De wurgerfûgels of wurgers (wittenskiplike namme: Laniidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn de boppefamylje fan de Corvoidea. De wurgers binne dus besibbe oan de kriefûgels en de gielegouwen.

Wurgerfûgels
Toarnekster (Lanius excubitor)
Toarnekster (Lanius excubitor)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje Corvoidea
famylje: wurgerfûgels (Laniidae)
Linnaeus, 1758

Foarkommen bewurkje seksje

De wurgerfûgels binne lytse deirôffûgels mei sterke poaten, in grutte kop en in krêftige, skerpe heaksnaffel. Dermei kinne se fûgeltsjes, mûzen, amfibyen en grutte ynsekten beetkrije. Se binne meast griis, brûn, ierdkleurig mei swart of wyt. De measte wurgfûgels binne 17-25 cm grut, de lytste is de dwerchwurger (sawat 15 cm), de grutste de eksterwurger (sa wat 40 cm, de sturt derby), beide út Afrika. Hoewol ‘t se ‘sjongfûgels’ binne, is harren sang beheind. Inkelde soarten sa as de toarnekster kinne it ropen fan lytse sjongfûgeltjes neidwaan, en se sadwaande as proai lokje.

Fersprieding bewurkje seksje

De wurgerfûgels komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, allinnich net yn Súd-Amearika, Austraalje en de poalstreken. Yn Jeropa komme likernôch 6 of 7 soarten geregeld foar, yn Nederlân en Fryslân is allienich de skatekster noch as briedfûgel oanwêzich; de toarnekster en de readkopwurger binne as briedfugêl út Nederlân ferdwûn.

Famyljeopbou bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje