Zografou-kleaster

It Zografou-kleaster (Gryksk: Μονή Ζωγράφου), Bulgaarsk: Зографски манастир) is ien fan de twintich kleaster op de Berch Atos, Grikelân. De offisjele namme is Kleaster fan de hillige Joaris Sograf (Bulgaarsk: манастир "Светѝ Гео̀рги Зогра̀ф"). It is yn de hiërargy de njoggende yn rang fan de Atos-kleasters.

Zografou-kleaster

Μονή Ζωγράφου

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 10e iuw, gebouwen 18e- en 19e-iuwsk.
offisjele webside
inathos.gr

It kleaster waard ferneamd nei in ikoan fan Sint-Joaris, bekend as Sint-Joaris de Zograf. De lêste namme komt fan de oerlevering dat it ikoan op in wûnderlike wize sûnder minskehannen op in paneel waard skildere (zografos yn it Gryksk betsjut skilder).

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard neffens de tradysje stifte troch de trije út Ohrid ôfkomstige muontsen Moazes, Aäron en Jehannes. Neffens in oare boarne soe de stifter Joaris de Skilder wêze, oan wa't it kleastser wijd is.

It âldste bewiis fan it bestean fan it kleaster stamt út 980. Yn de midsiuwen waard it kleaster rynsk stipe troch bulgaarske foarsten, lykas Ivan Asen II en Ivan Aleksander. It wie foar de Bulgaarske Otterdokske Tsjerke in earesaak om in kleaster op Atos te hawwen, mar ek byzantynske en servyske hearskers droegen by oan de ûntwikkeling fan it kleaster troch stikken lân te jaan.

In grutte tragedy fûn plak yn 1275, doe't it kleaster op fersyk fan de byzantynske keizer plondere waard troch krúsfarders. De muontsen op Atos fersetten harren tsjin de Uny fan Lyon, dy't de keizer om politike redenen oplizze woe. Sels woe de keizer syn fingers net baarne oan it delslaan fan de opskuor, benaud dat er wie foar it oerslaan fan it protest nei de befolking, en dêrom stjoerde er as foarbyld foar oare kleasters de krúsfarders op de Slavyske muontsen ôf. Nei húsholden te hawwen yn Vatopedy en Iviron teach it leger moardzjend nei Zografou, dêr't 26 muontsen fermoarde waarden. De martelders wurde op 10 oktober (23 oktober op de Gregoriaanske kalinder) alle jierren yn otterdokske tsjerken betocht.

Ek piraten fan de Katalaanske Kompanjy diene de kleastersteat oan en plonderen yn de jierren 1307-1309 in soad kleasters fan Atos. Fan de oarspronklik 300 kleasters op it eilân bleaune oan it begjin fan de 14e iuw mar 35 oer. Byzantynske keizers en de Donau-foarsten holpen it kleaster der wer by op en yn de 13e iuw koene de gebouwen mei stipe fan de byzantynske keizer Andronikus II Palaeologus. It kleaster krige ek in grut tal metochia (eigendommen) yn dielen fan Roemeenje, Ruslân, Bulgarije en wat hjoeddedei Turkije is, mar allinne de metochia fan Grikelân bleaune foar it kleaster beholden.

It tsjintwurdige kleaster hat it 16e-iuwske oansjen, wylst de gebouwen út it midden fan de 18e iuw datearje. De súdlike fleugel waard boud yn 1750, de eastlike fleugel yn 1758, de lytse tsjerke stamt út 1764 en de grutte út 1801. Yn de twadde helte fan de 19e iuw waarden de noardlike en westlike muorren boud. De grutskalige bouplannen einigen yn 1896 mei de bou fan in nije Siryl- en Metoadiustsjerke en in klokketoer.

Yn it kleaster wurde twa mirakuleuze ikoanen bewarre: it ikoan fan de Panagia fan de Akatist en de Epakouousa.

Bibleteek bewurkje seksje

De bibleteek fan it kleaster is tige wichtich foar de Bulgaarske kultuer. Yn de kleasterbibleteek wurde 388 manuskripten yn it Tsjerkeslavysk en 126 yn it Gryksk bewarre. Dêrnjonken besit de bibleteek nochris 10.000 printe boeken. Twa midsiuwske Bulgaarske keninklike hânfesten binne yn de bibleteek ûntdutsen: it Zograf-hânfest en it Rila-hânfest.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zograf monastery