Wynmotor Twellingea 1

De Wynmotor Twellingea 1 is in poldermole en ryksmonumint east fan it twillingdoarp Toppenhuzen/Twellingea yn de gemeente Wymbritseradiel.

Wynmotor Twellingea 1

Dizze mole is in mealreeë wynmotor fan it type Herkules Energie, dy't boud waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden. Hy hat in wynrêd fan 21 blêden en in diameter fan 6 meter en is yn Nederlân de ienige oerbleaune wynmotor yn dizze útfiering. De mole bemealt sûnt 1929 oan de Doltesleat de Geaupolder, in simmerpolder east fan Toppenhuzen, tsjintwurdich in natoergebiet dat eigendom is fan Steatsboskbehear. Dy wurdt ek bemeald troch de wat noardliker steande Wynmotor Twellingea 2 en troch de Geaupoldermole, in spinnekopmole dy't oan de westside fan de Geaupolder stiet. De wynmotor is in ryksmonumint en eigendom fan it Wetterskip Fryslân. Hy is net iepen foar publyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: