Wynjammer is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut sylskip dat in de 19e iuw en it begjin fan de 20e iuw brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de klippers.

Wynjammers yn de haven fan Hamburch ± 1900

De term ferwiist nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst bark; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iuwen fan ûnderfining mei de seefeart.

De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as hout, nôt en gûano op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurrinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder koene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen.

De Finske reder Gustaf Erikson út Mariehamn, Ålandseilannen, wie ferneamd om syn float fan wynjammers dy't er noch yn it wurk hie tusken beide wrâldkrigen. Oare bekende rederijen dy't it lang mei sylskippen útholden hawwe wiene F. Laeisz fan Hamburch en A.D. Bordes út Dúntsjerk (Frankryk).

Ferskate fan dizze skippen binne der noch - as skoalleskip, museumskip of omboud ta restaurant. Ek kin dit skipstype noch sjoen wurde by eveneminten sa as SAIL Amsterdam, de Kielwike en Hanse Sail.

Ferneamde wynjammers bewurkje seksje

De meast grutte wynjammer wie France II. De grutste dy't no noch bestiet is dee fjouwermêst bark Moshulu, no in restaurantskip yn Philadelphia, PA, FSA. In oarenien dy't noch fard is it Russysk skoalleskip Sedov, ek in fjouwermêst bark. De lêste wier oarspronklike wynjammer is de Pommern, no in museumskip yn Mariehamn.

 
Herzogin Cecilie in fjouwermêst bark