In wynmûnepark, wynmolepark of wynpark (yn it Ingelsk: Wind farm) is in samling fan trije of mear wynturbinen ornearre om wynenerzjy op te wekjen. Wynmûneparken kinne yn grutte ferskille. Sa binne der parken mei in stikmannich wynmûnen en parken mei hûnderten wynmûnen. Der wurdt in grut ûnderskie makke tusken wynmûneparken op lân (onshore) en wynmûneparken op see (offshore).

Wynmûnepark Middelgrunden yn de Sont. De ôfstân tusken de turbinen bedraacht 180 meter
Roscoe Wind Farm yn it westen fan Teksas

Wynmûneparken komme in soad foar yn de Feriene Steaten, Jeropa, Sina en Yndia. It grutste wynmûnepark op lân is de Gansu Wynmûnepark yn Sina mei in fermogen fan likernôch 8.000 megawatt, mei de bedoeling om 20.000 megawatt te berikken yn 2020. Yn desimber 2020 wie de Hornsea Wind Farm yn it Feriene Keninkryk mei in fermogen fan 1.218 megawatt it grutste wynmûnepark op see. De grutte fan de yndividuele wynturbinen nimt stadichoan ta om mear enerzjy op te wekjen. Dêrtroch binne der minder wynturbinen nedich om itselde fermogen op te wekjen.

Om't wynmûneparken gjin branje nedich binne, hawwe se minder ynfloed op it miljeu as oare foarmen fan it opwekjen fan enerzjy. Der is lykwols genôch krityk op bygelyks harren ynfloed op it lânskip en op it útsicht - hoarizonfersmoarging. Om goed te funksjonearjen moatte wynturbinen fier genôch faninoar ôf stean en dêrmei steane se dus suver ferspraat oer it plattelân, itjinge liede kin ta "yndustrialisaasje fan it plattelân", gefolgen foar de habitat fan bisten en it ôfnimmen fan it toerisme. Guon tinke sels dat wynmûnen ynfloed hawwe op de sûnens fan de minske; lykwols, de measte ûndersikers wize dat ôf en neame soks pseudowittenskip - wynturbinesyndroom.

Untwerp en lokaasje bewurkje seksje

 
Wynmûneparken yn Dútslân
 
Wynatlas fan de Feriene Steaten
 
In bûgde line by Kopehagen

De lokaasje fan in wynmûnepark komt noch al krekt om in sa goed mooglik rendemint te heljen. Fan belang binne: plak mei in soad wyn, tagong ta it elektrysk net, tagong ta it park sels en pleatslike stroomprizen.

Mei in hurde trochsneed wynfaasje sil in wynturbine mear enerzjy opwekje, dus plakken mei yn trochsneed in soad wyn binne gaadlik foar ûntjouwings fan wynmûneparken. Dêr stiet foaroer dat by sterke wynpûsters en turbulinsje sterkere, en dus djoerdere, wynturbinen nedich binne. Dêrom wurdt der dan ek wol de foarkar oan jûn en sykje plakken mei in konstante wyn mei lege turbulinsje.

Om in plak mei konstante wyn te sykjen is in plak nedich mei min mooglik behinderings, sa as bergen, beammen, gebouwen, ensfth. Flak lân is dêr dus gaadlik foar. De wynfaasje is lykwols heger op hegere plakken. Op hûnderten meters boppe seenivo nimt de wynkrêft lykwols ôf omreden de tinnere luchtdruk.

Berchpassen waarden gauris brûkt foar it oanlizzen fan wynmûneparken, benammen yn de Feriene Steaten. De bergen foarmje in lijte foar de wyn dy't oer de berchpassen en troch dellings en kleauwen hinne sûgd wurdt. Dêrom is der gauris hurde wyn op dy plakken en binne dus gaadlik foar wynmûneparken. Yn de 1980-er jierren binne der yn de Feriene Steaten, benammen yn Kalifornje, in soad parken mei hûnderten wynturbinen op berchpassen boud. Fan dy wynmûneparken hawwe ûntwikkelers in soad oer de effekten fan turbulinsje en de ôfstân tusken de turbinen leard, dy't earder noch net ûndersocht waarden.

Hjoed-de-dei wurde plakken fûn troch middel fan in wynatlas, dêr't plakken fûn wurde kinne mei yn trochsneed in soad wyn. Op de lokaasje dy't fûn wurdt, wurde de wynfaasje en rjochtings metten mei anenometers en wynwizers. It sammeljen fan de ynformaasje fan in spesifyk plak duorret likernôch in jier en is fan krúsjaal belang om te bepalen om in projekt te finansierjen.

Wichtich yn it ûntwerp fan in wynmûnepark is de ôfstân tusken de turbinen. Hoe tichter se byinoar stean, hoe mear se in behindering fan inoar foarmje. Derfoaroer stiet dat mei de gruttere ôfstannen tusken de turbinen, mear lân, paden en kabels nedich binne. Dêrtroch ferskille de grutte fan de wynmûnen it park. Oer it algemien wurdt der foar in ôfstân fan seis kear de rotordiameter fan in turbine tusken de turbinen oanrekomandearre. By in rotordiameter fan 80 meter is de ôfstân tusken twa wynturbinen dus 480 meter.

Troch skaalfergrutting en oantal falle wynmûnen hieltyd mear op yn it lânskip. Yn Nederlân stie yn de 1970-er en 1980-er jierren hjir en dêr in wynmûne, almeast by in pleats. De hichte foel doe noch net sa op en waard suver as in part fan it lânskip sjoen. Fan 1975 ôf is de trochsneed mêsthichte tanommen fan likernôch tweintich meter oant fan guon wol hast twahûndert meter, dus heger as de Avérotoer yn Ljouwert.

Mei it heger wurden fan de turbinen wurdt erkend dat wynnmûneparken selsstanige lânskiplike eleminten binne, dy't dus ek yn it lânskip ynpast wurde moatte. Plannen foar wynmûneparken, dy't it lânskip fan in streek dominearje sille, krije dan ek wol in soad tsjinstân fan pleatslike bewenners.

Foarbylden fan patroanen om turbinen del te setten binne:

  • rjochte line
  • bûgde line
  • ferskate rjochte linen
  • in beskaat raster, dêr't de turbinen der as in kompakte groep by útsjen
  • it folgjen fan in besteand objekt lykas in autodyk of in kanaal

Finansiering bewurkje seksje

Wynmûneparken wurde finansiere troch inkelde grutte ynvestearders of troch in projektfinansiering, dêr't troch it stiftsjen fan in closed-end fund de ynvestearders as oandielhâlders mei eigen kapitaal, dy't almeast mei in bankliening garandearre wurdt, finansiere. Ynvestearders besteane út gewoane boargers, dy't gauris yn in BV as oandielhâlders yn in wynpark ynvestearje en grutte ynvestearders sa as banken en ynternasjonale konserns dy't yn wynparken op see ynvestearje.

Op lân bewurkje seksje

 
Gansu Wynmûpark yn Sina is it grutste wynpark yn de wrâld mei in fermogen fan krapoan 8.000 MW
 
Alta Wind Energy Center yn Kalifornje
 
Shepherd Flats Wind Farm boppe de kleau fan de rivier de Kolumbia yn Oregon
 
Fântânele-Cogealac yn Roemeenje

It earste wynmûnepark yn de wrâld waard yn desimber 1980 yn it suden fan de Amerikaanske steat New Hampshire boud en bestie út tweintich turbinen mei in totaal fermogen fan 0,6 megawatt.

Grutste wynmûneparken op lân
Wynmûnepark Fermogen
(yn megawatt)
Lân
Gansu 7.965   Sina
Zhang Jiakou 3.000   Sina
Urat Zhongqi, Bayan Nur 2.100   Sina
Hami Wind Farm 2.000   Sina
Damao Qi, Baotou City 1.600   Sina
Alta Wind Energy Center, Kalifornje 1.547   Feriene Steaten
Windpark Jaialmer 1.064   Yndia
Fosen Wind 1.057
277 turbinen
  Noarwegen
Western Spirit, Nij-Meksiko 1.050   Feriene Steaten
Hongshagang, Minqin County 1.000   Sina
Kailu, Tongliao 1.000   Sina
Chengde 1.000   Sina
Shepherds Flats Wind Farm, Oregon 845   Feriene Steaten
Roscoe Wind Farm, Teksas 782   Feriene Steaten
Horse Hollow, Teksas 736   Feriene Steaten
Tehachapi Pass, Kalifornje 690   Feriene Steaten
Capricorn Ridge, Teksas 663   Feriene Steaten
San Gorgonio Pass, Kalifornje 619   Feriene Steaten
Altamont Pass, Kalifornje 606   Feriene Steaten
Fowler Ridge, Indiana 600   Feriene Steaten
Fântânele-Cogealac 600   Roemeenje
Sweetwater, Teksas 585   Feriene Steaten
Zarafara 545   Egypte

Fan wynmûneparken op lân yn heuvel- en bercheftige geaen wurde de turbinen ornaris op heuvel- of berchrêgen trije kilometer fan de kust ôf pleatst. Dat wurdt dien om de measte wyn op te fangen, om't dy oer in heuvel- of berchrêch tanimt. Dêrtroch kin der mear enerzjy opwekke wurde. De pleatsing fan de turbinen komt tige krekt, want in ferskil yn 30 meter kin de opbringst ferdûbelje. Dat krekte pleatsen wurdt wol micro-siting neamd.

Op see bewurkje seksje

 
Thorntonbank foar de kust fan Belgje

Jeropa stiet boppe-oan wat wynenerzjy op see oanbelanget. It earste wynmûnepark op wetter, wie Vindeby yn Denemark dy't yn 1991 boud waard. Yn 2010 wiene der 39 wynmûneparken yn it wetter foar de kusten fan Belgje, Denemark, Dútslân, Feriene Keninkryk, Finlân, Ierlân, Nederlân, Noarwegen en Sweden mei in totaal fermogen fan 2.396 megawatt. Yn 2020 wie de Hornsea Wind Farm yn it Feriene Keninkryk it grutste wynmûnepark op see yn de wrâld mei in fermogen fan 1.218 megawatt. Walney Wind Farm, ek yn it FK, is de twadde mei in fermogen fan 659 megawatt. Projekten op see yn Jeropa, dy't mear as 100 gigawatt leverje moatte, binne foarsteld of yn ûntwikkeling. De European Wind Energy Association hat it doel en meitsje 40 gigawatt dien yn 2020 en 150 gigawatt yn 2030.

Om't der op see gjin behinderings foar de wyn binne sa as op it lân, is de trochsneed wynfaasje ornaris heger op it wetter as op it lân. Dêrmei is it fermogen fan wynmûneparken op see ek heger as dy op lân.

De grutste wynmûneparken op see
Wynmûnepark Fermogen
(yn megawatt)
Lân Turbinen & model Oplevere
Hornsea Wind Farm 1.218   Feriene Keninkryk 174 × Siemens SWT-7.0-154 2019
Walney Wind Farm 659   Feriene Keninkryk 47 x Siemens Gamesa 7 MW, 40 x MHI Vestas V164 8.25MW 2012
London Array Wind Farm 630   Feriene Keninkryk 175 × Siemens SWT-3.6 2013
Gemini 600   Nederlân 150 × Siemens SWT-4.0 2017
Greater Gabbard wind farm 504   Feriene Keninkryk 140 × Siemens SWT-3.6 2012
Anholt 400   Denemark 111 × Siemens 3.6-120 2013
Bard Offshore 1 400   Dútslân 80 × BARD 5.0 2013
Rampion Wind Farm 400   Feriene Keninkryk 116 x Vestas V112-3.45MW 2018
Thorntonbank 325   Belgje 6 × REpower 5MW en
48 × REpower 6.15MW
2013
Sheringham Shoal 315   Feriene Keninkryk 88 × Siemens 3.6-107 2012
Thanet 300   Feriene Keninkryk 100 × Vestas V90-3MW 2010

Fierders binne der plannen foar de Hollânske kust, boppe de Waadeilannen en yn de Dútske Bocht in stikmannich wynmûneparken te bouwen. Ek op de Doggersbank, op de grins fan de Britske, Deenske, Dútske en Nederlânske parten fan de Noardsee, binne plannen foar in keunstmjittich eilân fan guon kante kilometer om fan dêrút in wynmûnepark te bouwen. It park moat in totaal opwekkingsfermogen fan 9.000 megawatt opsmite.

Yn Fryslân bewurkje seksje

Yn Fryslân binne der trije wynmûneparken:

  • Wynpark A7 mei 4 turbinen en in fermogen fan 8 megawatt.
  • Wynpark Fryslân, dy't yn oanbou is en mei 89 turbinen in fermogen fan 382 megawatt leverje moat.
  • Wynpark Nij Hiddum-Hou, dy't yn oanbou is en mei 9 turbinen 42 megawatt leverje moat.

Wynpark Gemini leit yn de Noardsee en bestiet út twa parten. It iene part leit boppe It Amelân en it oare part likernôch 55 km noardlik fan Skiermuontseach.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: Wynmûnepark – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en literatuer sjoch:

Wynmûneparken yn Fryslân
Wynpark A7 | Wynpark Fryslân (yn oanbou) | Wynpark Nij Hiddum-Hou (yn ûntjouwing)