Wremen is in doarp en eardere gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it histoarysk Fryske Lân Woersten. De gemeente wie foar 1 jannewaris 2015 in dielnimmende gemeente fan de Samtgemeinde Lân Woersten yn 'e landkreis Cuxhaven. Op dy datum is de gemeente mei de oare dielnimmende gemeenten Cappel, Dorum, Midlum, Misselwarden, Mulsum en Padingbüttel en de gemeente Nordholz weryndield ta de nije gemeente Woerster Noardseekust. Wremen telt 1.944 ynwenners. It plak leit oan de Noardsee justjes boppe de mûning fan de Wezer.

Wremen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Cuxhaven
Boargemaster Heiko Dahl
Sifers
Ynwennertal 1944 (31 desimber 2013)
Oerflak 25,16 km²
Befolkingsticht. 77 / km²
Hichte 2 m
Oar
Postkoade 27639
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
www.sglandwursten.de/
It gemeentewapen fan Wremen
Loftfoto fan Wremen (2013)
De haven mei strân, kemping en fjoertoer (2012)

Skiednis bewurkje seksje

Al fan de 1e iuw foar Kristus ôf wie dêr bewenning op terpen yn it Lân Woersten. De terp Feddersen Wierde, tusken Wremen en Mulsum waard bewenne troch Saksen, dy't yn 'e 5e iuw fuortgiene. Nei it Folkeferfarren yn 'e 5e iuw waard it gebiet kolonisearre troch Friezen, dy't nije terpen opwurpen. Fan 1954 oant 1963 is yn dy terpen en benammen yn Feddersen Wierde in grutskalich archeologysk ûndersyk dien. Dy terpen wiene wol 4 hektare grut en 4 meter heech. Fan de 14e iuw ôf waard yn Wremen it rjocht oer it Lân Woersten útsprutsen. Ut 1312 stamt in oarkonde dêr't de wichtige funksje as tsjerkedoarp foar de omkriten yn neamd waard. De tsjerke stamt lykwols fan om en de by 1200 en is de âldste tsjerke yn it Lân Woersten. Oan it Wremer Djip waard in haven oanlein dy't ornearre wie foar fiskerij en in oanlisplak foar skippen, dy't de Wezer op en del fearen. De Woerstfriezen wiene part fan de frije Friezen en fochten gauris tsjin it Aartsbisdom Bremen, dat de Woerstfriezen ûnderwerpe woe. Yn 1517 waarden de Woerstfriezen ûnder lieding fan Tjede Peckes yn de Slach by it Wremer Djip ferslein troch in leger fan aartsbiskop Kristof fan Breunswyk-Luneboarch. Dêrnei ferlearen de Woerstfriezen harren frijheid.

Nijsgjirrichheden bewurkje seksje

Wremen hat in stasjon fan it spoar tusken Cuxhaven en Bremerhaven. De folgjende besjenswurdichheden binne der yn Wremen:

  • Willehadi-tsjerke
  • Wremer Haven mei strân, kemping en fjoertoer Kleine Preuße
  • Museum foar waadfiskerij
  • Wremer Grille, in yt- en drinkynstelling mei wykliks in muzykfoarstelling.

Keppeling om utens bewurkje seksje