Zootopia (yn beskate lannen, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Zootropolis, sjoch hjirre) is in Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilm út 2016. It wie de 55e jûnfoljende film fan 'e Walt Disney Animation Studios. De rezjy wie yn 'e hannen fan Byron Howard en Rich Moore, wylst de haadrollen ynsprutsen waarden troch stimakteurs Ginnifer Goodwin en Jason Bateman. Zootopia is in famyljefilm en plysjefilm, dy't spilet yn in metropoal, befolke troch antropomorfe bisten fan alderlei soarten. De plot folget Judy Hopps, de earste wylde knyn dy't de plysjeskoalle ôfrûne hat, wylst se besiket tsjin alle foaroardielen yn in plakje te feroverjen yn it plysjekorps fan Zootopia. De film briek nei de premiêre yn maart 2016 rekôrs yn 'e bioskopen, en wie de fjirde tekenfilm út 'e skiednis fan 'e filmyndustry dy't mear as $1 miljard opbrocht. Zootopia wûn de Oscar yn 'e kategory bêste tekenfilm en ferskate oare prestizjeuze prizen.

Zootopia
Zootropolis
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Byron Howard
Rich Moore
produsint Clark Spencer
senario Jared Bush
Phil Johnston
kamerarezjy Nathan Warner
Brian Leach
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Walt Disney Animation Studios
distribúsje Walt Disney Studio Motion
   Pictures
spilers
haadrollen Ginnifer Goodwin
Jason Bateman
byrollen Idris Elba
Jenny Slate
Nate Torrence
J.K. Simmons
Shakira
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 febrewaris 2016
foarm lange tekenfilm
sjenre famyljefilm, plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $1.024 miljoen
prizen Oscar 2016
Golden Globe 2016
BAFTA Award 2016

Plot bewurkje seksje

Yn in wrâld dy't folslein befolke wurdt troch antropomorfe (har as minsken gedragende) bisten, ferfollet de wylde knyn Judy Hopps, dy't ôfkomstich is út it plattelânsdoarpke Bunnyburrow, de dream dy't se al as jongknyntsje hie troch plysje te wurden yn 'e grutte metropoal Zootopia (of Zootropolis, ôfhinklik fan 'e filmtitel dy't brûkt wurdt). Dêr blike lykwols suver allinne mar mânske bisten te wurkjen, lykas oaljefanten, noashoarnen en nylhoarsen. Judy is de earste knyn dy't de plysje-oplieding trochrûn hat. Hoewol't se as de bêste fan har klasse fan 'e plysjeskoalle kommen is, wurdt Judy troch kommissaris Bogo (in Kaapske buffel) oan it wurk set as parkearwachter, om't hy net ynsjocht hoe't in knyn doeltreffend as 'echte' plysje wurkje kinne soe. Dat is in grutte teloarstelling foar Judy, temear om't se har safolle foarsteld hie fan har wurk as plysje yn 'e grutte stêd. Har earste dei op it wurk wurdt noch helte minder as se har bedonderje lit troch in oplichtersduo, besteande út 'e foks Nick Wilde en de fennek Finnick.

As se likernôch in wike oan it wurk is as parkearwachter, en suver beswykt ûnder it deprimearjende karakter fan dy baan, wurdt se op in dei oanklampt troch in winkelbaarch dy't fan in sekfol bollen fan 'e krookjesoarte Midnicampum holicithias bestellen is troch in bretale gaudief, de wezeling Duke Weaselton. Judy set de efterfolging yn, dy't liedt nei in diel fan 'e stêd dêr't lytse bisten as mûzen en pipermûzen libje. Weaselton besiket Judy op alle mooglike manearen ôf te lieden fan har efterfolging, ûnder mear troch in úthingboerd, besteande út in doughnut ter grutte fan in rêdingsboei, los te skuorren en nei har ta te smiten. Judy kin it ding krekt op 'e tiid pakke foar't it in froulike pipermûs ferpletteret dy't krekt op dat stuit in sebrapaad oerstekt.

Uteinlik wit Judy Weaselton te fangen, mar neitiid kriget se op har kop fan kommissaris Bogo fanwegen alle skea en alteraasje dy't har efterfolging fan Weaselton oanrjochte hat, en om't it har wurk as parkearwachter net is om winkeldieven te fangen. Wylst se yn syn kantoar de wyn fan foarren kriget, komt frou Otterton dêr binnen, in rivierotter dy't de kommissaris al dagenlang lêstich falt oer de ferdwining fan har man Emmitt. Om't der yn koarte tiid fjirtjin rôfdieren ferdwûn binne, wêrfan't de oare trettjin allegear in stik grutter binne as in otter, hat de ferdwining fan Otterton foar kommissaris Bogo op dat stuit net in soad prioriteit. As Judy lykwols oanbiedt om it ûndersyk nei de Otterton-ferdwining op har te nimmen en loko-boargemaster Dawn Bellwether (in ei), dy't krekt op dat stuit ek it kantoar binnenkomt, dat in goed plan taliket, kin Bogo net oars as Judy op 'e saak sette. Hy praat lykwols mei har ôf dat se 48 oeren de tiid hat om Emmitt Otterton werom te finen. As dat har net slagget, moat se ûntslach nimme by de plysje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oan 'e hân fan in ôfdruk fan in byld fan in befeiligingskamera stelt Judy fêst dat de oplichter Nick Wilde de lêst bekende persoan is dy't Otterton libben sjoen hat. Mei de bânrekorder yn har pinne nimt se in petear op dat se mei Nick fiert, wêryn't hy tajout dat er him skuldich makke hat oan belestingfraude. Neitiid sjantearret Judy him mei dy opname om har te helpen by it weromfinen fan Otterton. Troch Nick syn bekendheid mei de stêd en de ûnderwrâld ûntdekke Judy en hy dat Otterton nei syn moeting mei Nick yn in limûsine stapt is. Earst tinke se dat de otter ûntfierd is, en dat fermoeden liket befêstige te wurden as se de oangeande limûsine fine en Nick dêr spoaren yn ûntdekt dy't liede nei de maffiabaas Mr. Big.

It hiele ûndersyk liket yn in fiasko te einigjen as Nick en Judy finzen nommen wurde troch de trewanten fan Mr. Big, dat in miniskule poalpipermûs blykt te wêzen, dy't bewekke wurdt troch in eskadron reuseftige iisbearen. Mr. Big hat noch in appeltsje te skilen mei Nick om't dy oan syn muoike in 'tapyt' ferkocht hat dat de pels fan 'e kont fan in stjonkdier bliek te wêzen. Op it stuit dat Nick en Judy ombrocht drige te wurden, ferskynt lykwols Mr. Big syn dochter Fru Fru op it toaniel, dat deselde pipermûs blykt te wêzen dy't Judy earder fan 'e ferplettering troch it doughnut-úthingboerd rêden hat. As tank foar it rêden fan it libben fan syn dochter beslút Mr. Big Judy en Nick dan by it ûndersyk te helpen. Hy fertelt dat Otterton út frije wil yn 'e limûsine ynstapt wie, om't er in saak mei Mr. Big ôf te hanneljen hie, mar dat er ûnderweis degenerearre ta in ferwyldere steat en Mr. Big syn sjauffeur Manchas oanfoel om dêrnei út te piken.

As Judy en Nick nei it hûs geane fan Manchas (in swarte jaguar), fertelt dy harren dat Otterton wat raasde oer "nachtgûlers" foar't er him oanfoel. Nei't er lykwols mar in pear tellen út harren sicht west hat, rekket Manchas sels ek ferwyldere en falt er Judy en Nick oan. By in eange nachtlike efterfolging troch it reinwâlddistrikt fan Zootopia rêdt Judy Nick syn libben troch Manchas fêst te setten en it plysjeburo om help te skiljen. Mar as kommissaris Bogo mei fersterkings arrivearret, blykt Manchas ferdwûn te wêzen. De kommissaris leaut neat fan Judy har ferhaal, en mient dat it alhiel fuortkomt út 'e skrikfalligens wêrfan't eltsenien wit dat kninen dêroan lije. It bewiist foar him dat sy ûngeskikt is om by de plysje te wurkjen en hy easket daliks har ûntslach. Nick bringt him lykwols fyntsjes tebinnen dat Judy 48 oeren hie om 'e ferdwining fan Otterton op te lossen, en dat dêrfan noch 10 oeren oer binne.

As se harren rie te'n ein it stedhûs besykje, biedt loko-boargemaster Bellwether Judy en Nick direkte tagong ta de bylden fan 'e befeiligingskamera's yn 'e stêd. Dan ûntdekke se dat Manchas finzen nommen is troch wolven, en Judy nimt daliks oan dat dàt de "nachtgûlers" binne dêr't Otterton it oer hie (wolven gûle ommers nei de moanne, sa't eltsenien wit). Sy en Nick folgje it spoar fan Manchas en syn ûntfierders nei it Psychiatrysk Sikehûs Cliffside, en as se dêr ynbrekke, fine se net inkeld Manchas werom, mar ek Otterton en alle oare trettjin ferdwûne rôfdieren. Boppedat ûntdekke se dat boargemaster Leodore Lionheart (in liuw) harren dêr bûten it sicht fan 'e media en de publike opiny finzen hâldt wylst er wittenskippers oan it wurk hat om 'e oarsaak fan harren ferwyldering te ûndersykjen. Lionheart is deabenaud dat útkomme sil dat rôfdieren samar ferwylderje en oare bisten oanfalle kinne: as liuw is hy ommers ek in rôfdier, en soks soe samar de ein fan syn politike karriêre betsjutte kinne.

Judy en Nick belûke kommissaris Bogo en de plysje by harren ûntdekking. Dêrop wurde Lionheart en de stêf fan it psychiatrysk sikehûs arrestearre foar ûntfiering en ûnrjochtlike finzenskip. Loko-boargemaster Bellwether wurdt de nije boargemaster. Judy, dy't ûnder harren ûndersyk befreone rekke is mei Nick, freget him om him yn te skriuwen foar de plysjeskoalle, om't er oanlis hat foar plysjewurk, en om't sy ferlet hat fan in partner. Sels kriget Judy no einlings en te'n lêsten de erkenning dêr't se sa lang op longere hat, mar dat blykt in twasnedich swurd te wêzen. By in parsekonferinsje ferpraat se har troch te suggerearjen dat de reden foar de ferwyldering fan 'e ûntfierde bisten dy't yn it psychiatrysk sikehûs weromfûn binne, gearhinget mei harren biology as rôfdieren. Dêrmei ropt se eangst op ûnder de 90% fan 'e ynwenners fan Zootopia dy't út proaidieren bestiet, en dy eangst slacht al rillegau om yn haat en diskriminaasje. Ek har eigen freonskip mei Nick, dy't ommers as foks ek in rôfdier is, kriget in slimme knau, en hy wol neat mear fan har witte. Mei't se har skuldich fielt en it gefoel hat dat se mei har wurden Zootopia fernield hat, nimt Judy neitiid ûntslach en keart werom nei Bunnyburrow. Dêr lûkt se wer by har âlden yn, dy't woartels en blauwe blebberbeien ferbouwe en ferkeapje.

Op in stuit komt yn in petear mei har heit en mem te praat dat 'nachtgûlers' in bynamme is foar in beskate soarte krookjes. Sokke blommen befetsje in neurotoksine dat op sûchdieren slimme psychotropyske effekten hat dy't liede ta in steat fan ferstânleaze agresje. As Judy beseft dat it om deselde soarte krookje giet as dêr't Duke Weaselton de blombollen fan stiel, giet har in ljocht op. Se giet halje-trawalje werom nei Zootopia, dêr't se har rûzje mei Nick byleit. Neitiid konfrontearje sy beiden Weaselton mei Judy har nije ynformaasje, en Weaselton jout dan ta (nei't Mr. Big him derfan oertsjûge hat dat it it bêste foar him is om mei te wurkjen) dat er de blombollen stellen hie foar in ûnsympatike raam dy't Doug hjit. Judy en Nick fine Doug yn in laboratoarium yn in âlde metrotrein yn in tunnel ûnder Zootopia, dêr't er dwaande is om mear fan it gif fan 'e nachtgûlers te meitsjen, dat er yn in ferdôvingspylkje docht om ôfsketten te wurden mei in ferdôvingsgewear. Ut in tillefoanpetear kinne Judy en Nick ôfliede dat Doug dejinge is dy't alle 'ferwyldere' rôfdieren mei it gif ynjektearre hat troch se mei it ferdôvingsgewear te sjitten.

Judy en Nick besykje mei de metrotrein út te naaien, mar trochdat de tsjinwurking fan Doug en twa oare rammen op in oanhâldend gefjocht útrint, rekket de metro úteinlik yn in tunnel ûnder it Natoerhistoarysk Museum ûntspoard mei as gefolch in ûntploffing en in brân wêrby't alle bewiismateriaal yn flammen opgiet. Utsein it ferdôvingsgewear mei it lêste ferdôvingspylkje, dat Nick út 'e metrowagon rêden hat. Ear't Judy en Nick kontakt opnimme kinne mei de plysje, wurdt harren yn it museum lykwols de pas ôfsnien troch boargemaster Dawn Bellwether, foar wa't Doug en de oare rammen blike te wurkjen. Judy en Nick komme tegearre finzen te sitten yn ien fan 'e útstallings nei't Nick wegeret om Judy efter te litten as dy har ankel ferdraaid hat. Bellwether, dy't it ferdôvingsgewear fûn hat dat Nike en Judy op harren flecht kwytrekke binne, sjit Nick mei it ferdôvingspylkje, mei as gefolch dat er ferwyldere rekket en him tsjin Judy keart. Underwilens skillet Bellwether sels de plysje op om oan te jaan dat se der tsjûge fan is hoe't in ferwyldere foks yn it Natoerhistoarysk Museum efter in warleas knyntsje oan sit.

Dêrnei makket se harsels oan Judy bekend as it masterbrein efter in gearspanning fan supremasistyske proaidieren, dy't rôfdieren besykje ôf te skilderjen as gefaarlike gekken dy't op elts momint ferwyldere reitsje en oare bisten oanfalle kinne. Se mient dat de publike opiny him nei Judy har dea troch Nick syn tadwaan noch fierder tsjin 'e rôfdieren keare sil. As lykwols blykt dat Nick en Judy de ferwyldering en de oanfal mar spile hawwe, mei't se it ferdôvingspylkje yn it gewear ferfongen hiene troch in blauwe blebberbei, driget in poerrazene Bellwether om harren beiden foar de hiele gearspanning opdraaie te litten. Mar dan lit Judy har witte dat se Bellwether har de hiele monolooch opnommen hat mei de bânrecorder yn har pinne. Bellwether besiket noch te ûntkommen, mar ûnderwilens is kommissaris Bogo mei in plysjeteam op it toaniel ferskynd, en hy hat it lêste diel fan it petear tusken Judy en Bellwether heard. De boargemaster en har trewanten wurde dêrop daliks oppakt en ferdwine efter de traaljes.

Yn in fraachpetear mei de media ûntstriidt de finzen sittende eardere boargemaster Lionheart dat er wat fan Bellwether har gearspanning ôfwist, wylst er tagelyk úthâldt dat syn beslút om 'e 'ferwyldere' rôfdieren finzen te hâlden "it ferkearde wie om te dwaan, mar om 'e goede redens." No't de oarsaak fan 'e 'ferwyldering' bekend is, duorret it net lang ear't wittenskippers in tsjingif ûntwikkele hawwe, dat alle 'ferwyldere' rôfdieren wer by sinnen bringt. De haat tsjin en diskriminaasje fan rôfdieren belunet neitiid, mei't in soad proaidieren har skamje foar harren hâlden en dragen. Judy kriget har baan by de plysje werom en Nick lit him ynskriuwe oan 'e plysjeskoalle, dy't er yn 'e koartste kearen trochrint om Judy har fêste partner te wurden. De film einiget mei in popkonsert fan 'e sjongster en dûnseresse Gazelle (in idoal dat de hiele film troch al út en troch neamd waard en opdûkte), dêr't alle personaazjes by oanwêzich binne, útsein Bellwether en Lionheart, dy't der inkeld in ferslach fan sjogge op tillefyzje yn it tichthûs.

 
Ginnifer Goodwin, dy't de stim ynspriek fan haad-personaazje Judy Hopps.
 
Jason Bateman spriek de stim yn fan Nick Wilde.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise oarpronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje
Judy Hopps Ginnifer Goodwin Leonoor Koster
Nick Wilde Jason Bateman Alexander de Bruijn


byrollen
personaazje akteur/aktrise oarpronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje
kommissaris Bogo Idris Elba Simon Zwiers
Dawn Bellwether Jenny Slate Jetske van der Staak
plysje Benjamin Clawhauser Nate Torrence Jelle Amersfoort
boargemaster Leodore Lionheart   J.K. Simmons Leo Richardson
Gazelle Shakira Desi van Doeveren
Bonnie Hopps Bonnie Hunt Hilke Bierman
Stu Hopps Don Lake Finn Poncin
Yax Tommy Chong Tygo Gernandt
frou Otterton Octavia Spencer Marjolein Algera
Duke Weaselton Alan Tudyk Lange Frans
Flash Raymond S. Persi Erik van der Horst
Mr. Big Maurice LaMarche Sander de Heer
Doug Rich Moore Joost Claes

Untwikkeling fan it ferhaal bewurkje seksje

Zootopia begûn by Byron Howard, dy't in film meitsje woe mei antropomorfe bisten, krekt sa't Disney dat ek dien hie yn 'e 1970-er jierren, mei Robin Hood. It gie him derom dat de bisten yn in moderne, antropomorfe wrâld libje moasten, dy't lykwols ûntwurpen wie foar bisten troch bisten, en dêr't gjin minsken yn foarkamen. Dêrmei wykten syn ideeën ôf fan oare films oer antropomorfe bisten, dy't oer it algemien òf yn in natoerlike wrâld libben (lykas yn The Lion King), òf mank minsken yn in minsklike wrâld (lykas yn Lady and the Tramp). Howard betocht in stikmannich ferhalen dy't er foarlei oan útfierend produsint John Lasseter, wêrûnder in 'bisteftige' adaptaasje fan De Trije Musketiers en in science fiction-ferhaal oer in mophûn dy't as preemjejager yn 'e romte wurke.

 
Regisseur Byron Howard.

Hoewol't Lasseter net folle yn dy ferhalen seach, fûn er it idee fan antropomorfe bisten yn in eigen wrâld yntrigearjend. Howard betocht dêrop in nij, James Bond-eftich ferhaal tsjin it dekôr fan 'e 1960-er jierren, mei as titel Savage Seas, oer de poalhazze Jack Savage. Dat ferhaal wie Lasseter goed genôch om it fierder út te wurkjen, en Jared Bush waard ynhierd om dêrfoar mei Howard gear te wurkjen. Bush wie entûsjast oer Savage Seas om't syn eigen heit en pake foar de CIA wurke hiene. By de útwurking dêr't Howard en Bush nei ferrin fan tiid mei op 'e lapen kamen, die bliken dat it earste diel fan it senario, dat him ôfspile yn in stêd fan en foar bisten, fierwei it aardichste part wie. Sadwaande waarden se weromstjoerd nei de tekentafel, mei de opdracht om har dêr fierder op ta te lizzen.

Uteinlik waard it Howard dúdlik dat it ferhaal fan Savage Seas net te kombinearjen foel mei wat de studiobazen by Disney foar eagen stie. Hy tanke dêrom it sechstiger-jierrendekôr ôf, krektlyk as it spionaazje-elemint en de ynternasjonale aspekten. It gefolch wie dat der hiel in nij ferhaal ûntstie, dat him ûntjoech ta in plysjefilm fan it subsjenre fan 'e buddy cop movie (d.w.s. oer de wikselwurking tusken twa plysjepartners). De haadrol wie yn dat stadium tatocht oan 'e foks Nick Wilde, wylst de knyn Judy Hopps eins inkeld syn helpke wie. In skoft lang leine Howard en Bush harren tige fêst oan dy ferzje fan it ferhaal, mar yn novimber 2014 beseften se dat de plot foar it publyk ynnimliker wêze soe as se de rollen omdraaiden en fan Judy Hopps de haadpersoan makken.

 
Regisseur Rich Moore.

Produksje bewurkje seksje

It senario foar Zootopia waard skreaun troch Jared Bush en Phil Johnston. Neitiid brochten de animators acht moannen troch yn Disney's Animal Kingdom, it San Diego Zoo Safari Park en ek yn Kenia, dêr't se it hâlden en dragen fan ferskate bistesoarten bestudearren, sadat se dy sa reälistysk mooglik werjaan koene yn 'e film. Se besochten ek it Natoerhistoarysk Museum fan Los Angeles County, dêr't se ûnder de mikroskoop beseagen hoe't ferskillende soarten pelzen der útseagen ûnder in ferskaat fan ferljochtingsfoarmen. It gebrûk fan kompjûteranimaasje stelde de animators by steat om 800.000 ûnderskate bistefigueren oan te meitsjen. Foar de stêd Zootopia lieten de animators harren ynspirearje troch in ferskaat oan wiere grutte stêden, lykas New York, San Francisco, Las Vegas, Parys, Sjanghai, Hongkong en Brasilia. Foar it ûntwerpen fan 'e ferskillende motorisearre fiertugen foar safolle ûnderskate bistesoarten waard advys ynwûn fan J Mays, it eardere haad nije ûntwerpen fan 'e Ford Motor Company.

De rezjy fan Zootopia kaam úteinlik yn 'e hannen fan Byron Howard sels en fan Rich Moore, dy't earder grut súkses hân hie mei Wreck-It Ralph. Produsint foar de Walt Disney Animation Studios wie Clark Spencer. Nathan Warner en Brian Leach diene de kamerarezjy. Foar de haadrollen fan Judy Hopps en Nick Wilde waarden as stimakteurs Ginnifer Goodwin en Jason Bateman oanlutsen. De rol fan kommissaris Bogo waard ferfolle troch Idris Elba. Oare wichtige rollen hiene Jenny Slate as loko-boargemaster Dawn Bellwether, Nate Torrence as plysje Benjamin Clawhauser, J.K. Simmons as boargemaster Leodore Lionheart, en sjongster Shakira as Gazelle. De muzyk waard fersoarge troch komponist Michael Giacchino, dy't in soundtrack gearstalde mei 21 ynstrumintele nûmers en 1 songen liet. Dy waard op 4 maart 2016 útbrocht op cd as Zootopia: Original Motion Picture Soundtrack. Inkeld it earste nûmer fan it album wie net fan Giacchino; dat wie it liet Try Everything, skreaun troch Sia Furler, Tor Erik Hermansen en Mikkel S. Eriksen, en songen troch Shakira.

Premiêre en alternative nammen bewurkje seksje

Premiêre bewurkje seksje

De earste trailer fan Zootopia waard op 11 juny 2015 útbrocht op YouTube. De film gie op 13 febrewaris 2016 yn premiêre op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Brussel, wêrnei't de bioskooppremiêre yn 'e Feriene Steaten folge op 4 maart fan dat jier. Op 7 juny 2016 waard Zootopia troch Walt Disney Studios Home Entertainment útbrocht op dvd, blu-ray, blu-ray 3D en digital hd.

 
Zootopia waard yn in tal lannen, wêrûnder Nederlân, útbrocht ûnder de titel Zootropolis. Reden dêrfoar wie dat Disney yn dy lannen it auteursrjocht op 'e namme Zootopia net bemachtigje koe.

Alternative nammen bewurkje seksje

Bûten Noard-Amearika krige Zootopia yn guon lannen in oare namme. Sa waard de film yn it Feriene Keninkryk en ferskate oare Jeropeeske lannen (wêrûnder Nederlân, Denemark, Flaanderen, Hongarije, Itaalje, Noarwegen, Portegal, Spanje en Tsjechje) útbrocht as Zootropolis. Itselde wie it gefal yn guon lannen yn Noard-Afrika. Wylst Zootopia in wurdboarterij is op Zoo (fan zoology, 'soölogy') en Utopia, ferwiist Zootropolis nei Zoo en metropolis ("metropoal"). De nammeferoaring waard ynjûn troch it feit dat Disney yn sokke lannen it auteursrjocht op 'e namme Zootopia net krije koe, mei't dat al oars ferjûn wie. Sa wie it yn Denemark al sûnt 2014 yn 'e hannen fan 'e dieretún Givskud Zoo. Yn Dútslân, dêr't men ornearre dat Zootropolis tefolle liek op 'e titel fan it populêre berneboek Zootopolis fan auteur Kay Fischer, út 2010, krige de film de namme Zoomania.

Untfangst bewurkje seksje

Yn 'e Britske krante The Observer skreau filmkritikus Mark Kermode dat Zootopia in hiel grappige en ynnimlike film wie. Dêr foege er oan ta: "It yn 'e film ûntsteande drama hjit in ferhaal te wêzen oer rôfdieren dy't tajouwe oan harren biste-ynstinkten, wylst eangstige proaidieren benaud binne foar harren buorlju. Mar eins is it in hearlik opboude likenis oer fertrouwen en tolerânsje fersus panyk en foaroardielen." Neil Genzlinger fan The New York Times fûn Zootopia "grappich, moai betocht, [en] ta neitinken stimmend." Yn it tydskrift Rolling Stone skreau Peter Travers dat Zootopia samar ris "de meast subversive film" fan 2016 wêze koe. Hy priizge it aktuële boadskip oer it kwea dat feroarsake wurdt troch foaroardielen yn in tiid dat ksenofobyske politike retoryk de oerhân hie.

De Amerikaanske resinsint Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com mocht Zootopia oer it generaal wol lije en joech de film 3 fan 4 stjerren, mar hy hie muoite mei de sintrale metafoar, dy't neffens him flokte mei it boadskip dat de film útdrage woe. Hy skreau: "Zootopia freget allegeduerigen fan syn personaazjes om fierder te sjen as stereotypen dy't op soarten basearre binne [...]. Dat liket allegearre moai en aardich, oant je beseffe dat alle stereotypen oer ferskate bisten oant op beskate hichte wier binne, yn 't bysûnder de meast elemintêre: karnivoaren ite herbivoaren om't dat yn harren aard leit." Yn 'e Britske krante The Daily Telegraph skreau Rosa Prince dat sy yn elts gefal tige gelokkich wie mei it haadpersonaazje Judy Hopps, dy't foar har dream fan in karriêre as plysje kiest, ynstee fan foar leafde en famyljetrou, sa't alle Disney-prinsessen lykje te dwaan.

 
Dvd's fan Zootopia ûnder de Frânske foarm fan 'e namme (Zootopie) yn 'e skappen fan in winkel yn Frankryk.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, krige Zootopia in goedkarringspersintaazje fan 97% basearre op 267 ferskillende resinsjes. De bygeande konsensuskrityk priizge de wielderige nije animaasjetechniken fan Disney, de flotte en grappige ferhaalline dy't foar sawol bern as folwoeksenen ûnderhâldend is, en it "rike en aktuële" boadskip dat "ta neitinken stimmend en ynklusyf" is. Yn 2016 behelle inkeld Moonlight op Rotten Tomatoes in hegere skoare as Zootopia.

Resultaat bewurkje seksje

Zootopia brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $341,3 miljoen op, en yn 'e rest fan 'e wrâld $682,5 miljoen. De totale opbringst bedroech sadwaande $1,024 miljard (oftewol $1.024 miljoen), wat, ôfset tsjin in budget fan $150 miljoen, in skjinne winst betsjutte fan mar leafst $874 miljoen. Zootopia wie de fjirde tekenfilm ea mei in opbringst fan mear as in miljard Amerikaanske dollar, nei Toy Story 3 (2010), Frozen (2013) en Minions (2015).

Wrâldwiid wie Zootopia de op trije nei meast opbringende film fan 2016, nei Captain America: Civil War, Rogue One en Finding Dory. Ek wie Zootopia de op ien nei meast opbringende (earste publikaasje fan in) film fan 'e Walt Disney Animation Studios (nei Frozen), en de op ien nei meast opbringende film mei in orizjineel senario, d.w.s. in senario dat net op in earder besteand ferhaal basearre wie (nei Avatar). Zootopia waard yn 2016 bekroane mei de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en ferskate oare prizen, wêrûnder de Critic's Choice Movie Award en Annie Award yn 'e kategory bêste lange animaasjefilm. Ek wûn de film dat jieers de Britske BAFTA yn deselde kategory.

Rjochtsaak bewurkje seksje

Op 21 maart 2017 spande Esplanade Productions, it bedriuw fan senarioskriuwer Gary L. Goldman (dy't û.m. ferantwurdlik wie foar it skript fan Total Recall, út 1990, ûnder rezjy fan Paul Verhoeven), in rjochtsaak oan tsjin Disney oer ynbrek op auteursrjochten. Goldman hie nammentlik twaris (yn 2000 en 2009) mei in senario by Disney oan it suteljen west foar in live-actionfilm mei de titel Looney, oer in sosjaal ûnhandige animator dy't in tekenfilmsearje op 'e tillefyzje betinkt mei as namme Zootopia. Disney wiisde it senario beide kearen ôf, mar nei de premiêre fan 'e Disney-film Zootopia bewearde Goldman dat Disney syn namme, tema's, dekôr en personaazjekarakters stellen hie. Judy Hopps, Nick Wilde, kommissaris Bogo en de loaiert Flash, dy't by de Tsjinst Motorrydtugen yn Zootopia wurket, soene allegearre út Looney oernommen wêze. In wurdfierder fan Disney omskreau Goldman syn oanklacht as "grôtfol mei oerdúdlik falske beskuldigings". Rjochter Michael W. Fitzgerald die op 8 novimber 2017 útspraak dat der fan ynbrek op auteursrjochten gjin sprake wie. Yn it fûnis sei Fitzgerald: "[...] it besykjen fan Goldman om oerienkomsten tusken de plots fan Looney en Zootopia oan te wizen, wie forsearre. Alle saneamde likenissen tusken de beide wurken wiene tema's, net plotpunten of ferwikkelings, en dy wiene te algemien om beskerme te wurden troch de wetjouwing omtrint auteursrjochten."

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.