Zulu (film út 1964)

film út 1964 fan Cy Endfield

Zulu is in Britske histoaryske oarlochsfilm út 1964 ûnder rezjy fan Cy Endfield, mei yn 'e haadrollen Stanley Baker en Michael Caine en oan it begjin en de ein in voice-over troch Richard Burton. De film fertelt frij sekuer it ferhaal fan 'e histoaryske Slach by Rorke's Drift, dy't yn jannewaris 1879 útfochten waard yn wat no Súd-Afrika is. Dat treffen makke ûnderdiel út fan 'e Sûlû-Oarloch tusken it Britske Ryk en it Sûlû-keninkryk. Yn dy slach wist in Britsk garnizoen fan 154 man (wêrûnder 35 siken en ferwûnen) yn in fortifisearre missypost stân te hâlden tsjin in belegering troch likernôch 4.000 Sûlû-krigers. Zulu wie yn 'e 1960-er jierren opmerklik yn 'e sin dat de Sûlû's yn 'e film net ôfskildere wurde as ûnnoazele wylden, mar as in dissiplinearre legermacht dy't oanfierd wurdt troch strategysk ûnderleine haadlju. De film waard mei tige loovjende kritiken ûntfongen.

Zulu
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Cy Endfield
produsint Stanley Baker
Cy Endfield
útfierend
   produsint
Joseph E. Levine
senario John Prebble
Cy Endfield
kamerarezjy Stephen Dade
muzyk John Barry
filmstudio Diamond Films
distribúsje Paramount Pictures (rest f.d. wrâld)
Embassy Pictures (Fer. Steaten)
spilers
haadrollen Stanley Baker
Michael Caine
voice-over Richard Burton
byrollen Jack Hawkins
Ulla Jacobsson
Mangosuthu Buthelezi
James Booth
Nigel Green
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 22 jannewaris 1964
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske film, oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 139 minuten
budget en resultaten
budget £666.554
opbringst £3,1 miljoen

Plot bewurkje seksje

Begjin 1879 stjoert Lord Chelmsford, de Britske militêr befelhawwer yn 'e koloanje Natal (no de Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal) in kommunikee nei de Britske minister fan Oarloch yn Londen, wêryn't (mei in voice-over) de ferpletterjende nederlaach beskreaun wurdt dy't de Britske troepen op 22 jannewaris fan dat jier lit hawwe tsjin 'e Sûlû's yn 'e Slach by Isandlwana. Bylden litte sjen hoe't de Sûlû-krigers dêr neitiid oer it slachfjild doarmje en de gewearen en munysje fan 'e Britske soldaten gearfandelje. By in massale Sûlû-houliksseremoanje dêr't de Sweedske sindeling dû. Otto Witt en syn dochter Margareta tsjûge fan binne, ûntfangt de Sûlû-kening Cetshwayo ek berjocht oer dy grutte oerwinning op 'e Britten.

In kompanjy fan it 24e Rezjimint Fuotfolk fan it Britske Leger brûkt de missypost Rorke's Drift, op 'e grins fan Natal en Sûlûlân, as in befoarriedingsstasjon en fjildhospitaal. Hja hearre it nijs oer de Britske nederlaach fan luitenant Gert Adendorff, in Afrikaner ofsier fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint, dy't mei in diel fan syn mannen de Slach by Isandlwana oerlibbe hat. Dyselde warskôget boppedat dat der 4.000 Sûlû's dy kant út komme. Dêrop nimt luitenant John Chard fan 'e Royal Engineers, it sjenykorps fan it Britske Leger, it befel oer Rorke's Drift oer. De aristokratyske luitenant Gonville Bromhead, in ynfanteryman, is it min nei 't sin dat er ûnder in sjeny-ofsier tsjinje moat om't Chard krekt wat earder as hysels ta luitenant befoardere is.

Om't er wol foar it ferstân hat dat er mei de sike en ferwûne soldaten út it fjildhospitaal nea fluch genôch fuortkomme kin om oan 'e Sûlû's te ûntkommen, beslút Chard dat der neat oars op sit as de missypost te fortifisearjen en op fersterkings te hoopjen. Mei op 'e side kantele weinen, sekken stynske weet en kratten skipsbeskút wurdt in trochrinnende barrikade om 'e missypost hinne oanlein. De sindeling Witt bedrinkt him en wurdt in demoralisearjende faktor as er de soldaten begjint lestich te fallen mei foarsizzings oer hoe't se allegear oan har ein komme sille. Dat liedt derta dat de soldaten fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint útnaaie, hoewol't harren befelfierend ofsier, luitenant Adendorff, dy't in jierrenlange ûnderfining yn 'e omgong mei de Sûlû's hat, bliuwt en Chard en Bromhead advisearret oer de taktiken en bedoelings fan 'e fijân. Witt wurdt op oarder fan Chard opsletten yn in foarriekeamer.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst de impi's fan 'e Sûlû's neieroan komme, arrivearret der te Rorke's Drift in groepke Afrikaner kavaleristen ('Boeren'). Dy besykje Chard de ferdigening fan 'e missypost te ûntpraten, mei't dy nei harren miening hopeleas is. Se riede de Britten oan om har ynstee sa fluch mooglik út 'e fuotten te meitsjen. Chard wit lykwols dat it dêrfoar al fiersten te let is, en hy smeekt de Boeren suver om har by him en syn mannen te jaan. Dat is lykwols om 'e nocht, en de kavaleristen jouwe har ôf. As de Sûlû's by de missypost arrivearje, falle se daliks oan. De Britten iepenje it fjoer, mar Adendorff ynformearret Chard dat de fijân inkeld oan it beproevjen is oft der ek gatten yn 'e ferdigeningsliny sitte. Chard rekket dan yn noed om't er beseft dat de oanfal fan alle kanten tagelyk komme sil, en om't er eins net genôch manskippen hat om 'e hiele rûnte om 'e missypost hinne tagelyk te bemanjen. Dat de Britten mei harren eigen (op it slachfjild fan Isandlwana bútmakke) wapens ûnder fjoer nommen wurde, komt harren ek oer it mad, om't se in fijân ferwachte hiene dy't inkeld mei spearen bewapene wêze soe.

De hiele dei en de hiele nacht wurdt de iene bestoarming troch Sûlû-krigers nei de oare ôfslein, mei swiere ferliezen oan 'e kant fan 'e oanfallers. It slagget de Sûlû's op in stuit en set it dak fan it fjildhospitaal yn 'e brân, wat liedt ta fûleindige gefjochten tusken krigers en de Britske pasjinten dy't oan 'e flammen besykje te ûntkommen. Soldaat Henry Hook, dy't bekend stiet as in dief en in leffert, stiget dêrby boppe himsels út troch it befel oer de pasjinten te nimmen en lieding te jaan oan in súksesfolle útbraak út it brânende gebou.

De oare moarns komme de Sûlû's wer deun by de missypost en sjonge in oarlochsliet; de Britske soldaten reägearje troch Men of Harlech te sjongen. Der folget in lêste oanfal, wêrby't de wurge ferdigeners weromkrongen wurde nei in lytser bolwurk dat se oanlein hawwe fan sekken stynske weet. Dêr foarmje se in liny fan trije man djip, wêrnei't de trije rangen om bar in salvo ôffjurje yn 'e oanstoarmjende massa Sûlû-krigers, krekt sa lang oant dy belies jaan moatte en tebekwike. Nei in skoft fan trije oeren binne de ferdigeners noch oan it bekommen as de Sûlû's har fannijs opstelle. De soldaten berêste yn in nije oanfal, wêrby't se wierskynlik ûnder de foet rûn wurde sille, mar ta harren fernuvering docht bliken dat de Sûlû's in liet sjonge om 'e moed fan harren fijannen te earjen ear't se har weromlûke yn Sûlûlân.

De film einiget mei in twadde stikje voice-over, wêryn't alve Britske soldaten opsomme wurde dy't it Fiktoariakrús, de heechste Britske militêre ûnderskieding, krigen foar harren ynset yn 'e Slach by Rorke's Drift. Dat is it grutste oantal eksimplaren fan dy ûnderskieding dy't ea foar ien treffen oan 'e leden fan ien inkel rezjimint ferjûn is.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
voice-over Richard Burton
luitenant John Chard Stanley Baker
luitenant Gonville Bromhead Michael Caine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dûmny Otto Witt Jack Hawkins
Margareta Witt Ulla Jacobsson
kening Cetshwayo kaMpande fan Sûlûlân haadman Mangosuthu Buthelezi
soldaat Henry Hook James Booth
sersjant Frank Bourne Nigel Green
soldaat Owen Ivor Emmanuel
sersjant Robert Maxfield Paul Daneman
korporaal William Allen Glynn Edwards
soldaat Thomas Neil McCarthy
soldaat Frederick Hitch David Kernan
soldaat Cole Gary Bond
soldaat John Williams Peter Gill
legerdokter James Henry Reynolds Patrick Magee
soldaat William Jones Richard Davies
soldaat Robert Jones Denys Graham
korporaal Christian Ferdinand Schiess Dickie Owen
luitenant Gert Adendorff Gert van den Bergh
kommissaris James Langley Dalton Dennis Folbigge
Hughes Larry Taylor
legerkok Louis Byrne Kerry Jordan
sike soldaat Harvey Hall

Produksje bewurkje seksje

Zulu waard makke troch de Amerikaanske regisseur Cy Endfield, dy't fan oarsprong in senarioskriuwer wie. Yn 'e mande mei de Britske akteur Stanley Baker fersoarge er ek de produksje foar Diamond Films, wylst Joseph E. Levine útfierend produsint wie. It senario wie skreaun troch Endfield en skiedkundige John Prebble, op basis fan in histoarysk artikel fan Prebble. Stephen Dade tekene foar de kamerarezjy, en de muzyk wie fan John Barry. De haadrollen waarden spile troch produsint Stanley Baker en in jonge Michael Caine, foar wa't Zulu syn trochbraak betsjutte. Foar de voice-over waard akteur Richard Burton ynhierd. De rol fan Sûlû-kening Cetshwayo kaMpande waard spile troch de lettere Súdafrikaanske politikus Mangosuthu Buthelezi, dy't sels in pakesizzer fan Cetshwayo wie.

 
De set fan Zulu mei akteurs Michael Caine en Stanley Baker yn unifoarm.

Endfield krige it idee om Zulu te meitsjen nei't er it artikel fan Prebble lêzen hie. Nei oerlis mei Baker skreaune Endfield en Prebble tegearre in senario, dat Baker neitiid oan produsint Joseph E. Levine sjen liet wylst se yn Itaalje Sodom and Gomorrah (1962) oan it opnimmen wiene. Levine stimde deryn ta om 'e finansiering te regeljen, en Zulu waard in produksje fan Baker syn filmstudio Diamond Films. De opnamen waarden foar it meastepart dien op lokaasje yn Súd-Afrika, oan 'e igge fan 'e rivier de Tugela yn 'e Drakensbergen. (De wiere lokaasje fan 'e slach wie 100 km fierder noardwestlik, oan 'e Buffelriver, dêr't it folle minder bercheftich wie.) Ferskate bykommende opnamen waarden dien yn nasjonale parken yn kwaZulu-Natal en de sênes mei it brânende fjildhospitaal waarden draaid yn 'e Twickenham Film Studios yn Middlesex (Londen). De mearderheid fan 'e Sûlû's yn 'e film wiene echte Sûlû's, wêrfan't der 240 mei autobussen út harren heitelân nei de Drakensbergen ferfierd waarden. Nochris likernôch 1.000 Sûlû's wurken mei oan opnames dy't yn kwaZulu sels makke waarden troch in twadde filmploech.

Zulu waard troch produsint Stanley Baker ferlike mei in westernfilm, wêryn't de tradisjonele rollen fan 'e Amerikaanske kavalery en de Yndianen oernommen wiene troch de Britske ynfantery, resp. de Sûlû's. Regisseur Cy Endfield fertoande oan 'e Sûlû-figuranten sels in western om harren sjen te litten hoe't er woe dat se harren hâlde en drage soene. Der gie neitiid in geroft dat fanwegen de apartheidswetjouwing yn Súd-Afrika net ien fan 'e negroïde figuranten yn jild betelle wurde koe, en dat Endfield dêrom it fee dat foar de opnamen brûkt wie oan harren oerdroegen hawwe soe. Dat is net wier: alle Sûlû-figuranten waarden foar harren tsjinsten betelle yn Súdafrikaansk jild, dat omrekkene yn Britsk jild op 9 shillings deis kaam foar de 240 wichtichste figuranten, 8 shillings deis foar de bykommende manlike figuranten en "wat minder" foar de dûnseressen.

In probleem dat wol autentyk is, wie dat de makkers fan Zulu net genôch Martini-Henry-gewearen besette koene, en dat se dêrom foar in diel fan 'e Britske soldaten fermomde Enfield-gewearen brûke moasten. Oer it algemien is it sa dat yn sênes dy't fan 'e rjochterkant ôf opnommen binne, de soldaten tarist binne mei Martini-Henrys, wylst se, as de sêne fan 'e lofterkant ôf opnommen is, tarist binne mei Enfields (om't it ferskil fan dy kant ôf net sa opfoel). Zulu waard makke mei in budget fan £666.554. De film gie op 22 jannewaris 1964 yn it Londenske West End yn premiêre, persiis 85 jier nei de Slach by Rorke's Drift. De distribúsje fan Zulu waard oer de hiele wrâld dien troch Paramount Pictures, behalven yn 'e Feriene Steaten, dêr't Embassy Pictures de distributeur wie. Yn Súd-Afrika waard Zulu ferbean foar it swarte bioskooppublyk, mei't it apartheidsregear benaud wie dat de striid fan 'e Sûlû's tsjin 'e Britten de swarte befolking op it idee bringe soe om 'e wapens op te nimmen tsjin 'e blanken. Inkeld de Sûlû-figuranten dy't oan 'e produksje meiwurke hiene, mochten it resultaat fan harren wurk yn in pear besletten filmfertoanings besjen.

Historisiteit bewurkje seksje

De slach bewurkje seksje

De beskriuwing fan 'e Slach by Rorke's Drift, sa't dy yn Zulu ferfilme waard, is foar it meastepart ferrassend histoarysk korrekt. Ferrassend, om't films út 'e sechstiger jierren it faak net sa nau namen mei de ferbylding fan koloniale konflikten. Regisseur en senarioskriuwer Cy Endfield gie sels te rie by in Sûlû-histoarikus foar ynformaasje oer de slach út 'e orale tradysje fan 'e Sûlû's. Ek de portrettearring fan 'e Sûlû's wie foar dy tiid opmerklik, mei't se net weiset waarden as ûnnoazele wylden, mar as in dissiplinearre legermacht dy't oanfierd wurdt troch strategysk ûnderleine haadlju.

De ein fan 'e film doocht lykwols fan gjin kant. Der wie gjin oanfal troch de Sûlû's by it lemieren op 23 jannewaris 1879, en der wie alhiel gjin sjongwedstryd. Yn stee wiene der doe noch wat fersprate gefjochten mei de oerbleaune fijannen. Om likernôch 7.00 oere moarns ferskynde der ynienen in Sûlû-impi by it slachfjild, mar ek doe kaam der gjin oanfal, mei't de Sûlû's al seis dagen op mars west hiene, hûnderten ferwûnen by harren hiene en noch ferskate dagen trochmarsjearje moasten om befoarrieding en fersterkings te berikken.

Om 8.00 oere arrivearre de foarhoede fan 'e Britske ûntsettingsmacht ûnder Lord Chelmsford by de missypost. De lêste Sûlû's joegen har doe ôf, mar sûnder in farwol te sjongen foar harren 'eare' fijannen. De film lit ek fuort wat der neitiid barde, eat dat histoarikus John Newsinger yn 2006 yn syn boek The Blood Never Dried: A People's History of the British Empire beskreau as: "de neifolgjende ôfslachting fan hûnderten ferwûne Sûlû's, dy't deakneppele, deasketten en mei bajonetten deastutsen waarden, wylst guon ophongen en oaren libben begroeven waarden."

De Britten bewurkje seksje

Wat it Britske 24e Rezjimint Fuotfolk oanbelanget, giene de makkers fan 'e film de fout yn troch dat rezjimint oan te merken foar in Welske ienheid. Want hoewol't it Brecon, yn súdlik Wales, as thúsbasis hie, ûntjoech it him pas yn 1881, trije jier nei de Slach by Rorke's Drift, ta de saneamde South Wales Borderers. Under de soldaten dy't by Rorke's Drift fochten, wiene 49 Ingelsen, 32 Welsen, 16 Ieren, 1 Skot en 24 fan wa't de etnisiteit net mear krekt fêststeld wurde kin, wêrûnder 3 mannen dy't yn 'e koloanjes berne wiene. It liet Men of Harlech, dat de soldaten yn 'e film sjonge, wie doe noch net it rezjimintsliet, mar waard dat pas letter. Yn 1879 wie it rezjmintsliet noch The Warwickshire Lad. Boppedat is de sjongstriid tusken de Britske soldaten en de Sûlû's net histoarysk en hielendal troch de makkers fan 'e film út 'e tomme sûgd.

Fierders komme ferskate portrettearrings fan persoanen yn 'e film net oerien mei de wurklikheid, en yn guon gefallen is it ferskil frijwat pynlik. Sa wurdt de Sweedske sindeling Otto Witt yn 'e film ôfskildere as in pasifistyske mar ek leffe en alkoholistyske widner yn syn middeljierren mei in adolesinte dochter. Yn it echt wie de man 30 jier mei in frou, Elin, en twa bern dy't noch pjutten wiene. Hy wie ek alhiel gjin pasifist, noch in leffert, mar hie krekt nau mei it Britske Leger gearwurke om fan syn missypost in befoarriedingsstasjon te meitsjen. Hy stie te boek as foarstanner fan 'e Britske ferovering fan Sûlûlân en joech oan graach dielnommen te hawwen oan 'e ferdigening fan Rorke's Drift. Wat him dêrfan ôfbrocht, en him by it neieroankommen fan 'e Sûlû-legermacht in hynder sealje en fuortride liet, wie it idee dat syn frou en jonge bern, dy't earder al út Rorke's Drift evakuëarre wiene, by syn dea sûnder kostwinner efterbliuwe soene.

De Britske luitenants John Chard en Gonville Bromhead lykje yn Zulu frij akkuraat ôfbylde te wêzen, útsein it feit dat Chard net in pear moanne earder as Bromhead ta luitenant beneamd wie, sa't de film wol, mar trije folle jierren. Soldaat Henry Hook wurdt yn Zulu lykwols portrettearre as in skarlún en in leffert dy't spul efteroer drukt en sljocht is nei alkohol. Yn it echt wied er lykwols in treflik soldaat mei in brânskjinne reputaasje dy't himsels letter opwurke ta de rang fan sersjant. Hy wie ek in hielûnthâlder. Wylst er yn 'e film yn it fjildhospitaal omhinget as simulant en om't er ûnder arrest stiet foar ferskate fergripen, wied er dêr yn it echt pleatst om 'e pasjinten te ferdigenjen om't de ofsieren wisten dat se fan him op oan koene. De makkers fan 'e film feroaren syn persoanlikheid wittens en mienens om't se fûnen dat it ferhaal ferlet hie fan in antyheld dy't geandewei de foarfallen boppe himsels útstiget, mar omreden fan dy ûnhistoaryske portrettearring fan harren heit rûnen de dochters fan Hook lulk fuort by de premiêre fan Zulu en setten se neitiid útein mei in kampanje om Hook syn namme te suverjen fan wat se beskôgen as kwealaster.

 
Michael Caine yn 'e trailer fan Zulu.

Krektoarsom wie it mei William Allen, dy't yn 'e film ôfbylde wurdt as in modelsoldaat, wylst er yn it echt just in dronkelap wie, dy't om dy reden koart foar de slach yn rang weromset wie fan sersjant nei korporaal. Foar de rest komt legerpredikant George Smith yn 'e hiele film net foar, wylst er yn 'e Slach by Rorke's Drift krekt in wichtige rol spile. En sersjant Frank Bourne wurdt yn 'e film ôfbylde as in grutte, spiersterke, yn it sâlt bebiten feteraan yn syn middeljierren, wylst er yn it echt in spjochtich mantsje fan 24 jier wie, op dat stuit de jongste fan syn rang yn it hiele Britske Leger. Hy waard 'it Jonkje' (the Kid) neamd troch syn manskippen. Yn 'e film hat er fierders syn rangynsynjes op 'e ferkearde earm. (Hy wie trouwens ek de lêste oerlibbene fan 'e Slach by Rorke's Drift doe't er yn 1945 kaam te ferstjerren mei de rang fan kolonel.)

De Sûlû's bewurkje seksje

De oanfal op 'e missypost by Rorke's Drift waard net dien op befel fan kening Cetshwayo, sa't de film sugerearret. Krektoarsom, Cetshwayo, dy't besocht om in ymperialistyske ferovering fan syn keninkryk foar te kommen en útslutend focht om syn selsstannichheid te behâlden, hie syn krigers op it strangst ferbean om 'e grins mei de Britske koloanje Natal oer te stekken. De oanfal waard dien ûnder lieding fan prins Dabulamanzi kaMpande, in healbroer fan 'e kening, dy't Britske oerlibbenen fan 'e Slach by Isandlwana oer de Nataleeske grins hinne efterfolge en doe op eigen manneboet besleat om ôf te weven mei it Britske garnizoen te Rorke's Drift. Hoewol't de ferdigeners mear as 19.000 kûgels ôffjurren, sneuvelen minder as 400 Sûlû-krigers by Rorke's Drift. Nochris sa'n 300 waarden ferwûne efterlitten op it slachfjild doe't de Britske ûntsettingsmacht ûnder Lord Chelmsford arrivearre, mei't se net (fluch genôch) ferpleatst wurde koene. Troch de slachtpartij dy't de Britten neitiid ûnder dy Sûlû-ferwûnen oanrjochten, kaam it totale oantal Sûlû-deaden by Rorke's drift op goed 700 út.

Untfangst bewurkje seksje

Zulu krige by de premiêre yn 1964 oer it algemien ridlik positive resinsjes. Sa skreau Bosley Crowther yn The New York Times dat der "hiel wat opwining yn dizze robúste kipling-eske film" wie "as jo oer it oansjoch fan [...] bloed kinne en salang't jo it idee stevich yn gedachten hâlde kinne dat der wat heldhaftichs [...] wie oan 'e Britske koloniale ekspânsje yn 'e 19e iuw". It tydskrift Variety priizge it "yntelliginte senario" en de "hege standert fan aktearjen" fan 'e hiele cast. Yn The New Yorker skreau Whitney Balliett dat Zulu fan minne smaak tsjûge, mar dat de film "net inkeld alle klisjees fan it sjenre foar 't ljocht helle hat, mar se oppoetst hat ta in hege styl." The Monthly Film Bulletin omskreau Zulu as "in typysk modieuze oarlochsfilm, dy't plichtmjittich mei de mûle de sinleazens fan oarlochsgeweld beliidt mar it ûnderwilens útmelkt foar opwining."

De webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, jout Zulu in goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 21 ûnderskate filmkritiken. Tsjintwurdich binne resinsinten ferdield oer de fraach oft de film sjoen wurde moat as anty-ymperialistysk of as rasistysk.

Resultaat bewurkje seksje

Doe't Zulu yn 1964 útkaam, ûntjoech de film him ta ien fan 'e grutste Britske bioskoopsúksessen aller tiden en brocht er £3,1 miljoen op, oftewol in winst fan rom £2,4 miljoen. Ernest Archer waard foar syn wurk oan Zulu nominearre foar in BAFTA Award foar bêste (kleure-)art direction. De film draaide mar leafst tolve jier yn 'e Britske bioskopen, foar't er foar it earst op 'e tillefyzje te sjen wie. Neitiid waard er dêr om 'e pear jier werhelle. De film is oant hjoed de dei ta in favoryt fan it Britske tillefyzjepublyk. Yn in opinypeiling dy't yn 2017 troch it tydskrift Time Out holden waard ûnder 150 Britske akteurs, regisseurs, senarioskriuwers en filmprodusinten behelle Zulu it 93e plak yn 'e ranglist fan bêste Britske films ea. It tydskrift Total Film sette de film yn 2004 op it 37e plak yn in ranglist fan bêste Britske films aller tiden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.