Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Oktober
<< | Oktober | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | |
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
28 | 29 | 30 | 31 |
1 oktober
- 1867 - It earste part fan it Spoar fan Swol nei Ljouwert wurdt iepene.
- 1901 - It Dokkumer Lokaeltsje wurdt trochlutsen oant Mitselwier.
- 1903 - Doanjum krijt in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum.
- 1952 - Ferstoarn: Rely Jorritsma, Frysk dichter/skriuwer (* 1905).
- 1960 - Nigearia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1982 - Sony presintearret de earste cd-spiler fan'e wrâld.
- 2006 - Riemer van der Velde nimt ôfskie fan SK It Hearrenfean as foarsitter.
2 oktober
- 1799 - Stellingen fan in Ingelsk ynvaazjelegerke by Follegea wurdt troch Follegeasters ynnomd.
- 1866 - Berne: Anne de Koe, predikant en Tolstojaan (Kristlik anargist) († 1941).
- 1869 - Berne: Mahatma Gandhi, pasifist en Yndiaask politikus († 1948).
- 1895 - Berne: Bud Abbott, Amerikaansk komyk en akteur
- 1901 - de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij iepenet it twadde part fan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum: Ferwert - Mitselwier.
- 1935 - Itaalje falt Etioopje binnen.
- 1942 - Kamp Ybenheer by De Fochtel wurdt ûntromme
- 1951 - De earste Nederlânske telefyzjestjoerder Nederland 1 wurdt lansearre.
- 1967 - It earste reklamespotsje op de Nederlânske telefyzje wurdt útstjoerd.
3 oktober
- 1226 - Ferstoarn: Fransiskus fan Assisy, stichter fan de kleasteroarder fan de Franciskanen of Minderbruorren.
- 1467 - Berne: Karel fan Gelre († 1538).
- 1574 - De Spanjerts jouwe it belis fan Leien op, neidat it gebiet om de stêd op befel fan Willem fan Oranje ûnder wetter setten is.
- 1903 - Yn Rotterdam wurde de earste twa drûchdokken yn gebrûk nomd.
- 1939 - By de oanlis fan de Noardeastpolder wurdt de dyk fan De Lemmer nei Urk sletten.
- 1954 - De halte Stasjon Ljouwert Achter de Hoven wurdt wer iepene
- 2005 - Gedeeltlike sinnefertsjustering.
4 oktober
- 1669 - Ferstoarn: Rembrandt van Rijn, Nederlânsk skilder.
- 1830 - Belgje is befrijd fan de troepen fan Kening Willem I en ropt de ûnôfhinklikheid út. Oarspronklike Nasjonale Feestdei yn Belgje.
- 1853 - Turkije ferklearret de oarloch oan Ruslân.
- 1890 - Berne: Dwight D. Eisenhower, Amerikaansk generaal en president († 1969).
- 1895 - Berne: Buster Keaton, Amerikaansk filmakteur († 1966).
- 1911 - Berne: Bas Paauwe, Nederlânsk fuotballer
- 1986 - Keninginne Beatrix stelt de stoarmfloedkearing in de Easterskelde yn wurking, wêrmei't de Deltawurken foltôge binne.
- 1992 - In El Al Boeing 747 frachtfleantúch stoart del op in flatgebou yn de Amsterdamske wyk Bijlmermeer.
5 oktober
- 456 - By de Slach oan de Urbikus wurde de Sweben ferslein troch de Fisigoaten.
- 1589 - Slach om Sâltkamp
- 1884 - Berne: Ferdinand Bordewijk, Nederlânsk skriuwer († 1965).
- 1886 - Berne: Han Hollander, Nederlânsk sportferslachjouwer († 1943)
- 1936 - Berne: Václav Havel, Tsjechyske skriuwer en politikus.
- 1936 - Ferstoarn: J. Slauerhoff, Nederlânsk skriuwer
- 1943 - Berne: Steve Miller, Amerikaansk muzikant
- 2001 - Ferstoarn: Egbert van 't Oever, Nederlânsk riderscoach
6 oktober
- 877 - Ferstoarn: Karel de Keale, kening fan West-Frânsje
- 1559 - Willem de Rike.
- 1689 - Peter de Grutte wurdt autokraat yn Ruslân.
- 1770 - Berne: Sieds Johannes Rienks, boer en ynstrumintmakker.
- 1853 - Berne: Willem Cornelis de Groot, arsjitekt.
- 1953 - Berne: Klaas Bruinsma, Nederlânske drugsbaron (1991).
- 1962 - it stripwykblêd Pep ferskynt foar it earst.
- 2003 - Joop Bakker, boargemaster en letter minister en fise-premier.
7 oktober
- 1541 - Menso Alting, Nederlânske predikant en tsjerkeherfoarmer.
- 1849 - Ferstoarn: Edgar Allan Poe, Amerikaansk skriuwer (* 1809).
- 1900 - Berne: Heinrich Himmler, Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus
- 1914 - Berne: Jan Bearn Singelsma, earste FNP-steatelid († 2005).
- 1913 - Henry Ford yntrodusearret de rinnende bân.
- 1920 - op Teakesyl wurdt troch Keninginne Wilhelmina it Yr. D.F. Woudagemaal iepene.
- 1949 - East-Dútslân wurdt foarme.
- 2006 - Yn Moskou wurdt Anna Politkovskaja in Russysk sjoernaliste en minskerjochteaktiviste fermoarde.
- 2007 - Yn de wedstryd It Hearrenfean-Heracles Almelo (9-0) skoart Afonso Alves sân kear, in rekord yn de skiednis fan de earedifyzje.
- 2008 - Ferstoarn: Diet Huber, Fryske skriuwster en yllustratrise fan berneboeken
8 oktober
- 1247 - De Ryksstêd Nymwegen wurdt ûnderdiel fan it greefskip Gelre.
- 1573 - Alkmaars ûntset, de earste Nederlânske oerwinning yn de Tachtichjierrige Oarloch.
- 1657 - Berne: Wigerus Vitringa, advokaat en keunstskilder út de 17e iuw.
- 1797 - Berne: Eeltsje Hiddes Halbertsma, jongste fan de Bruorren Halbertsma, wie in skriuwer en dokter.
- 1933 - Sluting fan Stasjon Doanjum.
- 1958 - De Sweedske sirurch Ake Senning bringt de earste pacemaker yn.
- 1966 - Ferstoarn: Célestin Freinet, pedagooch.
- 1967 - Che Guevara wurdt yn Bolivia finzen nomd.
- 1982 - Yn Poalen wurdt it fakbûn Solidarność ferbean.
- 1992 - Ferstoarn: Willy Brandt, Dútsk bûnskânselier.
9 oktober
- 1390 - Ferstoarn: Johan I, Kening fan Kastylje falt fan it hynder (* 1358)
- 1436 - Ferstoarn: Jacoba fan Beieren stjert oan tuberkuloaze yn Sassenheim.
- 1799 - De Frânske fregat Lutine, bútmakke troch de Ingelsken, fergiet yn de nacht fan 9 op 10 oktober tusken Flylân en Skylge mei in lading goud en sulver foar Hamburch oan board.
- 1939 - De earste 22 joadske flechtlingen komme oan yn kamp Westerbork.
- 1943 - Ferstoarn: Pieter Zeeman (78), Nederlânsk natuerkundige
- 1958 - Oprjochting Aldheidkeamer Dantumadiel
- 2000 - Ferstoarn: Klaas Beuker, politikus
- 2008 - Ferstoarn: Pyt de Boer, hynsteman
10 oktober
- 1492 - Yn de slach by Barrahûs wurde de Skieringers ferslein troch de Grinzers.
- 1659 - Ferstoarn: Abel Tasman, Nederlânsk ûntdekkingsreizger (* 1603).
- 1825 - Berne: Paul Kruger, lieder fan de Súd-Afrikaanske Boeren en presidint fan Transfaal († 1904).
- 1861 - Berne: Fridtjof Nansen, Noarsk ûntdekkingsreizger († 1930).
- 1911 - Nei in mislearre rysrispinge makket in revolúsje in ein oan it Sinese keizerryk.
- 1913 - Iepening fan it Panamakanaal.
- 1947 - De Fryske dichter Obe Postma wint as earste de Gysbert Japicxpriis
11 oktober
- 1347 - Ferstoarn: Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk (* 1282).
- 1803 - Berne: Albartus Telting jurist en politikus.
- 1899 - Begjin fan de Boerekriich, fan Grut-Brittanje tsjin Transfaal en Oranje Frijsteat.
- 1946 - Berne: Rommert Metzlar, skoalmaster en koarlieder.
- 1963 - Ferstoarn: Edith Piaf, Frânsk sjongeres (* 1915).
- 1980 - De politike partijen KVP, ARP en CHU fusearje ta it CDA.
12 oktober
- 1492 - Kristoffel Kolumbus ûntdekt Amearika.
- 1606 - Ferstoarn: Bernhard fan Galen, biskop fan Münster en Dútsk kriichshear dy't twarres Nederlân binnenfoel
- 1654 - Ferstoarn: Carel Fabritius, Hollânske skilder en learling fan Rembrandt (* 1622)
- 1820 - Ferstoarn: Elias Annes Borger, Nederlânsk teolooch (* 1784).
- 1925 - Berne: Fons Jansen, Nederlânske kabaretier en skriuwer.
- 1993 - Ferstoarn: Pieter van der Brug, byldzjend keunstner.
13 oktober
- 54 - Klaudius, prinseps fan Rome sûnt 24 jannewaris 41, wurdt fergiftige troch syn frou Iulia Agrippina Minor.
- 1307 - Rûnom yn Jeropa wurdt de oarder fan de Timpeliers oprôle.
- 1889 - Berne: Anna Maria Catharina Buma, Ljouwerter dichteresse
- 1909 - Berne: Klaas Hanzen Heeroma. Nederlânsk dichter en taalkundige.
- 1923 - Berne: Faas Wilkes, Nederlânske beropsfuotballer († 2006).
- 1938 - Ferstoarn: Sjoerd Meines, Fryske folksdichter
- 1940 - Ferstoarn: Aart Aartsma, tusken 1900-1936 haadredakteur fan it Nieuwsblad voor Friesland, meast oantsjutten as De Hepkema.
14 oktober
- 1824 - Ferstoarn: Petrus Adrianus Bergsma, grytman fan Dantumadiel (1782), deputearre fan Fryslân, lid fan de Admiraliteit en dykgreve fan East-Dongeradielster Seediken.
- 1863 - Alfred Nobel krijt oktroai op nitroglyserine.
- 1885 - Cornelis Grilk, ûnderwizer, sjoernalist en skriuwer yn Ljouwert
- 1890 - Berne: Dwight D. Eisenhower, Amerikaansk generaal en politikus
- 1897 - De Fryske flagge wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân erkend, yn de ferzje dy't tekene wie troch Heerke Wenning,
- 1927 - Berne: Roger Moore, Brits akteur
- 1944 - Ferstoarn: Erwin Rommel, Dútsk fjildmaarskalk
- 1954 - Berne: Carla van der Heijde, keunstskilder en yllustratrise
- 1972 - Ferstoarn: Annie de Jong, atlete
- 2006 - Ferstoarn: Klaas Runia, grifformearde dûmny, teolooch en sjoernalist.
15 oktober
- 1815 - Napoleon Bonaparte begjint syn ferbanning op Sint-Helena yn de Atlantyske Oseaan.
- 1833 - Berne: Jelle Troelstra (politikus), politikus en heit fan Pieter Jelles Troelstra
- 1844 - Berne: Friedrich Nietzsche, Dútsk filosoof en filolooch ( 1900).
- 1917 - Ferstoarn: Mata Hari (* 1876), spionne en dûnseresse.
- 1990 - Sovjet lieder Mikhail Gorbatsjov krijt in Nobelpriis foar de Frede takend foar syn besykjen om de spanningen om de Kâlde Oarloch te ferminderjen en syn lân iepen te stellen.
- 2005 - Der komt in nije Nederlânske stavering út.
16 oktober
- 1430 - Berne: kening James II fan Skotlân. († 1460)
- 1830 - Berne: Sietse Smeding, skoalmaster en skriuwer
- 1846 - De earste sjirurgyske yngreep ûnder algemiene ferdôving. De Amerikaanse toskedokter W.T.G. Morton brûkte dêrfoar dyetyleter.
- 1886 - Berne: David Ben-Gurion, earste premier fan Israël
- 1908 - Berne: Bouke van der Sloot, etser en keunstskilder
- 1968 - Berne: Meindert Talma, popmuzikant en skriuwer.
- 1995 - Theunis Piersma wurdt as lid fan de FNP de boargemaster fan de gemeente Wûnseradiel.
- 1997 - Ferstoarn: Hugo Kingmans, publisist, sjoernalist en learaar
17 oktober
- 1626 - Berne: Willem van Haren, grytman fan It Bilt, rintmaster fan de domeinen, steatsman, diplomaat en kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer.
- 1754 - Berne: Hyltsje Hepkes van der Zee, adjunkt-maire (funksje út de tiid fan de Frânske besetting, fergelykber mei wethâlder) fan Tsjerkwert
- 1837 - Berne: Johan Æmilius Abraham van Panhuys, boargemaster en kommissaris fan de keninginne
- 1898 - Berne: Simon Vestdijk, skriuwer
- 1951 - Feedokter S.F. v.d. Burg stiet foar it kantongerjocht yn it Hearrenfean en winsket Frysk te praten. De oanlieding ta Kneppelfreed.
- 1976 - Ferstoarn: Douwe Mattheus Hoogeveen, klassikus en keunstskilder.
- 1979 - Mem Teresa kriget de Nobelpriis foar de Frede
18 oktober
- 1564 - Ferstoarn: Johannes Acronius Frisius, natuerkundige en wiskundige.
- 1685 - Loadewyk XIV werropt it Edikt fan Nantes, wêrnei't 50.000 Hugenoaten nei Nederlân flechtsje.
- 1784 - Berne: Francijntje de Boer, dichteresse
- 1922 - Berne: Jopie Huisman, skilder, foddeman en âldizerkeapman († 2000).
- 1931 - Ferstoarn: Thomas Edison, Amerikaansk útfiner (* 1847).
- 1950 - Berne: Koos Dalstra, skriuwer en byldjend keunstner.
- 1953 - Ferstoarn: Douwe Kalma, Fryske skriuwer (* 1896).
19 oktober
- 1507 - Berne: Viglius (Wigle) fan Aytta, op Barhûs ûnder Wurdum.
- 1609 - Ferstoarn: Jakobus Arminius, Nederlânsk predikant en godgelearde (* ±1559).
- 1873 - Berne: Jaap Eden, earste Nederlânske sportman dy't ynternasjonale triomfen fierde yn it reedriden en it hurdfytsen. († 1925 ).
- 1921 - Berne: Ritske Numan, ryksamtner en in bekende Fryke bas-bariton.
- 1951 - Fedde Schurer fergeliket yn syn haadartikel (yn de Hearrenfeanske Koerier) kantonrjochter Wolthers mei de Swarte Heap.
- 1988 - Ferstoarn: Son House, bluessjonger en gitarist. (* 1902).
- 2007 - Ferstoarn: Jan Wolkers, Nederlânsk skriuwer, kollumnist en keunstner.
20 oktober
- 1620 - Berne: Albert Cuyp, Nederlânsk skilder († 1691).
- 1880 - De Frije Universiteit Amsterdam wurdt oprjochte.
- 1910 - It ûnsinkbere skip Titanic wurdt yn Belfast te wetter litten.
- 1911 - Roald Amundsen begjint oan syn reis nei de Súdpoal.
- 1918 - Dútslân akseptearret de kondysjes fan de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson om de Earste Wrâldkriich te beëinigjen.
- 1948 - Op It Hearrenfean tjint de earste rjochtsaak fan it taalskeel dat yn 1951 ta Kneppelfreed laat.
- 1983 - Werdefininysje fan de meter; de nije definysje is "de ôfstân dy't it ljocht troch in fakuüm ôfleit yn sekonde".
21 oktober
- 1833 - Berne: Alfred Bernhard Nobel, Sweedsk skiekundige en yndustrieel († 1896).
- 1879 - Earste demonstraasje fan de gloeilampe troch Thomas Alva Edison.
- 1939 - Ferstoarn: Jacob Botke, biolooch.
- 1945 - Stimrjocht foar froulju: froulju meie foar de earste kear stimme yn Frankryk.
- 1949 - Berne: Benjamin Netanyahu, premier fan Israël.
- 1959 - Martin Bril, Nederlânske kollumnist, skriuwer en dichter.
- 1980 - Ferstoarn: Hans Asperger, Eastenrykske bernedokter dêr't it syndroam fan Asperger nei neamd is.
- 1995 - Ferstoarn: Haije Boersma, FRS-ynspekteur en steatelid.
22 oktober
- 741 - Ferstoarn: Karel Martel.
- 1751 - Ferstoarn: Willem IV fan Oranje-Nassau, Prins fan Oranje.
- 1822 - Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz (5 moanne), prins fan de Nederlannen
- 1870 - Berne: Pieter Albert Vincent baron van Harinxma thoe Slooten, Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.
- 1953 - Laos wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1964 - Jean-Paul Sartre krijt de Nobelpriis foar literatuer, mar hy wegert dizze.
- 1995 - Willy Claes nimt ûntslach as Sekretaris-Generaal fan de NAFO as gefolch fan de Agusta-Saak yn Belgje.
- 2009 - De Bosatlas van Fryslân wurdt útbrocht.
23 oktober
- 1789 - Berne: Joast Hiddes Halbertsma, dûmny, leksikograaf, skriuwer fan Rimen en Teltsjes en man fan de taalwittenskip.
- 1797 - Berne: Jan Jacob Rochussen, Nederlânsk politikus († 1871).
- 1843 - Folkert Harmens Kuipers, sakeman-filantroop en stifter fan Coopersburg. († 1904).
- 1952 - Tieke krijt de doarpsstatus en wurdt offisjeel De Tike
- 1956 - Yn Boedapest brekt de Hongaarske Opstân út.
- 1998 - Ferstoarn: Mary Servaes, Nederlânsk sjongster
24 oktober
- 1375 - Ferstoarn: Kening Waldemar IV fan Denemark
- 1523 - Ferstoarn: Juw Dekema, Fryske Skieringer haadling
- 1632 - Berne: Antoni van Leeuwenhoek, Nederlânske witenskipper te Delft.
- 1795 - Poalen wurdt ferdield tusken Eastenryk, Prusen en Ruslân.
- 1929 - Swarte Tongersdei: in beurskrach yn New York foarmet it begjin fan de Grutte Depresje.
- 1943 - Berne: Maarten van Rossem, Nederlânsk kultuerhistoarikus.
- 1945 - Oprjochting fan de Feriene Naasjes.
- 1956 - De Sowjetuny lûkt Hongarije yn.
25 oktober
- 1520 - Ferstoarn: Grutte Pier, Frysk frijheidsstrider
- 1749 - Berne: Johan Petrus van Hylckama, Frysk politikus.
- 1878 - Ferstoarn: Jan Ernst van Panhuys, politikus en Kommissaris fan de Keninginne
- 1881 - Berne: Anders Minnes Wijbenga, Frysk skriuwer en bestjoerslid Kristlik Frysk Selskip.
- 1907 - Ferstoarn: Hendrik Okma, jurist en politikus
- 1915 - Berne: Johan Jacob Spahr van der Hoek, sosjolooch, geakundige en publisist.
- 1945 - Berne: Berne: Hendrik ten Hoeve, sûnt 1974 PvdA-riedslid fan Ljouwert en wie oant 2004 fice-foarsitter fan de ried.
- 1945 - Berne: Sytse ten Hoeve, tsjerkekenner, histoarikus, geakundige en museumdirekteur.
- 1951 - Berne: Joop Alberda, Nederlânsk sportbestjoerder.
- 2001 - Microsoft bringt Windows XP út.
26 oktober
- 1466 - Berne:Desiderius Erasmus, ien van de earste humanisten.(† 1536)
- 1842 - Berne:Halbe Binnerts, Steatelid en Keamerlid.
- 1881 - Gefjocht by de O.K.-kraal, yn Tombstone, Cochise County, Arizona, Feriene Steaten.
- 1906 - Berne:Teartse van der Zee, heechlearaar Filosofy.
- 1925 - Berne:Jan Wolkers, Nederlânsk skriuwer, kollumnist, keunstner († 2007)
- 1968 - Berne:Nico Jan Hoogma, Fryske fuotballer
- 1970 - De earste ôflevering oer Bokwerd ferskynt yn de Ljouwerter Krante.
- 1974 - Berne:Renske Vellinga, Fryske reedrydster († 1994)
27 oktober
- 1303 - Ferstoarn: Beatrix fan Kastylje, prinses fan Kastylje en fan 1253 oant 1279 keninginne fan Portegal
- 1466 - Berne:Erasmus fan Rotterdam, Hollânske Humanist († 1536)
- 1485 - Ferstoarn:Rudolf Agricola, humanistysk gelearde.
- 1610 - Ferstoarn:Elardus Reinalda, klassikus.
- 1728 - Berne:James Cook, ûntdekkingsreizger, te Marton, Feriene Keninkryk.
- 1858 - Berne:Theodore Roosevelt, 26ste presidint fan de Feriene Steaten en winner fan de Nobelpriis foar de Frede († 1919).
- 1872 - Berne:Jan Jelles Hof, Frysk skriuwer en sjoernalist
- 1889 - Broedertrouw oprjochte, feriening fan lânarbeiders yn It Bilt.
- 1904 - Iepening fan de metro yn New York City.
28 oktober
- 312 - Keizer Konstantyn ferslaat Maksentius foargoed yn de Slach by de Milvyske Brêge en wurdt dêrmei akseptearre as keizer fan it westen.
- 1492 - Kristoffel Kolumbus komt oan op Kuba.
- 1520 - Ferstoarn: Grutte Pier, Fryske frijheidsstrider (* ±1480).
- 1886 - Yn New York wurdt it Frijheidsbyld ûntbleate.
- 1918 - Tsjechoslowakije wurdt ûnôfhinklik fan Eastenryk-Hongarije.
- 1940 - Berne: Riemer van der Velde, Nederlânsk ûndernimmer en sportbestjoerder fan Frysk komôf.
- 1945 - Twadde Wrâldkriich: Itaalje lukt Grikelân yn.
- 1955 - Berne: Bill Gates, Amerikaansk sakeman, grûnlizzer en mei-eigner fan Microsoft.
29 oktober
- 1651 - Christiaan Huygens skriuwt as earste yn de skiednis natuerkundige formules op. Dizzen joegen de krekte teory foar ympulsbehâld by botsingen, in ferbettering fan de botsingswetten fan Descartes.
- 1790 - Ferstoarn: Johan Toussaint, dûnslearaar en boargemaster fan Harns
- 1837 - Berne: Abraham Kuyper, Nederlânsk teolooch en politikus.
- 1864 - Ferstoarn: Maarten Douwes Teenstra, skriuwer en reizger.
- 1924 - Berne: Hotze Schuil, ferneamde Harnzer keatser († 2005).
- 1983 - Yn De Haach wurdt de grutste demonstraasje út de Nederlânske skiednis hâlden. Oan de demonstraasje tsjin it pleatsen fan krúsraketten yn Nederlân dogge ûngefear 550.000 minsken mei.
30 oktober
- 1735 - Berne: John Adams, twadde presidint fan de Feriene Steaten (†1826)
- 1790 - Berne: Ds. Rinse Posthumus fan Ternaard, dûmny en teolooch.
- 1821 - Berne: Fjodor Dostojevski, Russysk skriuwer († 1881)
- 1932 - Berne: Gerriet Postma, Fryske skilder.
- 1973 - By Istanbûl wurdt de brêge oer de Bosporus dy't Europa en Aazje ferbynt, iepene.
- 2007 - Ferstoarn: Teun Tolman, Aldeholtpea, folksfertsjintwurdiger.
31 oktober
- 1517 - Maarten Luther spikert syn 95 stellings oan de doar fan de slotkapel yn Wittenberg, wat sjoen wurdt as it begjin fan de Reformaasje
- 1902 - Foltôging fan de earste telegraafkabel troch de Stille Oseaan.
- 1632 - Berne: Johannes Vermeer, keunstskilder yn Delft.
- 1979 - Berne: Jan Jaap van der Wal, stand-up comedian/kabaretier
- 1984 - Ferstoarn: Indira Gandhi, Yndiaask premier, fermoarde troch liifwachten
- 2004 - Ferstoarn: Willem Augustin, reedrider en alvestêdeleginde (* 1923).