In wyldsjitterke is in Fryske platboaiem dy't spesjaal geskikt makke wie foar de jacht.

wyldsjitterke
Frysk Skipfeart Museum

De boat hat in licht bûgde, sterk fallende foarstjûne en in rjochte steilsteande efterstjûne. De kop en it efterskip binne rûn, mar sterk weifage. It board falt breed iepen oant it berchhout. It boeisel falt binnenwerts. De romp is strekt en hast gjin seech. Op in lytse plecht nei is de boat hielendal iepen. Eartiids farden wyldsjitters mei ien smel swurd. Letter waarden twa rûne, brede swurden brûkt. De wyldsjitter is it lytste rûne Fryske skip út de famylje fan de tsjotters.

De Fryske skipsbouwer Eeltsje Holtrop van der Zee boude 25 wyldsjitters. Hy levere se mei riemen, roer en in swurd foar 33 en tweintich jier letter 50 gûne. [1] In oare bekende bouwer fan wyldsjitterkes wie Hans Byl fan Toppenhuzen. Fan him is it model fan in wyldsjitterke yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Trochstrings wienen se 15 foet lang (4.30 meter) en hienen se in djipgong fan mar 12 sm., sadat ser sels op ûnderrûne stikken lân mei fard wurde koe. De boat koe stil, sûnder weagen, troch it wetter glide.
It wyldsjitterke waard om 1850 brûkt de jacht op guozzen en oar wetterwyld. De jacht op guozzen barde moarns iere betiid en yn de neimiddei. De jager lang langút yn syn boat. Hy skeat at de fûgels opfleinen en krekt boppe wetter wienen. It guozzeroer wie laden mei hagel. In goed skot levere de jager 20 oant 30 fûgels op.

Wyldsjitters waarden letter ek wol as plesierjacht brûkt. Se waarden dan útrist mei in mêst en sprietseil (sjoch foto boppe).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cultuurtijdschriften