In wynmotor is in rompleaze wynmûne fan metaal, ornaris mei in folslein wynrêd. Oars as by de measte wjukmûnen, hat in wynmotor ien of twa wynwizers, dy't de wynmotor sûnder help fan in mûnder nei de wyn rjochsje kin. Der wurdt ek wol Amerikaanske wynmotor sein, as tsjinstelling ta it Jeropeeske model fan de wjukmûne. De wynmotor waard útfûn troch de Amerikaan Daniel Halladay.

Wynmotor De Feanhoop, merk Herkules, mei 30 blêden.
Wynmotor Sint Nyk, merk Record, mei 18 blêden.
Wynmotor Ysbrechtum, mei 12 blêden.

Skiednis bewurkje seksje

Yn de tweintiger jierren fan de 20ste iuw waard de Amerikaanske wynmotor ynset foar de polderbemealling. Dat hie ta gefolch dat der hast gjin tradisjonele wynmûnen mear boud waarden en de besteande yn ferfal rekken.

Nei likernôch 1930 kaam it elektryske gemaal en kaam der in ein oan it tiidrek fan wynbemealling. Fan de inkelde hûnderten wynmotors dy't boud wienen, binne no minder as fyftich oer. Dy binne meastentiids yn fiergeande steat fan ferfal. Somtiden misse sels de blêden. Mar in pear binne noch bedriuwsklear. Yn neifolging fan de tradisjonele mûnen wurde de wynmotors ek restaurearre. In lyts tal mûnen is, neidat se restaurearre en bedriuwsklear makke wiene, ferpleatst nei in gebiet dêr't se wer ynset wurde kinne, lykas de Wearribben.

Bou bewurkje seksje

In wynmotor hat, lykas in greidemooltsje, in wynwizer dy't de mûne (mole) op 'e wyn hâldt. De wynmotor hoecht dus net troch in mûnder yn de wyn draaid te wurden.

In wynmotor hat blêden yn stee fan wjukken. De grutste wynmotors hawwe tweintich oant tritich blêden en in betonnen ûnderbou, it platfoarm, en binne meastentiids fan it merk Herkules (type Metallicus). De middelgrutte wynmotors hawwe tsien oant tweintich blêden. Se binne fakentiden útfierd mei in platfoarm en binne almeast fan it merk Record. It lytste type hat fjouwer losse blêden. In soad fan dy lytse en middelgrutte wynmûnen waarden makke troch it wynmotorfabryk Bruorren Bakker yn Drylts.

In neidiel fan blêden wie, dat it oerflak net lytser makke wurde koe by hurde wyn. Dêrom hat in wynmotor ornaris in twadde wynwizer, dy't, as de wyn te fûl waait, de blêden út de wyn draaie moat. Mooglik funksjonearre dat goed ûnder de Amerikaanske omstannichheden, dêr't de wynmotor foar ûntwikkele wie, mar yn Nederlân hienen wynmotors dochs noch wolris stoarmskea.

Sjoch ek bewurkje seksje