bewurkje seksje

Under Witimer hat it Ostrogoatyske Ryk noch koarten tiid stân hâlden tsjin de Hunnen. Lykwols moast hy krekt as syn foargonger in grut tal nederlagen ynkassearen tsjin de ynfallers. Yn 376 laten de Ostrogoaten in ferpletterjende nederlaach dêr't Witimer by sneuvele. Neffens Jordanes hawwe doe de twa foaroanmannen mei de measte ûnderfining út it leger: Alateus en Safraks, it regintskip op harren nommen oer syn noch minderjierrige soan Widerik.

Nei de nederlaach luts in part fan it Ostrogoatyske folk rjochting de Dnjepr, en letter rjochting de Donau ûnder Alateus en Safraks. Der wie ek in lytse kloft dy't harren taflecht socht op de Krim. It oare part fan de Ostragoaten ûnderwurp har oan de Hunnen.

Boarnen bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Hermann Schreiber, De Goten: vorsten en vazallen (1979).