Professor Doktor Wubbo Ockels (Almelo, 28 maart 1946 - Amsterdam, 18 maaie 2014) wie in Nederlânske natuerkundige en de earste Nederlânske romtefarder.

Wubbo Ockels yn 2007
Wubbo Ockels as romtefarder

Libben en wurk bewurkje seksje

Oplieding bewurkje seksje

 
Nuna 3
 
Superbus
 
Ockels syn 'Ecolution 84', Reitdjip, Grins.

Ockels studearre natuer- en wiskunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins (RuG), dêr't er yn 1973 cum laude syn doktoraaleksamen behelle. Nei syn oplieding wurke hy foar it Kearnfysysk Fersneller Ynstitút dêr't er ûndersyk die nei ûnder oaren it ferfal fan gammastrielen yn nukleêre systemen. Yn 1978 promovearre Ockels oan dy universiteit.

Yn 1978 waard Ockels, doetiids ferbûn as bysûnder heechlearaar oan de RuG, troch it Jeropeeske Romteagintskip (ESA)) frege mei te wurkjen oan it Spacelab program, in gearwurkingsprojekt fan ESA en NASA.

Astronaut bewurkje seksje

Yn de jierren 1980 en 1981 folge Ockels de astronautenoplieding oan it Johnson Space Center yn Teksas, Feriene Steaten. By de earste Spacelab-flecht, yn 1983, hold Ockels fan de grûn ôf it kontakt mei de wittenskippers fan de bemanning fan de Space Shuttle.

Yn 1985, fan 31 oktober oant 6 novimber, wie er ien fan de bemanningsleden fan de Space Shuttle Challenger. Hy wie as wittenskipper ferantwurdelik foar de mjitapparatuer en de wittenskiplike ûndersiken.

Heechlearaar bewurkje seksje

Yn de jierren dernei hat er wurksum west foar ESTEC yn Noardwyk; sûnt 1992 wie er wurksum as heechlearaar oan de Technyske Universiteit Delft oan de fakulteit Loft- en Romtefearttechnyk. Dêr wie er sûnt 2003 dwaande op it mêd fan duorsume enerzjy.

In tal projekten wer Ockels oan mei wurke hat binne:

Persoanlik libben bewurkje seksje

Ockels wie troud, hie twa bern en twa bernsbern.

Yn 1982 krige Ockels in slimme leptospirose-ynfeksje. Augustus 2005 krige er in hertoanfal. Hy waard better en koe syn wurk oan de TU Delft wer opnimme.[1]

Op 29 maaie 2013 waard nei bûten brocht dat Ockels in aggressive niertumor hie (nierselkanker) mei metastasen op de longfluesen; hy soe noch sa'n twa jier te libjen hawwe.[2] Hoewol't er fan alles besike hat om syn ymmúnsysteem sterker te meitsjen en sadwaande de kanker te bestriden, stoar er 18 maaie 2014 oan de gefolgen fan dy kanker.[3]

Lidmaatskippen bewurkje seksje

Ockels wie lid fan de Amerikaanske Feriening foar Natuurkunde, de Nederlânske Natuerkundige Feriening, Mensa, de Assosjaasje foar Romteferkenners en de Assosjaasje foar Europeeske Astronauten. Teffens wie er ambassadeur fan de Frisian Solar Challenge, in race foar sinneboaten de Fryske alve stêden bylâns. Sûnt 2009 siet er yn it Komitee fan Oanrikkommandaasje fan de stichting Students in Free Enterprise Delft.

Planetoïde bewurkje seksje

De Ynternasjonale Astronomyske Uny hat in planetoïde (9496 Ockels) nei Ockels ferneamd. It planeetsje draait tusken de planeten Mars en Jupiter om de sinne en is trochsneed 4,8 oant 11,4 kilometer. 9496 Ockels waard op 26 maart 1971 ûntdutsen troch it Leiensk astronomepear C.J. van Houten en I. Groeneveld.

Underskiedings bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. News Former Dutch astronaut improving in hospital - News from the Netherlands
  2. (ned) Wubbo Ockels heeft agressieve vorm van nierkanker, Destentor.nl, 29 maaie 2013
  3. (ned) Wubbo Ockels overleden, nos.nl, May 18, 2014