It Woutersberchje is in opsmiten hichte út wierskynlik 1798 dat by it bûten Feanwyk yn Aldskoat heart. Om it berchje hinne leit in fiver.

Woutersberchje westside
Woutersberchje noardside
Woutersberchje eastside

De famylje Bienema, in rike aptekersfamylje, liet it bûten Feanwyk bouwe, mei jild dat hja mei de ferfeanting fertsjinne hienen. Nei in tal ferbouwings waard de filla yn 1901 nijboud. It Woutersberchje leit op de as fan Feanwyk.
Feanwyk kaam letter yn besit fan Julia Jan Wouters dy't by testamint bepaalde dat der "net-troude froulju fan goede komôf" yn wenje mochten. Troch dizze Julia Jan Wouters-stifting krige it Wouterberchje syn namme. By fersin wurdt it berchje wolris 'Woudsterberchje' neamd trochdat it tichteby It Oranjewâld leit.
Der waarden eartiids wol mear fan sokke keunstmjittige ferhegings opsmiten. Yn It Oranjewâld bygelyks yn de Noarderbosk en de Suderbosk. By Fogelsanghstate yn Feankleaster en by Heremastate op De Jouwer wienen eartiids ek sokke hichten. Men hie fan sa'n bult ôf in moai útsjoch op it gebiet deromhinne.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R. Mulder-Radetzky en Barteld de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud